Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2026

Geldend van 16-04-2026 t/m heden

Intitulé

Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2026

Deputearre Steaten fan Fryslân,

Mei it each op kêst 1.3, tredde lid, fan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022;

Oerwagende dat it yn it ramt fan it Taalplan Frysk 2030 te winskjen is om de posysje fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis troch subsydzje te befoarderjen, dat alle skoallen yn it primêr en fuortset ûnderwiis it op foldwaande nivo oanbiede neffens de kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026 en dat de posysje fan it Frysk ek yn oare ûnderwiissektoaren fuortsterke wurdt;

Beslute de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2026 as neikomt fêst te stellen:

Kêst 1 Begrypsbepalingen

Yn dizze regeling wurdt ferstien ûnder:

  • a.

    Asv: Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022;

  • b.

    Kolleezje: it kolleezje fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân;

  • c.

    Sertifisearre foarskoalske opfangfoarsjenning: lokaasje foar organisearre opfang foar bern yn de âldens fan 0 – 4 jier dy’t by Stichting Frysktalige Berne Opfang folslein sertifisearre is;

  • d.

    Hardware: apparatuer of meubilêr, lykas tafels, stuollen, kompjûters, digibuorden of tablets;

  • e.

    Skoaljier: perioade fan 1 augustus oant en mei 31 july dêrop folgjend, lykas beskreaun yn de Wet op het primair onderwijs;

  • f.

    Skoalle foar basisûnderwiis: skoalle foar ûnderwiis bestimd foar bern fan om-en-de-by 4 jier en âlder, lykas fêstlein yn de Wet op het primair onderwijs;

  • g.

    Skoalle foar beropsûnderwiis: skoalle foar beropsûnderwiis, lykas fêstlein yn de Wet educatie en beroepsonderwijs;

  • h.

    Skoalle foar heger ûnderwiis: in skoalle foar heger ûnderwiis, lykas bedoeld yn de Wet op het hoger onderwijs en wetenschappelijk onderzoek;

  • i.

    Skoalle foar spesjaal ûnderwiis: in skoalle foar spesjaal ûnderwiis, lykas bedoeld yn de Wet op de expertisecentra;

  • j.

    Skoalle foar fuortset ûnderwiis: in skoalle foar fuortset ûnderwiis, lykas bedoeld yn de Wet voortgezet onderwijs 2020;

  • k.

    Subsydzjeplafond: it bedrach dat yn in beskaat tiidrek op syn heechst beskikber is foar it jaan fan subsydzjes op grûn fan dizze regeling;

  • l.

    UAsv: Uitvoeringsregeling Asv provincie Fryslân 2022;

Kêst 2 Subsidiabele aktiviteiten

It kolleezje kin subsydzje jaan foar:

  • 1.

    It oanskaffen fan Frysktalich les- of lêsmateriaal.

  • 2.

    It meidwaan litten fan learlingen oan aktiviteiten op it mêd fan kultuer- of erfgoededukaasje oer de Fryske taal en kultuer yn de provinsje Fryslân.

  • 3.

    It folgjen fan in oplieding of kursus op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk foar it Frysk troch meiwurkers of wurknimmers fan de oanfreger.

  • 4.

    It oanbieden fan meartalich fuortset ûnderwiis neffens it konsept fan Taalryk.

  • 5.

    It ûntwikkeljen en yn it wurk setten fan in plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis.

Kêst 3 Oanfreger

  • 1. Subsydzje kin inkeld en allinne oanfrege wurde troch of út namme fan in yn de provinsje Fryslân fêstige

    • a.

      sertifisearre foarskoalske opfangfoarsjenning;

    • b.

      skoalle foar basisûnderwiis;

    • c.

      skoalle foar spesjaal ûnderwiis;

    • d.

      skoalle foar fuortset ûnderwiis;

    • e.

      skoalle foar beropsûnderwiis of in skoalle foar heger ûnderwiis.

