Permanente link
Naar de actuele versie van de regeling
https://lokaleregelgeving.overheid.nl/CVDR760515
Naar de door u bekeken versie
https://lokaleregelgeving.overheid.nl/CVDR760515/1
Regeling vervalt per 01-10-2026
Beslút fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân ta fêststelling fan in oanfraachperioade en subsydzjeplafond hearrende by de Subsidieregeling Frysk foar no en letter 2026
Geldend van 16-04-2026 t/m 30-09-2026
Intitulé
Beslút fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân ta fêststelling fan in oanfraachperioade en subsydzjeplafond hearrende by de Subsidieregeling Frysk foar no en letter 2026Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân,
mei it each op
- -
kêst 1.3, tredde lid fan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022 en
- -
kêst 4 fan de Subsidieregeling Frysk foar no en letter 2026
beslute fêst te stellen:
it Iepenstellingsbeslút Subsidieregeling Frysk foar no en letter 2026
Kêst 1 Oanfraachperioade
Oanfragen kinne mei yngong fan 22 april 2026 oant en mei 30 septimber 2026 yntsjinne wurde.
Kêst 2 Subsydzjeplafond
-
1. It subsydzjeplafond foar de Subsidieregeling Frysk foar no en letter 2026 bedraacht foar de oanfraachperioade neamd yn kêst 1: € 1.000.000,-.
-
2. It subsydzjeplafond wurdt yn de neikommende dielplafonds ûnderferdield:
Aktiviteit
Ferwizing subsydzjeregeling
Dielplafond
Frysktalich les- of lêsmateriaal oanskaffe
Kêst 2, lid 1
€ 200.000,-
Dielnimme oan aktiviteiten op it mêd fan kultuer- of erfgoededukaasje oer de Fryske taal en kultuer
Kêst 2, lid 2
€ 200.000,-
In oplieding of kursus op it mêd fan de Fryske taal en kultuer folgje
Kêst 2, lid 3
€ 50.000,-
Meartalich fuortset ûnderwiis neffens het konsept fan Taalryk oanbiede
Kêst 2, lid 4
€ 100.000,-
In plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis ûntwikkelje en yn it wurk sette
Kêst 2, lid 5
€ 450.000,-
-
3. De ferdieling fan de middels bart neffens kêst 11 fan de Subsidieregeling Frysk foar no en letter 2026.
-
4. Deputearre Steaten kinne nei ôfrin fan de oanfraachperioade de dielplafonds oanpasse, mits dêr gjin oanfregers mei beneidiele wurde.
Kêst 3 It yngean
Dit beslút giet yn mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal Blad dêr’t t yn pleatst wurdt.
Kêst 4 Siteartitel
Dit beslút wurdt oanhelle as: Openstellingsbesluit Subsidieregeling Frysk foar no en letter 2026.
Ondertekening
Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 7 april 2026,
Foarsitter drs. A.A. M. Brok
Sekretaris drs. ing. J.J. Algra
Ziet u een fout in deze regeling?
Bent u van mening dat de inhoud niet juist is? Neem dan contact op met de organisatie die de regelgeving heeft gepubliceerd. Deze organisatie is namelijk zelf verantwoordelijk voor de inhoud van de regelgeving. De naam van de organisatie ziet u bovenaan de regelgeving. De contactgegevens van de organisatie kunt u hier opzoeken: organisaties.overheid.nl.
Werkt de website of een link niet goed? Stuur dan een e-mail naar regelgeving@overheid.nl