Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2025

Geldend van 13-06-2025 t/m heden

Intitulé

Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2025

Deputearre Steaten fan Fryslân,

mei it each op kêst 1.3, tredde lid, fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2022,

beslute de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2025 fêst te stellen.

Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2025

Kêst 1 Begrypsbepalings

Yn dizze regeling en de bepalings dy’t dêrop berêste, wurdt ferstien ûnder:

  • a.

    Asv 2022: Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2022;

  • b.

    Beliedsplan Fryske taal: in beliedsplan oangeande it gebrûk fan de Fryske taal as bedoeld yn kêst 5, twadde lid, fan de WGFT, fêststeld troch in yn Fryslân fêstige bestjoersorgaan dat net ta de sintrale oerheid heart;

  • c.

    Desintrale oerheid: in gemeente, wetterskip of mienskiplike regeling;

  • d.

    Digitale iepenbiere romte: websiden of oare digitale middels mei dêrop frij tagonklike ynformaasje;

  • e.

    Fryske taal: de Fryske taal of in yn Fryslân sprutsen streektaal;

  • f.

    Fysike iepenbiere romte: gebou, romte of plak yn ‘e iepen loft dat foar publyk tagonklik is, en net privee romte is;

  • g.

    Meartalichheidskoördinator: De meartalichheidskoördinator is ûnôfhinklik en trunet de gemeenten oan it Frysk yn alle fasetten fan harren belied te brûken en fuort te sterkjen. De meartalichheidskoördinator hat de rol fan brêge tusken de oerheid en it taalfjild. Hy/sy siket ferbining mei organisaasjes yn de eigen gemeente op it mêd fan kultuer, ûnderwiis en it sosjale domein. De meartalichheidskoördinator lit dy organisaasjes de mearwearde fan it Frysk sjen en stipet harren by it yntegrearjen fan it Frysk yn harren wurk.

  • h.

    Pinnefierder: in gemeente dy’t út namme fan oare gemeenten optreedt as fertsjintwurdiger en oanfreger fan in subsydzje;

  • i.

    UAsv 2022: Utfieringsregeling Asv provinsje Fryslân 2022;

  • j.

    WGFT: Wet gebrûk Fryske taal fan 2 oktober 2013, dy’t ynhâldt regels oangeande it brûken fan de Fryske taal yn it bestjoerlik ferkear en yn it rjochtsferkear.

Kêst 2 Doel

It subsydzje hat as doel om de sichtberens en it brûken fan ’e Fryske taal yn it iepenbiere libben en ’e publike romte yn Fryslân te fergrutsjen.

Kêst 3 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin foar de neikommende aktiviteiten beskikber steld wurde:

  • a.

    it útfieren fan aktiviteiten dy’t neamd binne yn of fuortkomme út it Beliedsplan Fryske taal;

  • b.

    it ynsetten fan ûnôfhinklike meartalichheidskoördinatoaren by gemeenten;

  • c.

    it pleatsen of publisearjen fan Fryske teksten yn ‘e fysike of digitale iepenbiere romte. It skriuwen fan boeken is yn dizze regeling net subsidiabel.

Kêst 4 Doelgroep

  • 1. Subsydzje foar de aktiviteiten lykas bedoeld yn kêst 3, ûnder a, wurdt inkeld en allinne oan yn ’e provinsje Fryslân fêstige desintrale oerheid beskikber steld.

  • 2. Subsydzje foar de aktiviteiten lykas bedoeld yn kêst 3, ûnder b, wurdt inkeld en allinne oan gemeenten in Fryslân beskikber steld.

  • 3. Subsydzje foar de aktiviteiten lykas bedoeld yn kêst 3, ûnder c, wurdt

    • a.

      inkeld en allinne oan in yn de provinsje Fryslân fêstige privaatrjochtlike rjochtspersoan beskikber steld.

    • b.

      net besikber besteld oan Stichting Afûk.

Kêst 5 Iepenstellingsbeslút

  • 1. Deputearre Steaten kinne iepenstellingsbesluten fêststelle.

  • 2. It Iepenstellingsbeslút befettet yn elts gefal in subsydzjeplafond en in oanfraachperioade.

Kêst 6 Oanfraach

  • 1. In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne binnen de yn it iepenstellingsbeslút fêststelde oanfraachperioade.

  • 2. In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch it brûken fan in oanfraachformulier dat troch Deputearre Steaten fêststeld is en foarsjoen fan alle bylagen dy’t dêryn ferplichte binne, te witten:

    • a.

      In projektplan, mei dêryn in beskriuwing fan de aktiviteiten dêr't subsydzje foar oanfrege wurdt en in taljochting yn hoefier't de aktiviteiten foldogge oan de kritearia dy't yn kêst 8 neamd binne.

    • b.