  • 2. Yn oanfolling op it earste lid kin in subsydzje foar it ûntwikkeljen en yn it wurk setten fan in plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis, lykas bedoeld yn kêst 2, lid 5, ek troch in skoalbestjoer oanfrege wurde.

  • 3. Yn ôfwiking fan de eask fan in fêstigingslokaasje yn ‘e provinsje Fryslân, falle ek op de Fryske taal en kultuer rjochte opliedings oan de Rijksuniversiteit Groningen ûnder it earste lid, ûnderdiel e.

Kêst 4 Iepenstelling

  • 1. It kolleezje kin ien of meardere kearen yn it jier in iepenstellingsbeslút fêststelle foar it jaan fan subsydzjes op grûn fan dizze regeling.

  • 2. In iepenstellingsbeslút befettet yn alle gefallen in oanfraachperioade, in subsydzjeplafond en it neamen fan of it ferwizen nei de wize fan ferdieling.

Kêst 5 Subsidiabele kosten

  • 1. Foar subsydzje komme de kosten yn ‘e beneaming dy’t streekrjocht oan de subsidiabele aktiviteiten ta te rekkenjen binne en reedlikerwize foar de útfiering dêrfan nedich binne.

  • 2. Reiskosten foar it meidwaan fan learlingen oan aktiviteiten op it mêd fan kultuer- of erfgoededukaasje wurde beskôge as reedlikerwize nedich foar de útfiering fan de aktiviteit.

Kêst 6 Net-subsidiabele kosten

Yn oanfolling op kêst 2.4 fan de UAsv wurdt gjin subsydzje jûn foar:

  • 1.

    De oanskaf fan hardware;

  • 2.

    De kosten foar lisinsjes;

Kêst 7 Hifkingskritearia

Om foar in subsydzje yn ‘e beneaming te kommen, moat oan de neikommende kritearia foldien wurde:

  • 1.

    Foar de oanskaf fan les- of lêsmateriaal, lykas bedoeld yn kêst 2, lid 1, jildt dat

    • a.

      it materiaal yn it kalinderjier, dêr’t de oanfraach yn yntsjinne wurdt, oanskaft is;

    • b.

      it materiaal alhiel of foar in part yn it Frysk skreaun is.

  • 2.

    Foar it meidwaan oan aktiviteiten op it mêd fan kultuer- of erfgoededukaasje, lykas bedoeld yn kêst 2, lid 2, jildt dat

    • a.

      de aktiviteit derop rjochte is om learlingen yn ‘e kunde komme te litten mei it materiële en ymmateriële erfgoed fan Fryslân;

    • b.

      de aktiviteit yn groepsferbân yn de provinsje Fryslân bart;

    • c.

      de aktiviteit foar 1 augustus fan it jier folgjend op it kalinderjier dêr’t de oanfraach yn yntsjinne wurdt bart.

  • 3.

    Foar it folgjen fan in oplieding of kursus, lykas bedoeld yn kêst 2, lid 3, jildt dat

    • a.

      de skoallings- of opliedingsaktiviteit inkeld en allinne folge wurdt troch ien of meardere by de oanfreger wurkjende meiwurkers of wurknimmers;

    • b.

      de skoallings- of opliedingsaktiviteit troch in saakkundich dosint of in opliedingsynstitút fersoarge wurdt;

    • c.

      de aktiviteit syn beslach kriget nei’t de oanfraach yntsjinne is;

    • d.

      de skoallings- of opliedingsaktiviteiten uterlik 31 desimber 2029 ôfsletten binne.

  • 4.

    Foar it oanbieden fan meartalich fuortset ûnderwiis neffens it konsept fan Taalryk, lykas bedoeld yn kêst 2, lid 4, jildt dat:

    • a.

      de oanfreger lid wêze moat fan it netwurk Taalryk;

    • b.

      de aktiviteit foar 1 augustus fan it jier folgjend op it kalinderjier, dêr’t de oanfraach yn yntsjinne wurdt, syn beslach kriget.

