Permanente link
Naar de actuele versie van de regeling
https://lokaleregelgeving.overheid.nl/CVDR758833
Naar de door u bekeken versie
https://lokaleregelgeving.overheid.nl/CVDR758833/1
Feroardering kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026
Dit is een toekomstige tekst! Geldend vanaf 01-08-2026
Intitulé
Feroardering kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026Provinsjale Steaten fan Fryslân,
lêzen it útstel fan Deputearre Steaten, d.d. 6 jannewaris 2026;
mei it each op kêst 9, seisde lid fan de Wet op het primair onderwijs en kêst 2.16, earste lid, fan de Wet voortgezet onderwijs 2020;
beslute de neikommende feroardering fêst te stellen:
Feroardering kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026
Kêst 1 Begrypsbepalingen
Yn dizze feroardering wurdt ferstien ûnder:
Kearndoelen: ynhâldlike doelstellings foar it ûnderwiisprogramma, rjochte op opdwaan fan kennis, ynsjoch en feardichheden en it opdwaan fan ûnderfinings troch learlingen, as bedoeld yn kêst 9 fan de Wet op het primair onderwijs en kêst 2.13 fan de Wet voortgezet onderwijs 2020;
Basisûnderwiis: ûnderwiis as bedoeld yn kêst 2 fan de Wet op het primair onderwijs;
Fuortset ûnderwiis: ûnderwiis as bedoeld yn kêst 1.4 fan de Wet voortgezet onderwijs 2020;
Foechhawwend gesach: it foechhawwend gesach, as bedoeld yn kêst 1 fan de Wet op het primair onderwijs en kêst 1.1. fan de Wet voortgezet onderwijs 2020.
Kêst 2 Kearndoelen basisûnderwiis en fuortset ûnderwiis
-
1. De kearndoelen foar it basisûnderwiis wurde foar it ûnderdiel Fryske taal en kultuer fêststeld sa’t yn taheakke 1 by dit beslút oanjûn is.
-
2. De kearndoelen foar it fuortset ûnderwiis wurde foar it ûnderdiel Fryske taal en kultuer fêststeld sa’t yn taheakke 2 by dit beslút oanjûn is.
Kêst 3 Oergongsrjocht
-
1. It foechhawwend gesach kin de kearndoelen Fryske taal, opnommen yn de taheakke by it Beslút fernijde kearndoelen WPO, sa’t dy wiene foar it yngean fan dizze feroardering, oant uterlik 1 augustus 2031 brûke foar it stal jaan fan it ûnderwiisprogramma yn it basisûnderwiis.
-
2. It foechhawwend gesach kin de kearndoelen Fryske taal en kultuer, opnommen yn it Beslút kearndoelen ûnderbou FU, sa’t dy wiene op 31 july 2022, oant uterlik 1 augustus 2031 brûke foar it stal jaan fan it ûnderwiisprogramma yn it fuortset ûnderwiis.
Kêst 4 It yngean en siteartitel
-
1. Dizze feroardering giet ûnder foarbehâld fan it op ‘e tiid goedkarren troch de minister fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip yn op 1 augustus 2026 of op in troch Deputearre Steaten te kiezen tiid.
-
2. Dizze feroardering wurdt oanhelle as Feroardering kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026.
Ondertekening
Sa fêststeld troch provinsjale steaten fan Fryslân yn harren iepenbiere gearkomste fan 18 febrewaris 2026
Foarsitter drs. A.A.M. Brok
Griffier A.G. Rosier
Taheakke 1. Kearndoelen primêr ûnderwiis ûnderdiel Fryske taal en kultuer
Oersjoch kearndoelen Fryske taal en kultuer foar it primêr ûnderwiis
Domein: Ryk learfermidden
- 1.
De skoalle soarget foar in ryk Frysktalich taal- en learfermidden
- A.
De skoalle soarget foar Frysktalige lear- en lêsmaterialen
- B.
De skoalle stimulearret de Fryske taalûntwikkeling fan alle learlingen
- A.
Domein: Taal leare en brûke
- 2.
De learling brûkt de Fryske taal
- A.
De learling toant begryp fan Frysktalige teksten
- B.
De learling ferwurket ynformaasje út Frysktalige teksten
- C.
De learling praat en skriuwt Frysk
- D.
