Regeling vervalt per 31-12-2029

Iepenstellingsbeslút Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2026

Geldend van 05-02-2026 t/m 30-12-2029

Intitulé

Iepenstellingsbeslút Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2026

Deputearre Steaten fan Fryslân,

mei it each op kêst 1.3, tredde lid, fan de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2022, en kêst 5 fan de fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal,

BESLUTE:

It Iepenstellingsbeslút Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2026 as folget fêst te stellen:

Kêst 1 Subsydzjeplafonds

  • a.

    It subsydzjeplafond foar de yn kêst 3, ûnderdiel a fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal neamde subsidiabele aktiviteiten bedraacht € 80.000,-.

  • b.

    De dielplafonds foar de yn kêst 3, ûnderdiel b fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal neamde subsidiabele aktiviteiten binne fêststeld op:

    Gemeente

    Dielplafonds

    Achtkarspelen

    €82.353,-

    Dantumadiel

    €76.053,-

    Eaststellingwerf

    €80.553,-

    De Fryske Marren

    €99.462,-

    Harns

    €73.803,-

    Hearrenfean

    €99.462,-

    Ljouwert

    €154.839,-

    Noardeast-Fryslân

    €94.959,-

    Opsterlân

    €83.706,-

    Smellingerlân

    €103.065,-

    Súdwest-Fryslân

    €127.377,-

    Tytsjerksteradiel

    €85.506,-

    Waadhoeke

    €95.862,-

    Totaal

    €1.257.000,-

  • c.

    It subsydzjeplafond foar de yn kêst 3, ûnderdiel c fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal neamde subsidiabele aktiviteiten bedraacht € 75.000,-.

Kêst 2 Aanvraagperiode en verdeelsystematiek Oanfraachperioade en ferdielsystematyk

  • a.

    De yn kêst 1 ûnderdiel a en ûnderdiel c neamde subsydzjeplafonds jilden foar oanfragen dy’t ûntfongen binne yn de iepenstellingsperioade fan 10 febrewaris 2026 oant en mei 10 desimber 2026.

  • b.

    It yn kêst 1 ûnderdiel b neamde subsydzjeplafond jild foar oanfragen dy’t ûntfongen binne yn de iepenstellingsperioade fan 10 febrewaris 2026 oant en mei 31 desimber 2027.

  • c.

    De ferdieling fan de middels bart neffens kêst 7 fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal.

  • d.

    Deputearre Steaten meie, nei it sluten fan de iepenstellingsperioade, de dielplafonds feroarje.

Kêst 3 Yngean

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is.

Kêst 4 Wurkingsdoer en oergongsrjocht

  • a.

    Dit beslút ta iepenstelling ferfalt op 31 desimber 2029.

  • b.

    Dit beslút ta iepenstelling bliuwt, fan de yn it earste lid neamde ferfaldatum ôf, fan krêft oangeande subsydzje-oanfragen dy’t ûntfongen binne yn de iepenstellingsperioade lykas neamd yn kêst 2 fan dizze regeling.

Kêst 5 Siteartitel

Dizze regeling wurdt oanhelle as Iepenstellingsbeslút Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2026.

Ondertekening

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 20 jannewaris 2026.

Drs. A.A.M. Brok, foarsitter

Drs. ing. J. Algra, sekretaris