  • 5.

    Foar it ûntwikkeljen en yn it wurk setten fan in plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis, lykas bedoeld yn kêst 2, lid 5, jildt dat:

    • a.

      út it aktiviteiteplan bliken dwaan moat op hokker wize de aktiviteiten in bydrage leverje en op hokker termyn útfiering fan it plan realisearre wurdt;

    • b.

      de aktiviteiten foar it ûntwikkeljen en yn it wurk setten fan it plan uterlik 31 desimber 2029 ôfsletten binne.

Kêst 8 Hichte fan it subsydzje

  • 1. Foar in aktiviteit, lykas fêststeld yn kêst 2, lid 1, bedraacht it subsydzje 100% fan de subsidiabele kosten oant in maksimum fan € 2.000,- de oanfraach.

  • 2. Foar in aktiviteit, lykas fêststeld yn kêst 2, lid 2, bedraacht it subsydzje € 15,- de learling, ynklusyf reiskosten oant in maksimum fan € 3.750,- de oanfraach.

  • 3. Foar in aktiviteit, lykas fêststeld yn kêst 2, lid 3, bedraacht it subsydzje 100% fan de subsidiabele kosten oant in maksimum fan € 5.000,- de oanfraach.

  • 4. Foar in aktiviteit, lykas fêststeld yn kêst 2, lid 4, bedraacht it subsydzje op syn heechst € 25.000,- de oanfraach foar in folslein skoaljier.

  • 5. Foar in aktiviteit, lykas fêststeld yn kêst 2, lid 5, bedraacht it subsydzje op syn heechst € 10.000,- de oanfraach.

  • 6. Foar alle aktiviteiten neamd yn dizze regeling jildt in minimaal subsydzjebedrach fan € 200,-.

Kêst 9 Oanfraach en oanfraachperioade

  • 1. Subsydzje kin oanfrege wurde yn de yn it iepenstellingsbeslút neamde oanfraachperioade.

  • 2. Yn ien oanfraachperioade kin de oanfreger op syn meast ien kear subsydzje ûntfongen wurde de type subsidiabele aktiviteit, lykas neamd yn kêst 2.

  • 3. In oanfraach foar subsydzje wurdt mei help fan in troch it kolleezje beskikber steld formulier yntsjinne, mei dêrby de dêryn neamde taheakken.

  • 4. By de oanfraach wurde yn alle gefallen de neikommende ynformaasje en stikken jûn:

    • a.

      In aktiviteiteplan, mei in oersjoch en omskriuwing fan de aktiviteiten dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt;

    • b.

      In begrutting mei in oersjoch fan de kosten en opbringsten fan de aktiviteiten dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt, foarsjoen fan in taljochting.

  • 5. Yn ôfwiking fan it fjirde lid, wurdt by in oanfraach foar:

    • a.

      de oanskaf fan Frysktalich les- of lêsmateriaal, lykas bedoeld yn kêst 2, lid 1, yn stee fan in begrutting in faktuer meistjoerd dêr’t it materiaal mei oanskaft is. Dy faktuer is in ferplichte taheakke.

    • b.

      aktiviteiten op it mêd fan kultuer- of erfgoededukaasje, lykas bedoeld yn kêst 2, lid 3, yn stee fan in begrutting in opjefte dien fan it tal learlingen en it tal groepen dat meidwaan sil. Dêrby wurdt ek neamd hokker groepen it om giet.

  • 6. By in oanfraach foar subsydzje foar it oanbieden fan meartalich fuortset ûnderwiis neffens it konsept fan Taalryk, as bedoeld yn kêst 2, lid 4, wike Deputearre Steaten, mei tapassing fan kêst 2.5, lid 4, UAsv, ôf fan kêst 2.5, lid 2, UAsv. Kêst 2.5, lid 2, is dêrom net fan tapassing op de oanfraach en de ynformaasje en stikken by de oanfraach.