De learling nimt diel oan petearen yn it Frysk
- A.
Domein: Taalbewustwêzen
- 3.
De learling ûntwikkelet har of him as bewuste brûker fan it Frysk
- A.
De learling ferkent skaaimerken fan de Fryske taal
- B.
De learling ferkent de posysje fan de Fryske taal
- C.
De learling reflektearret op de eigen Fryske taalûntwikkeling
- A.
Domein: Taalekspresje
- 4.
De learling docht ûnderfining op mei Fryske taalekspresje
- A.
De learling ferwurket tinzen en gefoelens oer Fryske kulturele en kreative taaluterings
- B.
De learling brûkt de Fryske taal op in kreative wize
- A.
Domein: Kultuerbewustwêzen
- 5.
De learling ûntwikkelet him of har as bewuste dielnimmer oan de Fryske kultuer
- A.
De learling ferkent it materiële en ymmateriële erfgoed fan Fryslân
- A.
|
DOMEIN: RYK LEARFERMIDDEN |
||
|
Kearndoel 1 |
||
|
De skoalle soarget foar in ryk Frysktalich taal- en learfermidden. |
||
|
Doelsin |
It giet dêrby om |
|
|
A. |
De skoalle soarget foar Frysktalige lear- en lêsmaterialen. |
|
|
B. |
De skoalle stimulearret de Fryske taalûntwikkeling fan alle learlingen. |
|
|
DOMEIN: TAAL LEARE EN BRÛKE |
||
|
Kearndoel 2 |
||
|
De learling brûkt de Fryske taal. |
||
|
Doelsin |
It giet dêrby om |
|
|
A. |
De learling toant begryp fan Frysktalige teksten. |
|
|
B. |
De learling ferwurket ynformaasje út Frysktalige teksten. |
|
|
C. |
De learling praat en skriuwt Frysk. |
|
|
D. |
De learling nimt diel oan petearen yn it Frysk. |
|
|
DOMEIN: TAALBEWUSTWÊZEN |
||
|
Kearndoel 3 |
||
|
De learling ûntwikkelet har of him as bewuste brûker fan it Frysk. |
||
|
Doelsin |
It giet dêrby om |
|
|
A. |
De learling ferkent skaaimerken fan de Fryske taal. |
|
|
B. |
De learling ferkent de posysje fan de Fryske taal. |
|
|
C. |
De learling reflektearret op de eigen Fryske taalûntwikkeling. |
|
|
DOMEIN: TAALEKSPRESJE |
||
|
Kearndoel 4 |
||
|
De learling docht ûnderfining op mei Fryske taalekspresje. |
||
|
Doelsin |
It giet dêrby om |
|
|
A. |
De learling ferwurket tinzen en gefoelens oer Fryske kulturele en kreative taaluterings. |
|
|
B. |
De learling brûkt de Fryske taal op in kreative wize. |
|
|
DOMEIN: KULTUERBEWUSTWÊZEN |
||
|
Kearndoel 5 |
||
|
De learling ûntwikkelet har of him as bewuste dielnimmer oan de Fryske kultuer. |
||
|
Doelsin |
It giet dêrby om |
|
|
A. |
De learling ferkent it materiële en ymmateriële erfgoed fan Fryslân. |
|
Taheakke 2. Kearndoelen fuortset ûnderwiis ûnderdiel Fryske taal en kultuer
Oersjoch kearndoelen Fryske taal en kultuer foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis
Domein: Ryk learfermidden
- 1.
De skoalle soarget foar in ryk Frysktalich taal- en learfermidden
- A.
De skoalle soarget foar Frysktalige lear- en lêsmaterialen
- B.
De skoalle stimulearret de Fryske taalûntwikkeling fan alle learlingen
- A.
Domein: Taal leare en brûke
- 2.
De learling brûkt de Fryske taal
- A.
De learling toant begryp fan Frysktalige teksten
- B.
De learling ferwurket ynformaasje út Frysktalige teksten
- C.
De learling praat en skriuwt Frysk
- D.
De learling nimt diel oan petearen yn it Frysk
- A.
Domein: Taalbewustwêzen
- 3.
De learling ûntwikkelet har of him as bewuste brûker fan it Frysk
- A.
