Beliedsplan Fryske taal by Wetterskip Fryslân 2025-2029

Geldend van 21-03-2026 t/m heden

Intitulé

Beliedsplan Fryske taal by Wetterskip Fryslân 2025-2029

Het algemeen van Wetterskip Fryslân,

gelezen het voorstel van het dagelijks bestuur van 8 juli 2025;

overwegende dat,

het gewenst is om een beleidsregel[s] vast te stellen omtrent het versterken van het gebruik en de positie van de Friese taal omdat de Wet gebruik Friese taal dit voorschrijft;

gelet op artikel 5, eerste en tweede lid van de Wet gebruik Friese taal;

gelet op artikel 6 van de Feroardering Frysk by Wetterskip Fryslân;

BESLUIT

vast te stellen de volgende beleidsregel[s]:

Beliedsplan Fryske taal by Wetterskip Fryslan 2025-2029

1. Ynlieding & gearfetting

De Fryske taal hat in natuerlik plak binnen Wetterskip Fryslân. Wy binne in twatalige organisaasje dy’t wurket yn in gebiet dat ek foar it grutste part twatalich is. In romme mearderheid fan de ynwenners fan de provinsje Fryslân brûkt it Frysk alle dagen.

Binnen it wetterskip wurdt it Frysk benammen yn it sprutsen ferkear omraak brûkt, yn eigen hûs en yn it kontakt mei ynwenners. Yn it skriftlike ferkear is de hâlding tsjinoer de taal frijwat suniger. Op de webside, yn parseberjochten, yn bestjoerlike stikken en yn oare publikaasjes wurdt it Frysk komselden brûkt.

It brûken en fersterkjen fan de taal is foar Wetterskip Fryslân gjin frijbliuwende saak. As oerheidsorganisaasje yn Fryslân hat it wetterskip him te hâlden oan in ferdrach en in hânfest fan de Europeeske Uny en in lanlike Wet gebrûk Fryske taal (WgFt). It wetterskip is ek linkt oan in bestjoersôfspraak en in Taalnota fan de provinsje.

Yn 2020 binne stappen setten om de posysje fan it Frysk te fersterkjen en dêrmei te foldwaan oan wat de WgFt foarskriuwt. De eigen Feroardering Frysk waard útwreide en der kaam in earste Beliedsplan Fryske taal, foar de perioade fan 2020 oant en mei 2024. Dat is no oan in ferfolch ta. Dit twadde beliedsplan is in fuortsetting fan itjinge dat yn 2020 yn gong setten is. Yn dit plan wurdt beskreaun wat it wetlike ramt is dêr’t Wetterskip Fryslân him oan te hâlden hat. Fierder sjocht it werom op de maatregels dy’t earder nommen binne. Hjirút wurde konklúzjes lutsen foar in ferfolch. Der wurde sân ferfolchmaatregels foarslein dy’t der foar soargje moatte dat it Frysk faker en better sichtber is, sadat elk him frij en útnûge fielt om de taal sels ek te brûken. We jouwe it Frysk in promininter plak op de webside en op buorden, by de entree fan it kantoar en ek yn bestjoersstikken en parseberjochten. Stribjen is ek om de ferskate taalkursussen mear omtinken te jaan en better oan te heakjen by taaloerlizzen fan de provinsje.

Inleiding & samenvatting

De Friese taal heeft een natuurlijke positie binnen Wetterskip Fryslân. Wij zijn een tweetalige organisatie die werkt in een gebied dat ook grotendeels tweetalig is. Een ruime meerderheid van de inwoners van de provincie Fryslân gebruikt het Fries dagelijks.

Binnen het Wetterskip wordt het Fries vooral in het gesproken verkeer flink gebruikt, in eigen huis en in het contact met inwoners. In het schriftelijke verkeer is de houding tegenover de taal een stuk zuiniger. Op de website, in persberichten, in bestuurlijke stukken en in andere publicaties wordt het Fries zelden gebruikt.

