Regeling vervallen per 19-06-2018

Oardering oer it brûken fan de Fryske taal yn it skriftlik ferkear by de gemeente Hearrenfean

Geldend van 17-07-2010 t/m 18-06-2018

Intitulé

Oardering oer it brûken fan de Fryske taal yn it skriftlik ferkear by de gemeente Hearrenfean

De gemeenterie fan Hearrenfean;

sjoen it útstel fan it kolleezjee fan boargemaster en wethâlders fan 12 maaie 2009;

yn omtinken nimmende dat it brûken fan de Fryske taal yn it offisjele ferkear stipe wurdt troch de gemeente Hearrenfean; ;

dat artikel 2:9 fan de Algemene wet bestuursrecht de bestoersorganen it foech jout om regels te stellen foar it brûken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken;

omtinken jaande oan de Algemene wet bestuursrecht en oan de Gemeentewet;

BESLUT:

om de neikommende oardering oer it brûken fan de Fryske taal yn it skriftlik ferkear by de gemeente Hearrenfean fêst te stellen;

Artikel 1: definysjes

Yn dizze oardening wurdt ferstien ûnder:

  • twataligens: kar foar de Nederlânske of de Fryske taal;

  • bestjoersorganen: gemeenterie, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, en de boargemaster.

Artikel 2: berik fan de oardening

Dizze oardening regelt it brûken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken fan de gemeente Hearrenfean.

Artikel 3: rjocht fan taalkar

De bestjoersorganen hawwe it rjocht om te kiezen foar it brûken fan de Fryske taal, foar safier't dat rjocht net beheind wurdt troch wetlike bepalings.

Artikel 4: taalkar

De bestjoersorganen kieze foar it begjinsel fan twataligens.

Artikel 5: kritearia taalkar

By de taalkar wurdt yn alle gefallen rekken hâlden mei:

  • a.

    de taalkritearia sa't dy dellein binne yn artikel 2:10 fan de Algemene wet bestuursrecht;

  • b.

    it belang om deselde taal te brûken as dêr't it bestjoersorgaan yn oanskreaun is (folgjend taalbelied);

  • c.

    de kontinuïteit fan de taalkar;

  • d.

    de bestimming fan de dokuminten;

  • e.

    de konsiderâns fan ôfdieling 2.2 fan de Algemene wet bestuursrecht: “groter gewicht toe te kennen aan de beginselen van gelijke behandeling en gelijkwaardigheid van de Friese taal in de provincie Friesland.”

Artikel 6: oersettingsregeling

Is in dokumint yn de Fryske taal steld, dan jout it bestjoersorgaan op fersyk in Nederlânsktalige oersetting.

Artikel 7: slotbepalings

  • 1.

    Dizze oardening giet yn 8 dagen nei publikaasje.

  • 2.

    Dizze oardening kin oanhelle wurde as “Oardening Frysk yn it skriftlik ferkear”.

    Taljochting it artikel

    Artikel 1:

    Dit artikel jout definysjes foar begripen dy't net omskreaun binne yn de Algemene wet bestuursrecht.

    Artikel 2:

    Yn dit artikel wurdt de wurking fan de oardening oanjûn. Der binne twa begrinzings.

    Yn it foarste plak jildt de oardening allinnich foar de bestjoersorganen fan de gemeente Hearrenfean. Der wurde dus gjin regels steld dy't fan betsjutting binne foar de taalkar fan de boargers. Yn de Algemene wet bestuursrecht binne dêr wol bepalings oer opnommen.

    It doel fan de oardening is lykwols rjochtswissens te bieden oan boargers yn de omgong mei bestjoersorganen. It is dus saak om sa dúdlik mooglik te omskriuwen hoe't de gemeente mei it Frysk omgiet.

    Yn it twadde plak jildt de oardening allinnich foar it skriftlik ferkear. It mûnling ferkear is in saak fan “normale wederkerende tegemoetkomendheid”, sa't dat ek al neamd waard yn it einrapport fan de Kommisje Kingma Boltjes yn 1953. Dêrneist binne yn artikels 2:7 en 2:8 fan de Algemene wet bestuursrecht regels opnommen oer it mûnling ferkear.

