Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2024

Geldend van 28-11-2024 t/m heden

Intitulé

Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2024

Deputearre Steaten fan Fryslân,

mei it each op kêst 1.3, tredde lid, fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2022,

BESLUTE:

De Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2024 as folget fêst te stellen:

Kêst 1 Begrypsbepalings

Yn dizze regeling en de bepalings dy’t dêrop berêste, wurdt ferstien ûnder:

  • a.

    Asv 2022: Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2022;

  • b.

    Audiofisuele produksje: in film of searje;

  • c.

    Beliedsplan Fryske taal: in beliedsplan oangeande it gebrûk fan de Fryske taal as bedoeld yn kêst 5, twadde lid, fan de WGFT, fêststeld troch in yn Fryslân fêstige bestjoersorgaan dat net ta de sintrale oerheid heart;

  • d.

    Desintrale oerheid: in gemeente, wetterskip of mienskiplike regeling;

  • e.

    Fryske taal: de Fryske taal of in yn Fryslân sprutsen streektaal;

  • f.

    Ynformaasjemiddel: middel dêr’t ynformaasje op toand wurdt, lykas in webside, poster, flyer, advertinsje of ynformaasjeboerd;

  • g.

    UAsv 2022: Utfieringsregeling Asv provinsje Fryslân 2022;

  • h.

    WGFT: Wet gebrûk Fryske taal fan 2 oktober 2013, dat ynhâldt regels oangeande it brûken fan de Fryske taal yn it bestjoerlik ferkear en yn it rjochtsferkear.

Kêst 2 Doel

It subsydzje hat as doel om de sichtberens en it brûken fan ’e Fryske taal yn it iepenbiere libben en ’e publike romte yn Fryslân te fergrutsjen.

Kêst 3 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin foar de neikommende aktiviteiten beskikber steld wurde:

  • a.

    it útfieren fan aktiviteiten dy’t neamd binne yn of fuortkomme út it Beliedsplan Fryske taal;

  • b.

    it ûntwikkeljen fan oarspronklike Frysktalige ynformaasjemiddels, ornearre foar it publyk;

  • c.

    it oersetten fan besteande ynformaasjemiddels dy’t op it publyk rjochte binne nei de Fryske taal;

  • d.

    it ûntwikkeljen fan in audiofisuele produksje dêr’t de Fryske taal in promininte rol yn spilet.

  • e.

    oare as de hjirfoar ûnder a/d bedoelde aktiviteiten dy’t de sichtberens en it hearren fan ’e Fryske taal yn ’e Fryske mienskip oanwiisber fergrutsje en dêrmei de posysje fan dy taal ferstevigje;

Kêst 4 Doelgroep

  • 1. Subsydzje foar de aktiviteiten lykas bedoeld yn kêst 3, ûnder a, wurdt inkeld en allinne oan yn ’e provinsje Fryslân fêstige desintrale oerheid beskikber steld.

  • 2. Subsydzje foar de aktiviteiten lykas bedoeld yn kêst 3, ûnder b oant en mei e, wurdt inkeld en allinne oan in yn de provinsje Fryslân fêstige privaatrjochtlike rjochtspersoan beskikber steld.

Kêst 5. Iepenstellingsbeslút

  • 1. Deputearre Steaten kinne Iepenstellingsbesluten fêststelle.

  • 2. It Iepenstellingsbeslút befettet yn elts gefal in subsydzjeplafond en in oanfraachperioade.

  • 3. Deputearre Steaten kinne yn it iepenstellingsbeslút ek regelje dat:

    • a.

      oare as de yn artikel 3 neamde aktiviteiten subsidiearre wurde kinne;

    • b.

      it yntsjinjen fan oanfragen oars kin as op de wize as bedoeld yn artikel 6;

    • c.

      oare as de yn artikel 10 bedoelde kosten wol of net subsidiabel binne.

Kêst 6. Oanfraach

  • 1. In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne binnen de yn it iepenstellingsbeslút fêststelde oanfraachperioade.