Het gebruik en versterken van de taal is voor Wetterskip Fryslân geen vrijblijvende zaak. Als overheidsorganisatie in Fryslân heeft het waterschap zich te houden aan een verdrag en een handvest van de Europese Unie en een landelijke Wet gebrûk Fryske taal (WgFt). Het Wetterskip is ook gelinkt aan een bestuursafspraak en een Taalnota van de provincie.

In 2020 zijn stappen gezet om de positie van het Fries te versterken en daarmee te voldoen aan wat de WgFt voorschrijft. De eigen Feroardering Frysk werd uitgebreid en er kwam een eerste Beliedsplan Fryske taal, voor de periode van 2020 tot en met 2024. Dat is nu aan een vervolg toe.

Dit tweede beleidsplan is een voortzetting van hetgeen in 2020 in gang is gezet. In dit plan wordt beschreven wat het wettelijke kader is waaraan Wetterskip Fryslân zich heeft te houden. Verder kijkt het terug op de maatregelen die eerder zijn genomen. Hieruit worden conclusies getrokken voor een vervolg.

Er worden zeven vervolgmaatregelen voorgesteld die er voor moeten zorgen dat het Fries vaker en beter zichtbaar is, zodat iedereen zich vrij en uitgenodigd voelt om de taal zelf ook te gebruiken. We geven het Fries een prominentere plek op de website en op borden, bij de entree van het kantoor en ook in bestuursstukken en persberichten. Streven is ook om de verschillende taalcursussen meer aandacht te geven en beter aan te haken bij taaloverleggen van de provincie.

2. Wetlik ramt

Wetterskip Fryslân kin as Fryske oerheid it Frysk net negearje. Wy ha in wetlike taak en binne bûn oan ynternasjonale, nasjonale en provinsjale wetten en ôfspraken. Wat betsjutte dizze spulregels foar it wetterskip?

Europa

Nederlân hat as lid fan de Rie fan Europa it Kaderferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden ratifisearre. Ek is it Europeeske Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden troch Nederlân ûnderskreaun. Yn it Hânfêst is fêstlein dat de dielnimmende lannen wurkje oan in takomst dy’t ‘geunstich’ is foar talen. It Hânfêst jout hânfetten foar it beskermjen en befoarderjen fan minderheidstalen yn it deistige libben. Fan de lidsteaten wurdt frege soarch te dragen foar ûnderwiis yn de regionale of minderheidstaal, foar foarsjenningen yn de media, mar ek foar foarsjenningen yn it iepenbier bestjoer.

Nederlân

Yn Nederlân is de Fryske taal yn 1970 offisjeel erkend en fan dat momint ôf binne der ferskate wetten ôfkundige en ôfspraken makke om de posysje fan it Frysk te boargjen.

Foar Wetterskip Fryslân binne yn dit ferbân fan belang de Wet gebrûk Fryske taal (WgFt) út 2013 en de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) dy’t periodyk fernijd wurdt. De jongste ferzje is út 2024.

It útgongspunt fan de WgFt is it waarboargjen fan de likense posysje fan it Frysk en it Nederlânsk. Mei dizze wet is it Orgaan foar de Fryske Taal yn it libben roppen. Dit orgaan hat taken ta oansjen fan de beskerming en befoardering fan de Fryske Taal en rapportearret oer hoe’t de Fryske bestjoersorganen mei de wet omgeane.

Foar Wetterskip Fryslân is haadstik 2 fan de WgFt fan belang. Dit haadstik giet oer it gebrûk fan de Fryske taal yn it bestjoerlik ferkear en de rjochten en plichten dy’t oer en wer jilde foar boarger en oerheid. Yn de WgFt steane 6 artikels dy’t reitsje oan it wurk fan it wetterskip.

  • Artikel 3 regelet dat elkenien de Fryske taal brûke kin yn it ferkear mei bestjoersorganen dy’t yn Fryslân funksjonearje. Dat jildt ek foar de omgong mei de ûnder de ferantwurdlikheid fan sa’n bestjoersorgaan wurkjende persoanen.

  • Artikel 4 regelet - komplemintêr oan artikel 3 - dat bestjoersorganen en de ûnder har ferantwurdlikheid wurkjende persoanen harren binnen de provinsje Fryslân fan de Fryske taal betsjinje meie.