    Krekt mei it skriftlik ferkear hingje rjochten en ferplichtings gear. Yn artikel 2:9 fan de Algemen wet bestuursrecht wurdt oan de yn de provinsje Fryslân festige bestjoersorganen dy't net ta de sintrale oerheid hearre, dan ek eksplisyt it foech jûn om regels te stellen foar it brûken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken.

    Artikel 3:

    De bestjoersorganen fan de gemeente binne: de gemeenterie, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, en de boargemaster.

    It rjocht fan frije taalkar kin beheind wurde troch wetlike bepalings. Dêrûnder wurde formeel wetlike bepalings ferstien, lykas artikel 2:10 en 2:11 út de Algemene wet bestuursrecht.

    Artikel 4:

    Yn 'e diskusje oer it Frysk yn it bestjoerlik ferkear spilet de fraach oft foar twataligens of dûbeltaligens keazen wurde moat. Twataligens docht rjocht oan it begjinsel fan lykweardigens, mar freget wol in bewuste kar yn eltse situaasje. Dûbeltaligens jout in konkurrinsjeferhâlding en it kostet mear tiid en jild om alles yn twa talen op te stellen.

    Yn de Algemene wet bestuursrecht bliuwt de mooglikheid iepen foar beide stelsels.

    Wurdt der keazen foar dûbeltaligens dan hoege artikel 5 en 6 net opnommen te wurden, om't by dûbeltaligens gjin taalkar makke wurde hoecht en gjin oersettingsregeling nedich is. Alle dokuminten wurde dan skreaun yn it Nederlânsk en yn it Frysk.

    De kar foar ien fan de alternativen is tagelyk in kar foar ien fan beide stelsels. Yn de Hearrenfeanske oardening is keazen foar it begjinsel fan twataligens.

    Artikel 5:

    Yn it oarspronklike wetsútstel fan de Algemene wet bestuursrecht wiene algemiene rjochtlinen opnommen dy't yn grutte halen oanjouwe mei hokker faktoren rekken hâlden wurde moat by it meitsjen fan in taalkar. Dizze algemiene rjochtlinen binne út de úteinlike wetstekst skrast omdat yn artikel 2:10 al inkelde mear twingende noarmen opnommen binne foar it skiftlik gebrûk fan de Fryske taal yn it bestjoerlik ferkear. Yn de taljochting fan it ministearje fan Binnenlânske Saken (opnommen yn de nota nei oanlieding fan it ferslach fan de twadde keamerfraksjes) wurdt steld dat hja der

    fanút geane dat de Fryske gemeenten dy't in taaloardening opstelle, dêrby rekken hâlde mei de earder neamde algemiene rjochtlinen. Omdat dizze algemiene rjochtlinen ek oanslute by de besteande praktyk yn Fryslân hawwe wy se opnommen yn de oardening. Tegearre mei artikel 2:10 foarmje se in goede basis foar de taalkar.

    De oardening giet út fan de algemien akseptearre útgongspunten foar regeljouwing oer it brûken fan it Frrysk yn it bestjoerlik ferkear, nammentlik de lykweardigens en lykberjochtiging fan it Frysk en it Nederlânsk as talen fan it offisjele ferkear yn Fryslân. Yn artikel 5, lid e binne dizze útgongspunten dellein en dêrmei ek it útgongspunt fan dizze oardening: it ferbetterjen fan de posysje fan it frysk yn it bestjoerlik ferkear troch it fieren fan in eksplisyt taalbelied.

    Artikel 6:

    In oersettingsregel is wichtich foar de rjochtsbeskerming fan net-Frysktaligen. As der sprake is fan in belanghawwende is de oersetting fergees. Yn alle oare gefallen kinne gemeenten sels beslute oft hja al of net in fergoeding freegje foar in oersetting. Yn de oardening is de kar makke dat men in oersetting fan in Frysk dokumint op fersyk fergees krije kin.

    Artikel 7:

    Dit artikel is algemien en jout gjin oanlieding ta op- of oanmerkings.

    Sa fêststeld yn de iepenbiere riegearkomste fan 8 juny 2009.

De griffier,

De foarsitter,

RVS Verordening Fries

In het kader van de gemeentelijke herindeling van de gemeente Boarnsterhim en de gemeente Heerenveen, als ook de toevoeging van het gebied van de grenscorrectie met de gemeente Skarsterlân per 1 januari 2014 wordt deze regeling geldend verklaard voor het gehele grondgebied van de gemeente Heerenveen.