De learling ferkent skaaimerken fan de Fryske taal
- B.
De learling reflektearret op de posysje fan de Fryske taal
- C.
De learling reflektearret op de eigen Fryske taalûntwikkeling
- A.
Domein: Taalekspresje
- 4.
De learling docht ûnderfining op mei Fryske taalekspresje
- A.
De learling ferwurket tinzen en gefoelens oer Fryske kulturele en kreative taaluterings
- B.
De learling brûkt de Fryske taal op in kreative wize
- A.
Domein: Kultuerbewustwêzen
- 5.
De learling ûntwikkelet him of har as bewuste dielnimmer oan de Fryske kultuer
- A.
De learling ferkent it materiële en ymmateriële erfgoed fan Fryslân
- B.
De learling ferkent de wearde fan Frysktalige jongereinliteratuer
- A.
|
DOMEIN: RYK LEARFERMIDDEN |
||
|
Kearndoel 1 |
||
|
De skoalle soarget foar in ryk Frysktalich taal- en learfermidden. |
||
|
Doelsin |
It giet dêrby om |
|
|
A. |
De skoalle soarget foar Frysktalige lear- en lêsmaterialen. |
|
|
B. |
De skoalle stimulearret de Fryske taalûntwikkeling fan alle learlingen. |
|
|
DOMEIN: TAAL LEARE EN BRÛKE |
||
|
Kearndoel 2 |
||
|
De learling brûkt de Fryske taal. |
||
|
Doelsin |
It giet dêrby om |
|
|
A. |
De learling toant begryp fan Frysktalige teksten. |
|
|
B. |
De learling ferwurket ynformaasje út Frysktalige teksten. |
|
|
C. |
De learling praat en skriuwt Frysk. |
|
|
D. |
De learling nimt diel oan petearen yn it Frysk. |
|
|
DOMEIN: TAALBEWUSTWÊZEN |
||
|
Kearndoel 3 |
||
|
De learling ûntwikkelet har of him as bewuste brûker fan it Frysk. |
||
|
Doelsin |
It giet dêrby om |
|
|
A. |
De learling ferkent skaaimerken fan de Fryske taal. |
Oanfolling hafû/twû:
|
|
B. |
De learling reflektearret op de posysje fan de Fryske taal. |
Oanfolling hafû/twû:
|
|
C. |
De learling reflektearret op de eigen Fryske taalûntwikkeling. |
|
|
DOMEIN: TAALEKSPRESJE |
||
|
Kearndoel 4 |
||
|
De learling docht ûnderfining op mei Fryske taalekspresje. |
||
|
Doelsin |
It giet dêrby om |
|
|
A. |
De learling ferwurket tinzen en gefoelens oer Fryske kulturele en kreative taaluterings. |
|
|
B. |
De learling brûkt de Fryske taal op in kreative wize. |
|
|
DOMEIN: KULTUERBEWUSTWÊZEN |
||
|
Kearndoel 5 |
||
|
De learling ûntwikkelet har of him as bewuste dielnimmer oan de Fryske kultuer. |
||
|
Doelsin |
It giet dêrby om |
|
|
A. |
De learling ferkent it materiële en ymmateriële erfgoed fan Fryslân. |
Oanfolling hafû/twû:
|
|
B. |
De learling ferkent de wearde fan Frysk-talige jongereinliteratuer. |
|
Taljochting
Eftergrûn
De Fryske taal heart by de provinsje Fryslân, de kultuer en de identiteit fan de ynwenners. It beskermjen en befoarderjen fan de Fryske taal is in wichtige taak fan de provinsje Fryslân. Mei it ratifisearjen fan it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden (2005) en it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden (1998) hat ek de Ryksoerheid him ferplichte om de Fryske taal te beskermjen. Yn nasjonale wetten lykas de Wet op het primair onderwijs (WPO) en de Wet voortgezet onderwijs 2020 (WVO 2020) is de offisjele posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis fêstlein en is beskreaun dat der ûnderwiis jûn wurde moat yn de Fryske taal en kultuer op skoallen yn it primêr ûnderwiis en yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis.