Kêst 10 Oanfraachformulieren

Yn ôfwiking fan it foegestatút provinsje Fryslân 2018 wurdt oan de teammanager Subsydzjesaken mandaat ferliend ta it fêststellen fan it formulier, lykas neamd yn kêst 9, lid 3, fan dizze regeling.

Kêst 11 Ferdielsystematyk

  • 1. Oanfragen wurde behannele op folchoarder fan ûntfangst, wêrby’t de datum en de tiid, dat in oanfraach folslein is, jildt as it stuit fan ûntfangst.

  • 2. As in oanfraach oan alle kritearia foldocht en der gjin wegeringsgrûn is, wurdt it subsydzje jûn.

  • 3. Foar safier’t troch it jaan fan subsydzje foar oanfragen dy’t op deselde dei en tiid ynkommen binne, oer it subsydzjeplafond hinne gien wurdt, wurdt de oardering fan de oanfragen ûnderinoar troch lotsjen fêststeld.

Kêst 12 Wegeringsgrûnen

Mei behâld fan kêst 2.4 fan de Asv wurdt it subsydzje yn alle gefallen wegere as en foar safier’t:

  • 1.

    De oanfraach of de oanfreger net foldocht oan wat yn dizze subsydzjeregeling fêststeld is;

  • 2.

    De oanfraach bûten de yn kêst 4 bedoelde oanfraachperioade ynkommen is;

  • 3.

    Foar deselde aktiviteiten of in part dêrfan al in oare provinsjale subsydzje jûn is;

  • 4.

    De skoalle- of opfanglokaasje dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt yn de yn kêst 4 bedoelde oanfraachperioade al in subsydzje krige hat foar in aktiviteit dy’t ûnder deselde subsidiabele aktiviteit, lykas bedoeld yn kêst 2, falt.

  • 5.

    It subsydzje, dat jûn wurde kin, leger as € 200,- is.

Kêst 13 Ferplichtings

Mei behâld fan de ferplichtings yn paragraaf 2.4 fan de Asv en de UAsv, is de subsydzjeûntfanger ferplichte om:

  • 1.

    By in subsydzje foar it ûntwikkeljen en yn it wurk setten fan in plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis, lykas bedoeld yn kêst 2, lid 5, it plan uterlik 31 desimber 2029 yn it wurk setten te hawwen.

Kêst 14 Ferantwurding en fêststelling subsydzje les- of lêsmateriaal

Subsydzjes foar de oanskaf fan Frysktalich les- of lêsmateriaal, lykas bedoeld yn kêst 2, lid 1, wurde daliks troch it kolleezje fêststeld, sûnder foarôfgeande beskikking ta subsydzjeferliening.

Kêst 15 Ferantwurding en fêststelling subsydzje kultuer- of erfgoededukaasje

  • 1. Subsydzjes foar it meidwaan oan aktiviteiten op it mêd fan kultuer- of erfgoededukaasje, lykas bedoeld yn kêst 2, lid 2, wurde troch it kolleezje fan amtswegen fêststeld binnen 22 wike nei de datum dat de subsidiearre aktiviteiten útfierd wêze moatte.

  • 2. De subsydzjeûntfanger toant op in wize dy’t troch it kolleezje yn de subsydzjebeskikking oanjûn is oan, dat de groep learlingen oan de aktiviteit, dêr’t subsydzje foar ferliend is, meidien hat.

Kêst 16 Ferantwurding en fêststelling subsydzje oplieding of kursus

  • 1. Subsydzje foar it folgjen fan in oplieding of kursus, lykas bedoeld yn kêst 2, lid 3, wurde troch it kolleezje fan amtswegen fêststeld binnen 22 wike nei de datum dat de subsidiearre aktiviteiten útfierd wêze moatte.

  • 2. De subsydzjeûntfanger toant troch de wei fan in bewiis fan dielnimmen of in helle sertifikaat oan dat de subsidiearre aktiviteit realisearre is.