  • Artikel 5 skriuwt foar dat yn Fryslân fêstige bestjoersorganen regels opstelle moatte oer it gebrûk fan de Fryske taal yn it skriftlik en mûnling ferkear mei bepalings dy’t rjochte binne op it fersterkjen fan de posysje fan de taal. Wetterskip Fryslân hat yn 2010 syn ‘Oardering foar it gebrûk fan de Fryske taal yn it skriftlike ferkear’ fêststeld. Dizze is yn 2020 oanfolle mei in bepaling oer it mûnling ferkear. Yn Artikel 5 stiet ek dat bestjoersorganen soargje moatte foar in beliedsplan oangeande it gebrûk fan de Fryske taal. It earste beliedsplan is yn 2020 fêststeld. Dit beliedsplan is it ferfolch hjirop.

  • Artikel 7 beskriuwt yn hokker gefallen in yn it Frysk steld stik yn it Nederlânsk oerset wurde moat.

  • Artikel 8 jout regels oer it op fersyk oersetten fan yn it Frysk stelde stikken. Dit hat oan no ta net fan tapassing west, om't it yn dit ynterprovinsjale wetterskip net gebrûklik is dat in dokumint útslutend yn it Frysk opsteld is. Dit beliedsplan foarmet in útsûndering.

  • Artikel 9 giet oer it gebrûk fan it Frysk yn fertsjintwurdigjende organen, lykas it algemien bestjoer. It artikel regelet dat it gebrûk fan it Frysk tastien is en dat de notulearring yn it Frysk plak fine moat. Dizze bepaling is ûnderwilens ynhelle troch de technyk, no’t der fan de gearkomsten byld- en lûdopnamen makke wurde dy’t nei ôfrin ûndertiteling krije.

Op grûn fan artikel 2a fan de WgFt slute Ryk en provinsje periodyk in Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) om harren mienskiplike ferantwurdlikheid foar de Fryske taal en kultuer fêst te lizzen. Yn april 2024 is in nije BFTK fêstlein.

Dizze bestjoersôfspraak tusken provinsje en Ryk draait om 6 tema’s: Sichtberens, Digitalisearring, Underwiis en ûndersyk, Taaloerdracht en Desintraal taalbelied.

Benammen it earste en it lêste tema ha reitsflakken mei it wurk fan Wetterskip Fryslân. By Sichtberens giet it om in lykweardige posysje fan it Frysk yn de iepenbiere romte. By it Desintraal Taalbelied giet it om it rjocht fan elk om yn it Frysk te kommunisearjen mei de oerheid.

Provinsje

De provinsje Fryslân hat omtrint de Fryske taal en kultuer in eigen rol en ferantwurdlikheid. De provinsje makket ôfspraken mei it Ryk en soarget der fia it Bestjoerlik Oerlis Mei-inoar foar it Frysk foar dat oare Fryske oerheden hjir yn meinommen wurde. Ut namme fan Wetterskip Fryslân skoot de portefúljehâlder Frysk oan by dizze bestjoerlike oerlizzen. Yn it amtlik oerlis wie it wetterskip earder net fertsjintwurdige.

It provinsjale taalbelied is yn maaie 2024 foar de perioade 2025-2029 fêstlein yn de Taalnota Fansels Frysk. Dizze Taalnota bestrykt seis terreinen: Frysk Thús, Frysk yn it ûnderwiis, Frysk op it wurk, Frysk yn de frije tiid, Frysk yn de iepenbiere romte en Frysk by de oerheid. Hoewol’t Wetterskip Fryslân yn dizze Taalnota mar ien kear by namme neamd wurdt, kin fan trije tema’s sein wurde dat dy ek oan it wurk fan Wetterskip Fryslân reitsje.

  • Frysk op it wurk. As it giet om Frysk op it wurk lykje wy no al te foldwaan oan it sketste byld foar 2051: ‘It Frysk is fanselssprekkend, sichtber en hat in fêst plak yn de bedriuwsfiering fan bedriuwen yn Fryslân. Friezen fiele harren frij om it Frysk op it wurk te brûken, sawol yn in ynformele as formele setting.’