It ûnderwiis hat as taak bern en jongerein taalfeardich te meitsjen. Yn Fryslân jildt dat njonken it Nederlânsk ek foar it Frysk. Alle bern yn Fryslân moatte de kâns krije om yn it Frysk folweardich taalfeardich te wurden. Dat stelt alle bern by steat om yn harren jongere jierren en letter yn harren sosjale en wurkjende libben optimaal yn de twatalige maatskippij mei te dwaan.
Yn de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer (BFTK) 2024 – 2028 hawwe Ryk en provinsje ôfspraken makke oer hoe’t de posysje fan it Frysk, ûnder oare yn it ûnderwiis, beskerme en befoardere wurdt. Sa wurdt der wurke oan in basisynfrastruktuer dy’t bydraacht oan de befoardering fan it leargebiet Fryske taal en kultuer mei foldwaande, kwalitative en oansprekkende lesmaterialen, ûnderwiisbegelieding en stipe en opliedingsmooglikheden. Sa wurdt der wurke oan de doelstelling dat yn 2030 alle skoallen yn it primêr (fan groep 1 oant en mei groep 8) en fuortset ûnderwiis (earste, twadde klasse tmbû/hafû/twû en tredde klasse hafû/twû) de nije kearndoelen Fryske taal en kultuer (sa’t dy’t mei dizze feroardering fêststeld wurde) yn it wurk setten hawwe. Sa krije alle learlingen de kâns om de Fryske taal te learen en te brûken en te learen oer de Fryske taal en kultuer. De provinsje wurket dêryn gear mei in soad taal- en ûnderwiisynstellings yn Fryslân ûnder de namme Taalplan Frysk 2030.
Njonken it Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis wurdt der ek wurke oan in sterke posysje fan it Frysk yn de ûnderwiissektoaren dêr’t it Frysk net wetlik ferplichte is, lykas it foarskoalske ûnderwiis, spesjaal ûnderwiis, boppebou fuortset ûnderwiis, mbû, hbû en wû. Dat soarget foar in trochgeande learline Frysk (BFTK 2024-2028).
Njonken de BFTK is yn de provinsjale taalnota Fansels Frysk (2025-2028) fierder útwurke hoe’t de provinsje, op basis fan de ôfspraken yn de BFTK, ynfolling oan de eigen taken jout.
De nije kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026 drage by oan de doelstellings fan Ryk en provinsje op it mêd fan Frysk yn it ûnderwiis, trochdat learlingen op de basisskoalle en yn ‘e ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis in ryk en fariearre oanbod Fryske taal en kultuer krije, rjochte op it ûntwikkeljen fan de eigen taalfeardichheid, it belibjen fan taal en taalbewustwêzen en de Fryske skiednis, geografy en kultuer.
Foech fan Provinsjale Steaten
Yn 2014 hawwe Provinsjale Steaten fan Fryslân it foech krigen om de kearndoelen Fryske taal en kultuer fêst te stellen (kêst 9, seisde lid, WPO en kêst 2.16, earste lid, WVO 2020). Sûnt it oerdragen fan dat foech hat der net earder in wiziging fan de kearndoelen Fryske taal en kultuer west. Dat betsjut dat dit de earste sets kearndoelen Fryske taal en kultuer binne dy’t troch Provinsjale Steaten fan Fryslân fêststeld wurde.
De hjoeddeistige kearndoelen – ek dy foar oare leargebieten/fakken as de Fryske taal en kultuer – binne fan 2006 en slute net mear oan by hjoeddeistige ûnderwiisynsjoggen. It ministearje fan Underwiis, Kultuer en Wittenskip (OCW) is om dy reden mei in lanlike kurrikulumwiziging úteinset mei as doel dat de fernijde kearndoelen passe by de nijste ynsjoggen en mear rjochting jouwe oan skoallen by it stal jaan fan it ûnderwiis. Dy aktualisaasje is net fan tapassing op it Fryske taal en kultuerûnderwiis. Ek de kearndoelen Frysk út 2006 binne ferâldere en passe net mear by it hjoeddeistige ûnderwiisferlet en ynsjoggen.
It ministearje fan OCW hat kurrikulumûntwikkeler SLO de opdracht jûn om de kearndoelen fan de lanlike leargebieten te aktualisearjen. Provinsje Fryslân is ferantwurdlik foar de kearndoelen Fryske taal en kultuer en hat ûnderwiisbegeliedingstsjinst Cedin de opdracht jûn om de kearndoelen Fryske taal en kultuer te aktualisearjen.