Kêst 17 Ferantwurding en fêststelling subsydzje Taalryk

  • 1. Subsydzjes foar it oanbieden fan meartalich fuortset ûnderwiis neffens it konsept fan Taalryk, lykas bedoeld yn kêst 2, lid 4, wurde troch it kolleezje fêststeld binnen 22 wike nei’t de subsydzjeûntfanger in fêststellingsoanfraach yntsjinne hat.

  • 2. De subsydzjeûntfanger tsjinnet binnen 13 wike nei de datum dat de subsidiearre aktiviteiten útfierd wêze moatte, of as dat earder is, binnen 13 wike nei’t de aktiviteiten feitlik útfierd binne in oanfraach ta fêststelling yn.

  • 3. By de yn it twadde lid bedoelde oanfraach wurde de neikommende dokuminten oerlein:

    • a.

      In aktiviteiteferslach, as bedoeld yn kêst 3.2, earste lid, Asv;

    • b.

      In finansjeel ferslach, as bedoeld yn kêst 3.4, earste lid, ûnderdiel b, Asv.

  • 4. De subsydzjeûntfanger is net ferplichte it finansjeel ferslach oan in ûndersyk fan in akkountant, as bedoeld yn kêst 3.5 Asv, te ûnderwerpen.

  • 5. It yn it tredde lid bedoelde aktiviteiteferslach en finansjele ferslach wurde op deselde wize rubrisearre as it aktiviteiteplan en de begrutting, dy’t by de oanfraach om subsydzje foege binne, en binne foarsjoen fan in taljochting op ôfwikings oangeande dat aktiviteiteplan en de begrutting.

  • 6. Yn ôfwiking fan kêst 9, lid 6, toant de subsydzjeûntfanger by de oanfraach ta subsydzjefêststelling de leankosten oan neffens kêst 2.5 UAsv.

  • 7. It kolleezje kin yn de beskikking ta subsydzjeferliening fêststelle dat de ferantwurding op basis fan in ferklearring oangeande werklike kosten en opbringsten as bedoeld yn kêst 3.3 Asv bart.

Kêst 18 Ferantwurding en fêststelling subsydzje Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis fuortsterkje

  • 1. Subsydzjes foar it ûntwikkeljen en yn it wurk setten fan in plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis, lykas bedoeld yn kêst 2, lid 5, wurde troch it kolleezje fêststeld binnen 22 wike nei’t de subsydzjeûntfanger in fêststellingsoanfraach yntsjinne hat.

  • 2. De subsydzjeûntfanger tsjinnet binnen 13 wike nei de datum dat de subsidiearre aktiviteiten útfierd wêze moatte, of as dat earder is, binnen 13 wike nei’t de aktiviteiten feitlik útfierd binne, in oanfraach ta fêststelling yn.

  • 3. By de yn it twadde lid bedoelde oanfraach wurdt it neikommende dokumint oerlein: in aktiviteiteferslach, dêr’t út bliken docht dat de aktiviteit dêr’t subsydzje foar jûn is neffens it beslút ta subsydzjeferliening útfierd is en dat oan de ferplichtings dy’t dêroan ferbûn binne foldien is.

  • 4. Yn ôfwiking fan it tredde lid, jildt dat as subsydzje foar de realisaasje fan Frysk as eineksamenfak oanfrege wurdt, de subsydzjeûntfanger troch de wei fan in programma fan Hifking en Ofsluting oantoant dat de subsidiearre aktiviteit realisearre is.

Kêst 19 It yngean

Dizze regeling giet yn mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal Blad dêr’t er yn stiet.

Kêst 20 Ynlûke en oergongsrjocht

  • 1. De Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter wurdt ynlutsen.

  • 2. De Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter bliuwt fan tapassing op subsydzjes dy’t op grûn fan dy regeling oanfrege en jûn binne.

Kêst 21 Siteartitel

Dizze regeling wurdt oanhelle as: Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2026.