  • Frysk yn de iepenbiere romte. Dit tema giet oer it fergrutsjen fan de posysje fan it Frysk yn de iepenbiere romte. Oan dizze spearpunt wol de provinsje in soad omtinken jaan: ‘Foar in fanselssprekkend plak fan it Frysk yn de maatskippij is it fan belang dat ynwenners fan Fryslân yn it deistich libben op ferskate manieren yn oanrekking komme mei it Frysk. Dat betsjut dat it Frysk net allinnich sichtber wêze moat op de plakken dêr’t it ferwachte wurdt, mar krekt ek op plakken dêr’t in breed publyk komt en it Frysk (noch) net faak brûkt wurdt.’ Ûnderdiel hjirfan is it foarnimmen om yn de provinsje meartalige ferkearsbuorden yn te fieren.

  • Frysk by de oerheid. As it giet om Frysk by de oerheid stribbet de provinsje nei it folgjende takomstbyld: ‘Yn 2051 is alle kommunikaasje fan en mei (oerheids)ynstânsjes yn it Fryske taalgebiet twatalich. Ynwenners fan Fryslân witte dat se yn kontakt mei de oerheid, rjochtbank en yn de soarch it Frysk brûke meie en kinne.’ De provinsje trunet oare oerheden oan om it Frysk út te dragen en jout finansjele stipe oan gemeenten foar it oanstellen fan meartaligenskoördinatoren.

3. Frysk by Wetterskip Fryslân

Wa’t wend is Frysk te sprekken, hoecht him by Wetterskip Fryslân net te ferbrekken. Dat is de praktyk en sa is dat ek fêstlein yn in beliedsplan en in feroardering. Wat hat dat sûnt 2020 opsmiten?

Op de wurkflier fine in protte deistige petearen en oerlizzen tusken kollega’s plak yn it Frysk. As der minsken by binne dy’t it Frysk net machtich binne, wurdt der omraak skeakele tusken beide rykstalen. Foar de petearen yn it fjild tusken meiwurkers en boargers en boeren jildt eins itselde. De measten rêde har mei it Frysk en oars is it Nederlânsk altyd beskikber as mienskiplik alternatyf. Yn de bestjoersseal is it net oars. Rûchwei twa tredde fan de leden fan it algemien bestjoer is gewoan him yn it Frysk te uterjen. Ek de Nederlânsksprekkenden fersteane dat en leverje har ynbring yn de eigen foarkarstaal.

Yn it kontakt mei minsken dy’t oan de baly komme of belje, wurdt it Frysk oanbean as dúdlike opsje.

Beliedsplan 2020-2024

De omgong mei it Frysk by Wetterskip Fryslân krige yn 2020 in triuwke yn ’e rêch mei de fêststelling fan it Beliedsplan de Fryske Taal by Wetterskip Fryslân 2020-2024 yn oktober en in oanpaste Feroardering Frysk yn novimber. Yn it beliedsplan stie in stikmannich maatregels om de posysje fan it Frysk yn it ferkear tusken wetterskip en publyk te fersterkjen. Dy binne útfierd.

It gie om de folgjende saken:

  • De telefoan by Wetterskip Fryslân wurdt yn it Frysk opnommen.

  • By de yngong / publyksbaly fan it wetterskipsgebou is dúdlik oanjûn dat der Frysk praten wurde kin.

  • Alle jierren krije de amtners de kâns in passende kursus Frysk te folgjen.

  • De feroardering Frysk yn it skriftlik ferkear is útwreide mei in artikel oer it ‘mûnling ferkear’.

  • Der is in lytse wurkgroep Frysk ynsteld dy’t in passend tal kearen yn it jier oandacht jout oan it Frysk by Wetterskip Fryslân.