Proses en draachflak
Mei it each op gearhing en oansluting mei it lanlik kurrikulum hat Cedin yn dit trajekt nau mei SLO gearwurke. Der is gebrûk makke fan deselde systematyk. Cedin koe gebrûk meitsje fan kwaliteitskritearia en wurkynstruksjes fan SLO en der hat geregeld oerlis west mei kurrikulumeksperts fan SLO en der is om weromkeppeling frege.
Nei in wiidweidich foartrajekt is yn septimber 2022 mei it opstellen fan de konseptkearndoelen úteinset. Der is wurke mei in realisaasjeteam en in fjildgroep. It realisaasjeteam wie ferantwurdlik foar de oanstjoering en kommunikaasje rjochting de leden fan de fjildgroep, eksterne eksperts en oare belanghawwenden. De fjildgroep hie as taak it leverjen fan ynbring foar de rjochting en ynhâld fan de startnotysje, de karakteristyk, it ramtwurk en de nije kearndoelen op basis fan kennis en praktykûnderfinings.
Yn it proses is gearwurke mei eksperts fan organisaasjes en ynstellingen dy’t by it leargebiet Fryske taal en kultuer behelle binne. Dy eksterne eksperts binne by it tink- en skriuwproses ynset en hawwe ynbring en weromkeppeling jûn.
Yn febrewaris 2024 binne de konseptdoelen Fryske taal en kultuer troch Cedin oan Deputearre Steaten oanbean. Dêrnei is in tal skoallen mei it testen fan de konseptkearndoelen úteinset yn de saneamde probearfaze. Ut de probearfaze hat bliken dien dat it wurkfjild posityf is oer de kearndoelen en dêr goed mei wurkje kin. Leararen slagje der goed yn om meardere kearndoelen te yntegrearjen yn in lesaktiviteit en doelen út ferskate leargebieten te ferbinen yn de ûnderwiispraktyk (Terpstra, De Jager, Attema & Visser, 2025, Taljochtingsdokumint Definitive konseptkearndoelen Fryske taal en kultuer, Oanpaste ferzje 2025). Ek by in regiogearkomste fan SLO binne de kearndoelen Fryske taal en kultuer foarlein oan skoallen.
Kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026
De hjoeddeistige kearndoelen Frysk binne fan 2006 en binne rjochte op it oanbod Frysk dat in skoalle fersoargje moat. De nije kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026 binne oanboddoelen, behearsingsdoelen en ûnderfiningsdoelen. It formulearjen fan behearsingsdoelen en ûnderfiningsdoelen is nij by dizze kurrikulumwiziging. Dy doelen jouwe oan wat in learling behearskje of ûnderfine moat. In oare oanpassing is dat it Frysk yn it primêr ûnderwiis net langer inkeld in taalfak is, mar nei it leargebiet Fryske taal en kultuer útwreide is. Yn it leargebiet is njonken Fryske taalfeardichheid ek omtinken foar taalbewustwêzen, taalekspresje en kultuerbewustwêzen.
Foar it leargebiet Fryske taal en kultuer binne twa sets kearndoelen ûntwikkele. In set foar it primêr ûnderwiis en in set foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis (mei wêr’t dat nedich is oanfollings foar hafû/twû). Oars as by de kearndoelen Frysk 2006 binne der no gjin aparte sets foar learlingen dy’t it Frysk as memmetaal hawwe of it Frysk as twadde (of tredde) taal leare. De kearndoelen jouwe alle learlingen de mooglikheid om taalfeardiger te wurden en kennis en ûnderfining mei de Fryske kultuer op te dwaan.
De kearndoelen Fryske taal en kultuer passe by de ôfspraken en ambysje fan it Ryk en de provinsje om alle learlingen de kâns te jaan om de Fryske te learen en te brûken. It Frysk kriget yn it ûnderwiisoanbod in posysje dy’t lykweardich en proporsjoneel oan it Nederlânsk is. Skoallen kinne ferbinings lizze tusken de ûnderskate kearndoelen yn it leargebiet Fryske taal en kultuer en ek mei kearndoelen fan oare leargebieten. Sa kriget it Frysk in stevige en yntegrale posysje njonken oare leargebieten en wurdt in te fol ûnderwiisprogramma tefoaren kommen.