Ondertekening

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 7 april 2026,

Foarsitter drs. A.A. M. Brok

Sekretaris drs. ing. J.J. Algra

Taljochting

De provinsje Fryslân hat as taak de Fryske taal en kultuer te beskermjen en te befoarderjen, ûnder oare yn it ûnderwiis. Yn dat ramt is Taalplan Frysk 2030 yn 2021 úteinset. Taalplan Frysk 2030 is in inisjatyf fan de provinsje Fryslân en de ûnderskate ûnderwiispartners om de kwaliteit en ynset fan it Frysk op skoallen yn de provinsje Fryslân te befoarderjen. Mei dizze subsydzjeregeling wurdt it oanbieden en yntegrearjen fan de Fryske taal en kultuer yn de foarskoalske opfanglokaasjes en it ûnderwiis stimulearre. De regeling is rjochte op it yn it wurk setten fan de Fryske taal en kultuer yn it kurrikulum op foarskoalske opfanglokaasjes en skoallen yn ‘e provinsje Fryslân. De provinsje Fryslân fynt it in goede saak om de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis troch subsydzje fuort te sterkjen, dat it op foldwaande nivo oanbean wurde kin. Dêrmei wol de provinsje skoallen yn it primêr en fuortset ûnderwiis stypje om oan de kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026 foldwaan te kinnen en tagelyk de posysje fan it Frysk yn oare ûnderwiissektoaren fuort te sterkjen.

Taljochting yn ‘e folchoarder fan ‘e kêsten

Kêst 2Subsidiabele aktiviteiten

Yn dizze subsydzjeregeling komme fiif ûnderskate aktiviteiten foar in subsydzje yn ‘e beneaming.

De earste subsidiabele aktiviteit is de oanskaf fan Frysktalich les- of lêsmateriaal, om’t aktueel materiaal needsaaklik is om learlingen ûnderwiis te jaan oer de Fryske taal en kultuer en it lêzen fan Frysktalige boeken te stimulearjen. It kolleezje wol mei dizze subsydzjeregeling yn bydrage leverje oan de kosten foar it oanskaffen fan dat materiaal.

Dêrnjonken is it meidwaan litten fan learlingen oan aktiviteiten op it mêd fan kultuer- of erfgoededukaasje oer de Fryske taal en kultuer yn de provinsje Fryslân in subsidiabele aktiviteit. It giet dan om it yn ‘e kunde kommen mei it materiële en ymmateriële erfgoed fan Fryslân. It idee is in leechdrompelige wize fan subsidiearjen, om’t wy tinke dat it meidwaan oan in aktiviteit op it mêd fan kultuer- of erfgoededukaasje oer de Fryske taal en kultuer in bydrage leveret oan kennis of bewustwurding fan de Fryske taal en kultuer.

Likefolle de omfang fan dy bydrage.

De tredde subsidiabele aktiviteit yn dizze regeling is it folgjen fan in oplieding of kursus troch ien of mear meiwurkers of wurknimmers fan de oanfreger op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk foar it Frysk. Mei dy aktiviteit wurdt in bydrage levere oan it fergrutsjen fan de kennis en kwaliteit fan it ûnderwiis op it mêd fan de Fryske taal en kultuer.

De aktiviteit foar it oanbieden fan meartalich fuortset ûnderwiis neffens it konsept fan Taalryk is yn dizze regeling subsidiabel, om’t it Taalryk-netwurk in dúdlike fisy op meartaligens yn ‘e praktyk bringt. Skoallen yn it fuortset ûnderwiis dy’t sertifisearre binne as Taalryk-skoalle wurkje op basis fan de kwaliteitsstandert foar meartalich fuortset ûnderwiis. Om oanhâldend oan dy standert foldwaan te kinnen freget dat fan dielnimmende skoallen in substansjele finansjele ynvestearring. Mei de subsydzjeregeling wol it kolleezje in bydrage oan dy kosten leverje.