  • 2. In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch it brûken fan in oanfraachformulier dat troch Deputearre Steaten fêststeld is.

Kêst 7 Ferdielsystematyk

  • 1. Subsydzje wurdt ferparte yn folchoarder fan datum fan ynkommen fan ’e subsydzje-oanfragen. Dêrby jildt dat de datum fan ynkommen de datum is dat de oanfraach folslein is.

  • 2. Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar folsleine oanfragen dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 8 Hifkingskritearia

  • 1. Om foar in subsydzje foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 3, ûnder a, yn ’e beneaming te kommen moat foldien wurde oan de folgjende kritearia:

    • a.

      de oanfreger beskikt oer in fêststeld Beliedsplan Fryske taal;

    • b.

      de aktiviteit is neamd yn, of yn oerienstimming mei, it ûnder a bedoelde Beliedsplan Fryske taal;

    • c.

      de aktiviteit soarget oanwiisber foar in gruttere sichtberens of brûken fan it Frysk.

  • 2. Om foar in subsydzje foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 3, ûnder b, c en e, yn ’e beneaming te kommen moat de aktiviteit oanwiisber soargje foar in langduorjend gruttere sichtberens of brûken fan it Frysk;

  • 3. Om foar in subsydzje foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 3, ûnder d, yn ’e beneaming te kommen moat foldien wurde oan de folgjende kritearia:

    • a.

      de produksje is geskikt en tagonklik foar in breed publyk yn Fryslân;

    • b.

      de makkers fan de produksje hawwe in dúdlik, realistysk en útfierber plan hoe’t sy de produksje yn it omtinken bringe sille by it brede publyk;

    • c.

      de makkers hawwe oanwiisbere ûnderfining yn it ûntwikkeljen fan audiofisuele produksjes fan profesjonele kwaliteit;

    • d.

      it gebrûk fan de sprutsen Fryske taal spilet in promininte rol yn de produksje en de Fryske taal wurdt op in positive en represintative manier werjûn;

    • e.

      de begrutting is realistysk en slutend en it oanfrege bedrach is yn ferhâlding ta de grutte fan it projekt. De Fair Practice Code wurdt oanholden;

    • f.

      sawol it produksjeteam, as de spilers, besteane foar it grutste part út persoanen dy’t yn Fryslân wenje.

Kêst 9 Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt yn alle gefallen wegere as:

  • a.

    it beskikber stellen fan subsydzje net yn oerienstimming is mei it doel fan dizze regeling;

  • b.

    de oanfreger net yn ’e doelgroep fan ’e regeling falt;

  • c.

    gjin sprake is fan in subsidiabele aktiviteit as bedoeld yn artikel 3;

  • d.

    de aktiviteit net foldocht oan ien of mear fan ’e hifkingskritearia, lykas bedoeld yn kêst 8;

  • e.

    foar deselde aktiviteit, dêr’t subsydzje foar oanfrege is, al earder in subsydzje troch de provinsje Fryslân of in oare ynstânsje beskikber steld is;

  • f.

    de aktiviteit subsidiabel is op grûn fan paragraaf 2.1 Frysktalige literatuer of paragraaf 2.2. Oersetten en bewurkjen fan literatuer fan ’e Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân;

  • g.

    in oanfraach bûten de oanfraachperioade, lykas bedoeld yn kêst 6, ûntfongen wurdt;

  • h.

    op grûn fan dizze regeling binnen deselde iepenstellingsperioade al subsydzje beskikber steld is oan deselde oanfreger.

Kêst 10 Subsidiabele en net subsidiabele kosten

  • 1. Foar subsydzje komme yn ’e beneaming de kosten dy’t streekrjocht oan de subsidiabele aktiviteit ta te rekkenjen binne en yn reedlikheid nedich binne foar de útfiering dêrfan.