Leargebiet Fryske taal en kultuer
De kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026 binne troch Cedin yn in kearndoeleboekje oplevere (Terpstra, De Jager, Attema & Visser, 2025). Njonken in oersjoch fan de kearndoelen Fryske taal en kultuer stiet de karakteristyk fan it leargebiet yn it kearndoeleboekje. De karakteristyk beskriuwt de skaaimerken fan it leargebiet, de ûnderskate domeinen en de gearhing fan de kearndoelen yn it leargebiet en mei kearndoelen fan oare leargebieten. Foar de folsleinens is dy karakteristyk, njonken de kearndoelen, hjirûnder oernommen:
Karakteristyk
Skaaimerken fan it leargebiet Fryske taal & kultuer
Yn it leargebiet Fryske taal & kultuer wurde alle learlingen stimulearre om feardiger te wurden yn de Fryske taal en krije sy ynsjoch yn de Fryske kultuer. Dat draacht by oan it begripen en meidwaan kinnen oan sosjale en (letter) profesjonele situaasjes dêr’t de Fryske taal en kultuer in rol yn spilet. Dat befoarderet de kânsgelikens. Learlingen ûntwikkelje yn it leargebiet Fryske taal & kultuer in gearhingjend gehiel oan kennis, feardichheden en hâldingen op it mêd fan taal, taalbewustwêzen, taalekspresje en kultuerbewustwêzen.
Yn it domein Taal leare en brûke leare learlingen yn betsjuttingsfolle en autentike situaasjes Fryske teksten te begripen, Fryske teksten te produsearjen en diel te nimmen oan Frysktalige petearen. Frysk is de twadde rykstaal yn Nederlân en wurdt yn Fryslân yn sosjale en profesjonele situaasjes brûkt. Begryp fan de Fryske taal helpt learlingen om de wrâld om harren hinne te begripen, harren steande te hâlden yn de Fryske meartalige kontekst en dêroan dielnimme te kinnen. Om’t learlingen ferskillen yn taaleftergrûn en taalûnderfining hawwe, biede de doelen yn dit domein romte om by it learen en útwreidzjen fan Fryske taalfeardichheden oan te sluten en fierder te bouwen op de taalbasis fan learlingen.
Yn it domein Taalbewustwêzen ferkenne learlingen skaaimerken fan de Fryske taal. Se leare oer oerienkomsten en ferskillen mei oare talen en oer feroarings yn de taal. Learlingen ûntwikkelje bewustwêzen oer de rol en it effekt fan de Fryske taal yn kommunikaasje en persoansfoarming. Learlingen fergrutsje dat bewustwêzen mei kennis oer de rol fan de Fryske taal yn de skiednis. Learlingen leare te reflektearjen op harren eigen Fryske taalgebrûk wêrtroch’t sy harren bewust wurde fan yn hoefier’t sy sels it Frysk brûke. Dêrmei ûntwikkelje sy harren taalbewustwêzen en fersterkje sy harren basis foar it learen fan Frysk en oare talen.
Yn it domein Taalekspresje dogge learlingen ûnderfiningen op mei Fryske taalekspresje troch it lêzen, beharkjen en besjen fan Fryske kulturele en kreative teksten, lykas: boeken, jongereinliteratuer, toanielstikken, lietteksten, en sa mear. Se leare dêr betsjutting oan te jaan en wearde oan ta te kennen foar harsels en oaren. Yn dit domein wurde learlingen stimulearre om eigen tinzen en gefoelens op kreative wize foarm te jaan wêrby’t se leare te eksperimintearjen mei de Fryske taal en ûnderfining opdogge mei ferskillende útdrukkingswizen en effekten.
Yn it domein Kultuerbewustwêzen wurde learlingen stimulearre om de Fryske kultuer te ferkennen binnen de kaders fan materieel en ymmaterieel erfgoed en, yn it fuortset ûnderwiis, de Frysktalige jongereinliteratuer. Learlingen ûntwikkelje bewustwêzen en ynsichten yn it Fryske erfgoed yn harren direkte omkriten, de regio en de provinsje en leare dêr betsjutting en wearde oan ta te kennen foar it no, it ferline en de takomst. Learlingen yn it fuortset ûnderwiis ferkenne de Frysktalige literatuer. Se leare dêr wearde oan ta te kennen en ferbreedzje troch de wei fan de Fryske jongereinliteratuer harren blik op de Fryske kultuer.