De aktiviteit foar it ûntwikkeljen en yn it wurk setten fan in plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis is útdruklik net allinne rjochte op it skriuwen fan in plan, mar ek om dat plan yn it wurk te setten. Dêrby kin it bygelyks gean om it opsetten fan in eksamentrajekt Frysk, it ûntwikkeljen fan in skoaleigen kurrikulum, rjochte op it yn it wurk setten fan de kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026, it yntegrearjen fan Frysk en meartaligens yn in oplieding, of it oanstellen fan in boppe-skoalske koördinator foar it skriuwen fan plannen dy’t derta liede dat de Fryske taal en kultuer yn in skoalkoepel fuortsterke wurde. Ek it tawurkjen nei meartalich ûnderwiis, neffens 3TS of Taalryk, kin ûnder dy aktiviteit falle.

Kêst 6 Net-subsidiabele kosten

It kolleezje wol mei dizze subsydzjeregeling sa doelfêst mooglik subsidiearje. Om dy reden binne yn oanfolling op kêst 2.4 fan de UAsv de kosten foar de oanskaf fan hardware en de kosten foar lisinsjes fan subsydzje útsletten.

Kêst 7 Hifkingskritearia

Yn dit kêst binne de kritearia opnommen dêr’t oanfragen oan foldwaan moatte om foar in subsydzje yn ‘e beneaming te kommen.

By de oanskaf fan les- of lêsmateriaal wurdt yn dizze subsydzjeregeling allinne hifke oft it materiaal oanskaft is en oft it om Frysktalich materiaal giet. It kin nedich wêze dat materiaal foar in part yn in oare taal of meartalich skreaun is. Om dy reden foldocht ek materiaal dat foar in part yn it Frysk skreaun is oan dat kritearium, mits it materiaal as doel hat it fergrutsjen fan de kennis oer de Fryske taal en kultuer. Materiaal dat hielendal net yn it Frysk skreaun is draacht ûnfoldwaande by oan de doelstelling fan dizze regeling en komt om dy reden net foar in subsydzje yn ‘e beneaming.

Foar it meidwaan oan aktiviteiten op it mêd fan kultuer- of erfgoededukaasje binne skoallen frij yn de kar foar it type aktiviteit, salang’t de aktiviteit derop rjochte is om learlingen yn groepsferbân yn ‘e kunde komme te litten mei it materiële en ymmateriële erfgoed fan Fryslân. Meidwaan oan sa’n aktiviteit draacht by oan de realisaasje fan it doel om alle bern yn Fryslân de kâns te bieden om (oer) de Fryske taal en kultuer te learen en dy te brûken.

Foar it folgjen fan in oplieding of kursus wurdt hifke oft de oplieding of kursus troch in meiwurker of wurknimmer fan de oanfreger folge wurdt. Allinne opliedings of kursussen, jûn troch in saakkundich dosint of in opliedingsynstitút kinne foar in subsydzje yn ‘e beneaming komme. Fierder jildt dat de skoallings- of opliedingsaktiviteiten uterlik 31 desimber 2029 ôfsletten wêze moatte.

Foar it oanbieden fan meartalich fuortset ûnderwiis neffens it konsept fan Taalryk wurdt hifke oft de oanfreger lid is fan it netwurk Taalryk. Dat hifket it kolleezje by Cedin.

Foar it ûntwikkeljen en yn it wurk setten fan in plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis wurdt hifke oft it plan ek feitlik ta útfiering laat. Fierder jildt dat de aktiviteiten foar it ûntwikkeljen en yn it wurk setten fan it plan uterlik 31 desimber 2029 ôfsletten wêze moatte.

Kêst 8Hichte fan it subsydzje

Fanwegen kosten en doelmjittigens is derfoar keazen om net mear subsydzjes leger as € 200,- te jaan.

Kêst 9Oanfraach en oanfraachperioade

Om safolle mooglik oanfregers in kâns te jaan op subsydzje yn dizze subsydzjeregeling is it tal te ûntfangen subsydzjes yn ien oanfraachperioade begrinzge. In opfang- of skoallokaasje kin yn ien oanfraachperioade de type subsidiabele aktiviteit, lykas neamd yn kêst 2 fan de regeling, maksimaal ien kear subsydzje krije.