  • 2. Mei behâld fan wat yn paragraaf 2.3 fan ’e UAsv 2022 stiet, komme de neikommende kosten net foar subsydzje yn ’e beneaming:

    • a.

      strukturele kosten foar it ûnderhâlden fan in webside of oare digitale ynformaasjemiddels;

    • b.

      reis- of ferbliuwskosten.

Kêst 11 Hichte fan it subsydzje

  • 1. Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 3, ûnder a, bedraacht it subsydzje maksimaal 80% fan ’e subsidiabele kosten mei in minimum fan € 2.500,- en in maksimum fan € 10.000,-.

  • 2. Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 3, ûnder b of e, bedraacht it subsydzje maksimaal 80% fan ’e subsidiabele kosten, mei in minimum fan € 2.500,- en in maksimum fan € 5.000,-.

  • 3. Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 3, ûnder c, bedraacht it subsydzje € 0,20 it wurd, mei in minimum fan € 500,- en in maksimum fan € 1.000,-.

  • 4. Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 3, ûnder d, bedraacht it subsydzje 80% fan ’e subsidiabele kosten mei in minimum fan € 10.000,- en in maksimum fan € 60.000,-.

Kêst 12 Ferplichtings fan ’e subsydzjeûntfanger

  • 1. De subsydzjeûntfanger is ferplichte om de aktiviteiten dêr’t subsydzje oan jûn is binnen acht moanne neidat it subsydzje ferstrekt is út te fieren.

  • 2. Oan de subsydzjeûntfanger kinne by it beskikber stellen fan it subsydzje ferplichtings oangeande de fersprieding en it berik fan it ynformaasjemiddel oplein wurde.

  • 3. As subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as bedoeld yn kêst 3, ûnderdiel c of d, is de subsydzjeûntfanger ferplichte it ynformaasjemiddel foar it brede publyk sichtber te hâlden salang’t it ûnderwerp dêr’t it ferbân mei hat aktueel is.

  • 4. As subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as bedoeld yn kêst 3, ûnderdiel b, c of e, is de subsydzjeûntfanger ferplichte de teksten oersette te litten troch in oersetter dy’t betûft is yn it Frysk, of de sels opstelde of oersette teksten kontrolearje te litten troch in oerset-/taalburo sa as neamd op Oersetburo’s » Afûk (afuk.frl), om der yn alle gefallen foar te soargjen dat de teksten yn geef Frysk en sûnder skriuwflaters te lêzen binne.

Kêst 13 Ferantwurding en fêststelling

  • 1. By in subsydzje oant € 25.000,- wurdt in beskikking ta subsydzjeferliening jûn, mei opjefte fan de termyn dêr’t deputearre steaten it subsydzje uterlik fan amtswegen yn fêststelle. De subsydzjeûntfanger lit as dêr om frege wurdt sjen dat de aktiviteiten ferrjochte binne en dat oan de oan it subsydzje ferbûne ferplichtings foldien is.

  • 2. By in subsydzje fan € 25.000,- ôf tsjinnet de subsydzjeûntfanger in oanfraach ta fêststelling fan it subsydzje yn. By de oanfraach wurdt in aktiviteiteferslach oerlein, dêr’t út bliken docht dat de aktiviteit dêr’t subsydzje beskikber foar steld is neffens it beslút ta subsydzjeferliening ferrjochte is en oan de subsydzje ferbûne ferplichtings foldien is. Deputearre steaten beslisse binnen 22 wike op in oanfraach om fêststelling fan it subsydzje.

Kêst 14 Ynlûken en Oergongsrjocht

De Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2023 wurdt ynlutsen, mei it betingst dat dy fan tapassing bliuwt op subsydzjes dy’t op grûn fan dy regeling ferstrekt binne.

Kêst 15 It yngean

Dizze regeling giet yn mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal Blad dêr’t dy yn pleatst wurdt.

Kêst 16 Siteartitel

Dizze regeling wurdt oanhelle as: Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2024.

Ondertekening