Lêstneamde wurkgroep is yn 2020 oprjochte en bestiet yn 2025 út 5 minsken, dy’t alle 6 wiken by inoar komme. Fan dizze wurkgroep waard it neifolgjende frege: ‘De wurkgroep moat jierliks in tal ideeën betinke en útfiere wêrtroch (it brûken fan it) Frysk by Wetterskip Fryslân (en ek it Woudagemaal) fersterke wurdt. Derby moat tocht wurde oan kreative aksjes dy’t it Frysk ûnder de oandacht bringe sûnder dat se in slompe jild kostje.’ De wurkgroep hat sûnt dy tiid ferskate saken yn gong setten, mei kursussen, boeken en komplimintekaarten oant gedichten yn it Woudagemaal en fergadersealen. Hjiryn is gearwurke mei de Afûk.

Evaluaasje 2020-2024

Yn it foarjier fan 2025 is in ynterne evaluaasje makke fan de útwurking fan it beliedsplan. Dy makket dúdlik dat it wetterskip foldocht oan syn wetlike taken, mar ek dat der hjir en dêr bêst noch in skepke boppe-op kin. De oanbefellings dy’t hjirfoar dien waarden, binne yn dit beliedsplan neier útwurke.

Yn de evaluaasje binne de folgjende fragen beäntwurde:

  • Hoe wurket it taalbelied oan telefoan en baly út?

  • De taaloanpak fan it klantekontaktsintrum (KCC) – de telefoan opnimme yn it Frysk en besikers oan de baly yn it Frysk ferwolkomje– wurket posityf út en ropt alhiel gjin wjerstân op. Takomstige plannen foar in oantreklikere entree en resepsje, biede in kâns om noch wat promininter omtinken te jaan oan de mooglikheid om Frysk te praten.

  • Hoe giet it mei it Frysk op de webside?

  • Op de webside fan Wetterskip Fryslân hat it Frysk in beskieden plak. De earste oansprektaal is dúdlik it Nederlânsk. Dit hat der ek mei te meitsjen dat in part fan it wurkgebiet bûten it Fryske taalgebiet leit, yn it Grinslanner Westerkwartier. We kinne op de webside lykwols mear dwaan mei twataligens.

  • Hokker plak hat it Frysk yn kontakten mei media?

  • De parseberjochten dy’t Wetterskip Fryslân ferstjoert binne allegear yn it Nederlânsk. Sa no en dan steane der Frysktalige sitaten yn, bygelyks as ien fan de Frysksprekkende deistich bestjoerders in taljochting jout. De realiteit is dat dit net konsekwint bart. Realiteit is ek dat der yn it deistich bestjoer op dit stuit mar twa minsken sitte foar wa’t it Frysk de earste taal is. Yn kontakten mei de parse steane de kommunikaasje-adviseurs en ynhâldsdeskundige amtners Frysksprekkende sjoernalisten meastentiids ek yn it Frysk te wurd.

  • Hoe stiet it mei it brûken fan it Frysk yn oare uteringen?

  • Yn eigen hûs wurdt it Frysk net ferstoppe. Us fergadersealen ha twatalige nammen (yn de regel wetternammen). Yn in part fan dizze romten hingje sûnt 2024 fotopanielen mei Fryske gedichten oan de muorre. Yn it wurkkafee wurdt Frysk brûkt yn ferskate oantsjuttings.

  • In úthingboerd foar it Frysk is it Woudagemaal op de Lemmer, dêr’t wy alle jierren mear as 40.000 besikers ûntfange. Hjir binne ferskate Fryske gedichten te lêzen by de yngong en yn it stoomlokaal. Der kinne rûnliedings yn it Frysk jûn wurde, der binne Fryske speurtochten, de multimediatoer is beskikber mei Fryske tekst en útlis en yn de Wouda-podcast komme Frysksprekkers oan it wurd. Yn it besikerssintrum komme Fryske opskriften werom op placemats, taskes, aansichtkaarten en boekelizzers.

  • Yn ynterne publikaasjes wurdt sa no en dan Frysk brûkt, lykas op it yntranet (Wetternet) en yn it personielsblêd (Wetterblêd). Op Wetternet steane - ûnder de titel ‘Frysk by Wetterskip Fryslân’ - de spulregels fan de Wet gebrûk Fryske taal dêr’t elk him oan heart te hâlden. Hjiryn wurde minsken ek wiisd op de taalkursussen dy’t beskikber binne. Yn it personielsbelied jildt behearsking fan de Fryske taal yn de measte gefallen net as funksje-eask. Utsûndering binne fakatueres foar bygelyks klantadviseurs fan it KCC dy’t Frysksprekkers te wurd stean moatte kinne.