      In begrutting mei in oersjoch fan de kosten en opbringsten fan de aktiviteiten dêr't subsydzje foar frege wurdt, ynklusyf in ûnderbouwing dêrfan.

    • c.

      Oanfragen foar subsydzje foar aktiviteiten lykas bedoeld yn kêst 3, ûnder c, befetsje dêrneist in skriftlike beoardieling fan de aktiviteiten troch de Afûk.

  • 3. In oanfraach foar subsydzje foar aktiviteiten lykas bedoeld yn kêst 3, ûnder b, kin troch in gemeente, dy’t as pinnefierder út namme fan oare gemeenten optreedt, yntsjinne wurde.

Kêst 7 Ferdielsystematyk

  • 1. Subsydzje wurdt ferparte yn folchoarder fan datum fan ynkommen fan ’e subsydzje-oanfragen. Dêrby jildt dat, de datum fan ynkommen, de datum is dat de oanfraach folslein is.

  • 2. Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar folsleine oanfragen dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 8 Hifkingskritearia

  • 1. Om foar in subsydzje foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 3, ûnder a, yn ’e beneaming te kommen moat foldien wurde oan de folgjende kritearia:

    • a.

      de oanfreger beskikt oer in fêststeld Beliedsplan Fryske taal;

    • b.

      de aktiviteit is neamd yn, of yn oerienstimming mei, it ûnder a bedoelde Beliedsplan Fryske taal;

    • c.

      de aktiviteit soarget oanwiisber foar in gruttere sichtberens of brûken fan it Frysk.

  • 2. Om foar in subsydzje foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 3, ûnder b, yn ‘e beneaming te kommen moat foldien wurde oan de folgjende kritearia:

    • a.

      Eksterne ferbiner: De wurksumens fan de meartalichheidskoördinator beheine harren net ta de muorren fan it gemeentehûs, mar de fokus leit ek op it fergrutsjen en fuortsterkjen fan de ferbining mei eksterne partijen. De meartalichheidskoördinator soarget derfoar dat relevante eksterne partners harren bewust binne fan de mearwearde fan it Frysk en de streektalen. De meartalichheidskoördinator bout oan in ekstern taalnetwurk en fungearret as in brêge tusken harren en de oerheid. Ek helpt in meartaligenskoördinator eksterne partijen mei it opsetten fan aktiviteiten en it finen fan subsydzje(-kânsen).

    • b.

      Ynterne ambassadeur en ferbiner: De meartalichheidskoördinator kreëarret ek draachflak foar de útfiering fan it taalbelied en soarget foar mear bewustwurding foar de taal yntern. De koördinator is in fraachbaak en tinkt mei de kollega’s mei oer hoe’t dy it Frysk yntegrearje kinne yn harren wurksumens en belied. As ynterne ambassadeur en ferbiner soarget de meartalichheidskoördinator derfoar dat alle beliedsfjilden harren bewust binne fan de mearwearde fan it Frysk en dêrom de taal meinimme yn harren belied.

    • c.

      Stiper fan belied: As spin yn ‘e gemeentlike organisaasje stipet in meartalichheidskoördinator de beliedsamtner by it soargjen foar in aktueel gemeentlik taalbelied en de útfiering dêrfan. De meartalichheidskoördinator is dêrmei in oanfolling op de beliedsamtner. De koördinator is op ‘e hichte fan it hjoeddeistige taalbelied (nasjonaal, provinsjaal en gemeentlik) en fan it Europeesk Hânfêst foar Regionale talen en talen fan minderheden. Dêrneist is de koördinator ek út op ‘e ferplichtings fan de WGFT en sjocht mei de beliedsamtner mei foar de útfiering fan dy ferplichtings.

    • d.

      De meartalichheidskoördinator is of komt net yn tsjinst fan in gemeente.

    • e.

      As de oanfraach troch in pinnefierder yntsjinne wurdt, dan binne de ôfspraken tusken gemeenten yn in gearwurkingsoerienkomst, neffens it troch Deputearre Steaten beskikber stelde model gearwurkingsoerienkomst, fêstlein.

  • 3. Om foar in subsydzje foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 3, ûnder c, yn ’e beneaming te kommen moat foldien wurde oan de folgjende kritearia:

    • a.

      de aktiviteit soarget oanwiisber foar in gruttere sichtberens of brûken fan it Frysk;

    • b.

      de aktiviteit hat de yntinsje om langer as 1 moanne sichtber te wêzen;

    • c.

      de aktiviteit is troch de Afûk beoardiele.