Ta beslút hat it leargebiet Fryske taal & kultuer it domein Ryk learfermidden. Dat domein giet om it oanbod dat de skoalle docht en betingst is foar it learen fan Fryske taal & kultuer. It giet om materialen en boarnen, mar ek om learaktiviteiten, wurkfoarmen, ynstruksje en taalhelpmiddels.
Gearhing yn it leargebiet
Yn de kearndoelen en doelsinnen wurde kennis en feardichheden yn ferskillende domeinen beskreaun. Yn in betsjuttingsfol en funksjoneel oanbod sille doelen yn gearhing leard wurde. Oanbod en lesaktiviteiten yn de domeinen kultuerbewustwêzen, taalekspresje en taalbewustwêzen geane altyd mank mei it learen en brûken fan de Fryske taal. Mar ek de domeinen taalekspresje, kultuerbewustwêzen en taalbewustwêzen hawwe ûnderlinge ferbiningen.
Neist in gearhing tusken domeinen is der ek in gearhing tusken primêr ûnderwiis en de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis troch de wei fan in trochgeande line. It útwreidzjen fan de ûnderfiningen, kennis en feardichheden rint fan primêr ûnderwiis troch nei it fuortset ûnderwiis. De opbou fan de learline wurdt beskaat troch it tanimmen yn kompleksiteit en abstraksje fan ynhâlden en taalgebrûk. Yn de earste faze fan de ûntwikkeling (primêr ûnderwiis) leit de klam op ûnderfine, ferkenne, begripe en beneame en yn lettere fazen (faak it fuortset ûnderwiis) op ferfining, ferbreding en ferdjipping.
Gearhing mei oare leargebieten
Foar it learen en brûken fan de Fryske taal kinne learlingen gebrûk meitsje fan taalkompetinsjes dy’t sy leare by Nederlânsk en de moderne frjemde talen. Gebrûk meitsje fan earder opdiene taalfeardichheden makket it learen en brûken fan de Fryske taal makliker. Mei’t ek yn oare taalleargebieten omtinken is foar ferskillende talen, taalfariëteiten en (sub)kultueren, kinne learlingen har taalbewustwêzen fergrutsje en in hâlding ûntwikkelje út ferskillende perspektiven wei.
Learlingen wreidzje ek taalkompetinsjes út by oare leargebieten dy’t funksjoneel binne foar it learen en brûken fan de Fryske taal. De kearndoelen fan it leargebiet Digitale taalfeardigens beskriuwe hoe’t learlingen leare om te gean mei digitale boarnen en it brûken fan effektive sykstrategyen: feardichheden dy’t se ek ynsette kinne by it sykjen nei ynformaasje yn Frysktalige boarnen.
Kennis en feardichheden dy’t yn it domein Kultuerbewustwêzen oanbean wurde, kinne yn ferbining brocht wurde mei kennis en feardichheden dy’t learlingen oanbean krije yn de leargebieten Minske en maatskippij, Minske en natuer en Boargerskip. Doelen yn it domein Taalekspresje kinne yn ferbining brocht wurde mei de domeinen Meimeitsje en betsjutting jaan en Meitsje en betsjutting jaan yn it leargebiet Keunst en kultuer. Troch ferbiningen te lizzen tusken de domeinen fan Fryske taal & kultuer en oare leargebieten wurdt de ûnderfiningsbasis en kennis- en taalûntwikkeling fan learlingen stimulearre en ferstevige (Terpstra, De Jager, Attema & Visser, 2025, Definitive konseptkearndoelen Fryske taal en kultuer, Oanpaste ferzje 2025, p. 9-11).