  • By de ‘onboarding’, it ynwurkjen fan nije meiwurkers, wurde minsken wiisd op de omgong mei it Frysk en de wetlike fereasken dêr’t amtners fan Fryske oerheden har oan hawwe te hâlden. In saneamde quicklearning oer it gebrûk fan de Fryske Taal is tusken 2022 en 2024 105 kear rieplachte.

  • Hoefolle minsken lûke de taalkursussen Frysk?

  • It tal dielnimmers oan de ferskate kursussen Frysk dy’t it wetterskip oanbiedt yn ’e mande mei de Afûk wie yn de perioade 2020-2024 net oerweldigjend. It soe goed wêze hjir mear omtinken oan te jaan. De koarte opliedings mei in leech ynstapnivo lutsen noch wol inkelde tsientallen dielnimmers, mar by de wiidweidiger kursussen bleau it by mar in pear. Oan de oplieding Skriuw mar Frysk weage nimmen him.

  • Wat is der útjûn oan it befoarderjen fan it brûken fan it Frysk?

  • De ôfrûne jierren is rûchwei €10.000 yn it jier spendearre oan it befoarderjen fan de taal. It grutste part is bestege oan it sichtber meitsjen fan it Frysk yn en om it Woudagemaal, om’t hjir mei relatyf lege bedraggen in grut berik te heljen is. Alle útjeften kamen ta lêste fan it budzjet fan de fakgroep BCO. Sûnt 2024 hat it Woudagemaal syn eigen kommunikaasjebudzjet. Foar it it Frysk binne yn de begrutting gjin spesifike posten opnommen. Der is ek gjin personiele kapasiteit foar reservearre. It measte wurdt no oppakt binnen de besteande kapasiteit fan it kommunikaasjeteam.

4. Frysk yn it koälysje-akkoart

Yn it yn 2023 fêststelde koälysje-akkoart Mei-inoar wurkje oan wetter, foar no en letter! waard de posysje fan it Frysk beneamd mei in pear konkrete aksjepunten. Hoe stiet it dêrmei?

Dit is de tekst yn it koälysje-akkoart: Wy geane troch mei it Fryske taalbelied. Wy moedigje ús minsken oan om Frysk te praten en te antwurdzjen yn de taal dêr’t wy yn oansprutsen wurde. Wy ûndertitelje ús bestjoersgearkomsten yn de sprektaal. Op oanfraach jouwe wy in Fryske oersetting fan de ynformaasje dy’t wy biede fia ynternet. Wy ûndersykje de mooglikheid om it .frl-domein te brûken.

Oan al dizze aksjepunten is ûndertusken foldien. It ûndertiteljen fan de gearkomsten is yn 2024 slagge, mei weromwurkjende krêft. Yn febrewaris 2024 is de ûndertiteling fan de Notubizopnamen fan gearkomsten fan it algemien bestjoer en de kommisjes úteinset. Hjirnei binne ek eardere gearkomsten, fan septimber 2020 ôf, foarsjoen fan ûndertiteling. De teksten wurde in dei letter taheakke en binne automatysk oanmakke mei transkripsjesoftware. It giet dus net om fertalings, mar om ûndertiteling yn de taal sa’t dy sprutsen is.

De mooglikheid om it .frl-domein te brûken is ûndersocht yn de amtlike organisaasje, yn gearspraak mei de wurkgroep Frysk. Hjirby binne trije opsjes neier beljochte, mei as meast fiergeande in folsleine oergong. Konklúzje yn dizze ferkenning wie dat in oergong nei it .frl-domein in kostbere operaasje is, troch de technyske en organisatoaryske útdagings. It deistich bestjoer hat der foar keazen hjir earst gjin neiere stappen yn te setten.