Kêst 9 Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt yn alle gefallen wegere as:

  • a.

    de oanfraach net yn oerienstimming is mei it doel fan dizze regeling;

  • b.

    de oanfreger net yn ’e doelgroep fan ’e regeling falt;

  • c.

    gjin sprake is fan in subsidiabele aktiviteit as bedoeld yn artikel 3;

  • d.

    de aktiviteit net foldocht oan ien of mear fan ’e hifkingskritearia, lykas bedoeld yn kêst 8;

  • e.

    foar deselde aktiviteit, dêr’t subsydzje foar oanfrege is, al earder in subsydzje troch de provinsje Fryslân beskikbar foar steld is;

  • f.

    de oanfraach subsidiabel is op grûn fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân;

  • g.

    in oanfraach bûten de oanfraachperioade, lykas bedoeld yn kêst 6, ûntfongen wurdt;

  • h.

    op grûn fan dizze regeling binnen deselde iepenstellingsperioade al subsydzje beskikber steld is oan deselde oanfreger yn deselde kategory as neamd yn kêst 3.

Kêst 10 Subsidiabele en net subsidiabele kosten

  • 1. Foar subsydzje komme yn ’e beneaming de kosten dy’t streekrjocht oan de subsidiabele aktiviteit ta te rekkenjen binne en yn reedlikheid nedich binne foar de útfiering dêrfan.

  • 2. Mei behâld fan wat yn paragraaf 2.3 fan ’e UAsv 2022 stiet, komme de neikommende kosten net foar subsydzje yn ’e beneaming:

    • a.

      strukturele kosten foar it ûnderhâlden fan in webside of oare digitale ynformaasjemiddels;

    • b.

      reis- of ferbliuwskosten.

Kêst 11 Hichte fan it subsydzje

  • 1. Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 3, ûnder a, bedraacht it subsydzje maksimaal 80% fan ’e subsidiabele kosten mei in minimum fan € 2.500,- en in maksimum fan € 10.000,-.

  • 2. Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 3, ûnder b, bedraacht it subsydzje maksimaal 100% fan ‘e subsidiabele kosten, mei in maksimum de gemeente dat alle jierren yn it iepenstellingsbeslút fêststeld wurdt.

  • 3. Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 3, ûnder c, bedraacht it subsydzje maksimaal 80% fan ’e subsidiabele kosten, mei in minimum fan € 1.000,- en in maksimum fan € 5.000,-.

Kêst 12 Ferplichtings fan ’e subsydzjeûntfanger

  • 1. De subsydzjeûntfanger is ferplichte om de aktiviteiten dêr’t subsydzje oan jûn is binnen tolve moanne neidat it subsydzje ferstrekt is út te fieren.

  • 2. Oan de subsydzjeûntfanger kinne by it beskikber stellen fan it subsydzje ferplichtings oangeande de fersprieding en it berik fan de aktiviteiten oplein wurde.

  • 3. As subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as bedoeld yn kêst 3, ûnderdiel c is de subsydzjeûntfanger ferplichte de Fryske teksten foar it brede publyk sichtber te hâlden salang’t it ûnderwerp dêr’t it ferbân mei hat aktueel is.

  • 4. As subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as bedoeld yn kêst 3, ûnderdiel c, is de subsydzjeûntfanger ferplichte de teksten oersette te litten troch in oersetter dy’t betûft is yn it Frysk, of de sels opstelde of oersette teksten kontrolearje te litten troch in oerset-/taalburo sa as neamd op Oersetburo’s » Afûk (afuk.frl), om der yn alle gefallen foar te soargjen dat de teksten yn geef Frysk en sûnder skriuwflaters te lêzen binne.

Kêst 13 Ferantwurding en fêststelling

  • 1. By in subsydzje oant € 25.000,- wurdt in beskikking ta subsydzjeferliening jûn, mei opjefte fan de termyn dêr’t deputearre steaten it subsydzje uterlik fan amtswegen yn fêststelle. De subsydzjeûntfanger lit as dêr om frege wurdt sjen dat de aktiviteiten ferrjochte binne en dat oan de oan it subsydzje ferbûne ferplichtings foldien is.

  • 2. By in subsydzje fan € 25.000,- ôf tsjinnet de subsydzjeûntfanger in oanfraach ta fêststelling fan it subsydzje yn. By de oanfraach wurdt in aktiviteiteferslach oerlein, dêr’t út bliken docht dat de aktiviteit dêr’t subsydzje beskikber foar steld is neffens it beslút ta subsydzjeferliening ferrjochte is en oan de subsydzje ferbûne ferplichtings foldien is. Deputearre steaten beslisse binnen 22 wike op in oanfraach om fêststelling fan it subsydzje.

Kêst 14 Ynlûken en Oergongsrjocht

De Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2024 wurdt ynlutsen, mei it betingst dat dy fan tapassing bliuwt op subsydzjes dy’t op grûn fan dy regeling beskikber steld binne.

Kêst 15 It yngean

Dizze regeling giet yn mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal Blad dêr’t dy yn pleatst wurdt.

Kêst 16 Siteartitel

Dizze regeling wurdt oanhelle as: Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2025.

Ondertekening