Ymplemintaasje
Mei dizze feroardering wurde de kearndoelen Fryske taal en kultuer fêstlein mei yngong fan 1 augustus 2026. Oant 1 augustus 2031 wurdt der in oergongsperioade hantearre. Dat is wichtich om derfoar te soargjen dat skoallen foldwaande tiid krije om harren kurrikulum oan te passen, wêr’t dat nedich is nije learmiddels oan te skaffen of te ûntwikkeljen en om leararen by-opliede te kinnen op mooglike nije ûnderwiisynhâlden. Ek is it wichtich dat de yntegraliteit en gearhing fan it nije kurrikulum foarm krije kin: dêr is tiid foar nedich. De Ynspeksje fan it ûnderwiis hâldt tafersjoch op de kearndoelen ôfhinklik fan de kar dy’t it foechhawwend gesach makket foar it foarm jaan fan it ûnderwiis. De ynspeksje sil dêrby skoallen safolle mooglik stimulearje om te wurkjen mei de nije kearndoelen. Op 1 augustus 2031 rint de oergongsfaze fan de kurrikulumwiziging ôf en wurkje alle skoallen mei de nije kearndoelen. Fan dat momint ôf hâldt de ynspeksje dêr ek by alle skoallen tafersjoch op. Skoallen krije foar Fryske taal en kultuer dus fiif jier de tiid oant der mei hanthavenjend tafersjoch begûn wurdt.
De fêststelling fan de kearndoelen Fryske taal en kultuer rint lykop mei de fêststelling fan de kearndoelen Nederlânsk. Skoallen kinne by de ymplemintaasje de kearndoelen fan dy leargebieten mei-inoar ferbine wêr’t de winske of nedich achte wurdt.
Om leararen en skoallen te stypjen by de ymplemintaasje wurde yn opdracht fan de provinsje Fryslân learlinen en materialen mei foarbylden by de kearndoelen Fryske taal en kultuer ûntwikkele.
Mei it fêststellen fan dizze Feroardering kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026 krije skoallen rjochting en hâldfêst by it opnimmen en ûnderdiel meitsjen fan Fryske taal en kultuer yn it ûnderwiisprogramma fan de skoalle. Dat sil der úteinlik ta liede dat op alle skoallen yn Fryslân de kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026 ûnderdiel fan it ûnderwiisprogramma binne. Dat stimulearret de memmetaal fan in grut part fan de learlingen, ûntwikkelet it Frysk as twadde (of tredde) taal foar in soad oare learlingen, jout learlingen kennis en ynsjoch yn de posysje fan it Frysk, de skiednis fan de Fryske taal en kultuer en stipet learlingen yn de persoanlike en profesjonele ûntwikkeling.
Spesjaal basisûnderwiis en praktykûnderwiis
Skoallen foar spesjaal basisûnderwiis en skoallen foar praktykûnderwiis falle ûnder de WPO en WVO 2020 en hawwe deselde ferplichtings as skoallen dy’t regulier ûnderwiis oanbiede. Ek fan dy skoallen wurdt ferwachte dat se ûnderwiis fersoargje yn de Fryske taal en kultuer en de nije kearndoelen ymplemintearje. De provinsje is him derfan bewust dat foar dy typen ûnderwiis de nije kearndoelen Fryske taal en kultuer net folslein by harren doelgroep oanslute. Dêrom wurdt der op it stuit, yn opdracht fan provinsje Fryslân, wurke oan aparte sets kearndoelen Fryske taal en kultuer, spesifyk foar dy doelgroepen. Dy sets wurde yn oerlis mei skoallen en learkrêften ûntwikkele en binne basearre op de reguliere kearndoelen Fryske taal en kultuer 2026. Ferwachte wurdt dat dy aparte sets kearndoelen oer inkelde jierren by in feroardering troch Provinsjale Steaten fêststeld wurde kinne. Oant dy tiid kinne skoallen foar spesjaal basisûnderwiis en praktykûnderwiis fan de reguliere kearndoelen Fryske taal en kultuer gebrûk meitsje en as dat nedich is in berop dwaan op de mooglikheid fan ûntheffing.
Ziet u een fout in deze regeling?
Bent u van mening dat de inhoud niet juist is? Neem dan contact op met de organisatie die de regelgeving heeft gepubliceerd. Deze organisatie is namelijk zelf verantwoordelijk voor de inhoud van de regelgeving. De naam van de organisatie ziet u bovenaan de regelgeving. De contactgegevens van de organisatie kunt u hier opzoeken: organisaties.overheid.nl.
Werkt de website of een link niet goed? Stuur dan een e-mail naar regelgeving@overheid.nl