5. Fierder mei it Frysk

As wy minsken dúdlik meitsje wolle dat it wetterskip oansprekber is yn it Frysk, is it wichtich dat se de taal ek tsjinkomme yn alderhande uteringen fan it Wetterskip, bygelyks op de webside, yn de bestjoersstikken, yn it eigen nijs, op boubuorden en oan de baly. Wat wolle wy hjirfoar dwaan?

It is in wetlike taak fan Wetterskip Fryslân om him yn te setten foar it fersterkjen fan de posysje fan it Frysk. Dit aktualisearre beliedsplan is in fuortsetting fan de aksjes dy’t yn 2020 yn gong setten binne. We heakje hjirmei ek oan by it fernijde taalbelied sa’t de provinsje dat yn 2024 fêststeld hat. It foarnimmen is om yn de perioade 2025-2029 sân aksjepunten yn gong te setten, dêr’t net fuortendaliks in foarse kostepost oan ferbûn is. Dizze punten komme foar it grutste part fuort út de evaluaasje fan it belied yn de ôfrûne jierren.

It wichtichste doel is om de Fryske taal faker en better sichtber te meitsjen. Dêrmei kinne wy ûnderstreekje dat elk him by it wetterskip frij fiele mei om it Frysk te brûken. It stribjen is om dat op in útnûgjende en fleurige wize te dwaan. De wurkgroep Frysk nimt hjiryn it foartou, yn oerlis mei de belutsen ôfdielings.

Fan 2025 oant en mei 2029 wolle wy oan de slach gean mei de neifolgjende sân maatregels:

  • 1. Mear Frysk en twataligens op de webside

  • We wolle op de webside mear Frysk brûke. We kinne in leechdrompelich begjin meitsje troch op promininte plakken alris wat blokken en koppen ek yn it Frysk te presintearjen. Mei de tiid moat it mooglik wêze in substansjeel part fan de webside twatalich te meitsjen, wêrby’t brûkers de mooglikheid krije om te skeakeljen tusken beide opsjes. Dit wolle wy yn de twadde helte fan 2026 realisearje. Hjirmei meitsje we ek mjitber hoe faak en by hokker ûnderwerpen hjirfan gebrûk makke wurdt. Dat smyt lessen op dy’t helpe kinne by it bepalen fan ferfolchstappen. Folsleine twataligens is in behoarlik grutte yngreep, yn de wittenskip dat de webside allinnich al út 950 siden bestiet. Foanimmen is dit earst ta te passen op in beheind part fan de webside, lykas de rubryk mei aktuele berjochten.

  • 2. Omtinken foar Frysk yn parseberjochten

  • Der is ferlet fan dúdlikere ôfspraken oer it Frysk yn parseberjochten. In earste stap is derfoar te soargjen dat Frysksprekkende bestjoerders konsekwint yn har memmetaal taal sitearre wurde. De wurkgroep Frysk sil hjirfoar húsregels formulearje. Neist sitaten giet it ek om wetter- en plaknammen en oare toponimen. Ek oantsjuttings fan bygelyks plante- en bistesoarten komme yn de beneaming foar twataligens.

  • 3. Mear Frysk yn bestjoersstikken

  • Sûnt 2023 wurde de stikken yn de P&C-syklus (perspektyfnota, begrutting en de jierstikken) foarsjoen fan in twatalich foaropwurd. In folgjende stap is dat we yn alle útstellen oan it algemien bestjoer de ynliedende gearfetting ek yn it Frysk oanleverje, krekt sa’t dit beliedsplan oarsom ek foarsjoen is fan in Nederlânsktalige ynlieding. Soks is yn te passen yn de nije oanpak fan de bestjoersstikkestream. Sa’n Fryske gearfetting ferriket de diskusje. Hy rikt de Frysksprekkende leden fan it algemien bestjoer de goede wurden oan. De net-Frysksprekkers kinne yn deselde loop kennis nimme fan dizze wurden. Foar de praktyske útfiering is it goed dat der in stikmannich minsken paraat binne om dizze teksten te meitsjen. De wurkgroep Frysk bringt dit yn byld.