Kêst 13 Ferplichtings

As in subsydzje foar it ûntwikkeljen en yn it wurk setten fan in plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis jûn wurdt, dan jildt de ferplichting dat it uterlik 31 desimber 2029 realisearre wêze moat.

Kêst 14 Ferantwurding en fêststelling subsydzje les- of lêsmateriaal

Om’t de subsydzjes foar it oanskaffen fan Frysktalich les- of lêsmateriaal efternei jûn wurdt, wurde de subsydzjes daliks fêststeld, sûnder foarôfgeande beskikking ta subsydzjeferliening. In aparte ferantwurding is dêrmei oerstallich.

Kêst 15 Ferantwurding en fêststelling subsydzje kultuer- of erfgoededukaasje

By de subsydzjes foar it meidwaan oan aktiviteiten op it mêd fan kultuer- of erfgoededukaasje oer de Fryske taal en kultuer yn de provinsje Fryslân moatte subsydzjeûntfangers nei it meidwaan in melding dwaan dat de aktiviteit syn beslach krige hat en dêrby oanjaan hokker groepen oan de aktiviteit meidien hawwe. As gefolch fan dy melding wurdt it subsydzje fan amtswegen fêststeld.

Kêst 16 Ferantwurding en fêststelling subsydzje oplieding of kursus

Foar subsydzjes foar it folgjen fan in oplieding of kursus toane subsydzjeûntfangers troch in kopy fan in bewiis fan dielnimmen of in behelle sertifikaat oan dat de subsidiearre aktiviteit útfierd is. Nei ûntfangst fan dy kopy wurdt it subsydzje fan amtswegen fêststeld.

Kêst 17 Ferantwurding en fêststelling subsydzje Taalryk

Foar subsydzjes foar it oanbieden fan meartalich fuortset ûnderwiis neffens it konsept fan Taalryk tsjinnet de subsydzjeûntfanger in oanfraach ta subsydzjefêststelling yn. By dy oanfraach sit in aktiviteiteferslach en in finansjeel ferslach, neffens de systematyk fan de Asv. Yn ôfwiking fan de haadregel is in akkountantsferklearring net in eask. It aktiviteiteferslach en it finansjeel ferslach slute oan by it aktiviteiteplan en de begrutting dy’t by de oanfraach om subsydzje yntsjinne binne. Mooglike ôfwikings wurde taljochte.

Yn kêst 9, seisde lid, is fêstlein dat by de oanfraach ta subsydzjeferliening ôfwykt wurdt fan kêst 2.5, twadde lid, fan de UAsv. Dat betsjut dat by de oanfraach noch gjin berekkening fan it oeretaryf foar leankosten oerlein hoecht te wurden. By de fêststelling fan it subsydzje moat de subsydzjeûntfanger de leankosten lykwols wol neffens kêst 2.5 fan de UAsv ûnderbouwe. Dat hâldt yn dat ynsjoch jûn wurdt yn de hantearre oeretariven en it tal oan de aktiviteiten bestege oeren. Sa wurdt de administrative lêst by de oanfraach beheind, wylst by de fêststelling genôch kontrôle mooglik bliuwt.

Kêst 18 Ferantwurding en fêststelling subsydzje Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis fuortsterkje

Subsydzjes foar it ûntwikkeljen en yn it wurk setten fan in plan foar it fuortsterkjen fan de Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiis moatte ynhâldlik ferantwurde wurde. In finansjele ferantwurding is net nedich. As in programma fan Hifking en Oergong beskikber is, dan kin dat programma tsjinje as ferantwurdingsdokumint. As subsydzje ferliend is foar de realisaasje fan Frysk as eineksamenfak, dan toant de subsydzjeûntfanger troch de wei fan in programma fan Hifking en Ofsluting oan dat de subsidiearre aktiviteit realisearre is.