  • 4. Omtinken foar Frysk op boubuorden

  • Wetterskip Fryslân kin as twatalige organisaasje mear dwaan om it Frysk sichtber te meitsjen yn de iepenbiere romte. Wêr’t de provinsje har rjochtet op meartalige ferkearsbuorden, kin it wetterskip bygelyks mear dwaan mei de boubuorden sa’t dy by gruttere projekten steane. Neist de ferplichte ynformaasje oer belutsen partijen en subsydzjejouwers, is ek romte te finen foar Fryske biedwurden. De wurkgroep Frysk nimt it foartou yn it formulearjen fan konkrete ôfspraken. Dy kinne faaks kombinearre wurde mei in fernijd ûntwerp.

  • 5. Mear oandacht foar taalkursussen

  • De wurkgroep Frysk sil der wurk fan meitsje om de ferskate kursussen Frysk mear ûnder de oandacht te bringen. As it wetterskip ta wol op mear Fryske uteringen, is it wichtich dat mear minsken de taal aktyf en yn skrift behearskje. De wurkgroep is fan doel him benammen te rjochtsjen op nije wurknimmers. Hoewol’t de behearsking fan it Frysk yn de measte fakatueres gjin funksje-eask is, is it wol wichtich dat nije wurknimmers begripe dat se yn in twatalige organisaasje yn in meartalich wurkgebiet telâne komme. Hjir sil neier omtinken oan jûn wurde yn de saneamde ‘onboarding’ fan nijkommers. De wurkgroep wol ek ta op in Frysk yntermezzo yn it programma fan de yntroduksjedagen foar nijkommers sa’t dy inkelde kearen yn it jier hâlden wurde.

  • 6. In Fryskere útstrieling fan de baly

  • Dat nimmen him hoecht te ferbrekken by Wetterskip Fryslân, drage wy by de baly frijwat beskieden út mei in buordsje mei de tekst ‘Praat mar Frysk’. Us twataligens kinne wy útnûgjender en op mear wizen sichtber meitsje. Mooglik biede takomstige plannen foar in oantreklikere entree hjir romte foar. De wurkgroep Frysk makket hjir wurk fan.

  • 7. Better oanheakje by provinsje

  • Njonken de oanwêzigens yn it Bestjoerlik Oerlis Mei-inoar foar it Frysk fan de provinsje is it goed ek oan te heakjen by it amtlik oerlis ûnder deselde flagge, sa’t dat troch de Afûk organisearre wurdt. Dêrmei hâlde we better oansluting by plannen dy’t de provinsje as liedende partij yn gong set.

6. Rapportaazje en evaluaasje

De maatregels sa’t dy hjirboppe beneamd binne, sille de kommende jierren útfierd wurde ûnder ferantwurdlikens fan de direksje fan Wetterskip Fryslân. De wurkgroep Frysk nimt hjiryn ynisjatyf. Wannear en op hokker wize leit dizze wurkgroep ferantwurding ôf?

De wurkgroep Frysk rapportearet begjin 2027, foar de ein fan de rinnende bestjoersperioade, oer de fuortgong fan de maatregels. Oan de hân fan dizze rapportaazje kin it algemien bestjoer bystjoere, as it dat nedich achtet.

Ein 2028 sil der in bredere evaluaasje folgje, foarútrinnend op in ferfolch op dit beliedsplan. Tsjin dy tiid sille it Ryk en de provinsje harren Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer grif ek fernijd hawwe. Yn de evaluaasje sil ynsichtlik makke wurde hokker ûntwikkeling der plakhân hat op de webside fan Wetterskip Fryslân. Oare fragen dêr’t dan in antwurd op jûn wurde moat, binne: Hoe rint it mei it Frysk yn bestjoersstikken, parseberjochten en oare uteringen fan it wetterskip? Hoefolle belangstelling hawwe de taalkursussen Frysk lutsen? Hoe giet it mei it baly- en telefoanbelied fan it KCC? Hoe rint de wikselwurking op taalmêd mei de provinsje?

De útkomsten fan dizze evaluaasje foarmje de opmaat foar in ferfolch op dit beliedsplan.

Ondertekening