Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân

Geldend van 22-12-2022 t/m 30-12-2023

Intitulé

Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân

Uitvoeringsregeling van 1 juli 2014, houdende regels betreffende de subsidiëring van activiteiten op het terrein van Kultuer & Mienskip.

Gedeputeerde Staten van Fryslân,

gelet op artikel 1.3, vierde lid, van de Algemene subsidieverordening provincie Fryslân 2013;

overwegende dat het wenselijk is om uitvoering te geven aan de beleidsnota “Grinzen Oer”,

besluiten:

vast te stellen de Subsidieregeling kultuer en mienskip Fryslân:

Haadstik 1 Algemiene bepalings

Kêst 1.1 Begrypsbepalings

  • a.

    aktive kultuerpartisipaasje: alle foarmen fan it aktyf beoefenjen en artistyk ûntwikkeljen fan kultuer yn de frije tiid, dus bûten skoalle en wurk;

  • b.

    ASV: Algemiene subsydzjeferoarering provinsje Fryslân 2013;

  • c.

    boppelokaal belang: it doelpublyk omfiemet ynwenners fan mear gemeenten;

  • d.

    boppelokaal festival: festival mei gemeentegrins oerstiigjende provinsjale, nasjonale of ynternasjonale besikersstream yn kombinaasje mei nasjonale of ynternasjonale festivalprogrammearring;

  • e.

    breedtesport: sport, gjin topsport, dy’t troch alle lagen fan de befolking op amateurbasis beoefene wurde kin;

  • f.

    erkende sport: sport dêr’t in sportbûn foar is dy’t by it NOC*NSF oansletten is;

  • g.

    erfgoed: materieel likegoed as ymmaterieel erfgoed yn de provinsje Fryslân;

  • h.

    fakdosint: in persoan mei in foech dy’t autorisearre is om in spesifyk fak oan learlingen te ûnderwizen;

  • i.

    festival: tydlike, net oan in fêst plak bûn en iepenbier tagonklik, periodyk weromkommend barren mei in boppelokaal berik, wêrby’t in rige fan muzyk-, toaniel- of oare keunst- en kultueruterings sintraal stiet;

  • j.

    fiksje: fertelwize dy't op betochte eleminten berêst, net op 'e werklikheid berêstende foarstelling dy't men as útgongspunt oannimt. Dêr falle ûnder oare jongereinliteratuer en berneboeken ûnder.

  • k.

    Fryske sporten: Keatse, Fierljeppe, Skûtsjesile, Damjen Frysk spul, en de Fryske hynstesport;

  • l.

    Fryske taal en Frysktalich: it Frysk en in yn Fryslân aktyf brûkte Fryske streektaal;

  • m.

    Frisistyk: wittenskip dy’t de Fryske taal en kultuer bestudearret;

  • n.

    Iepenloftspul: Frysktalige (muzyk)teaterproduksje, of in (muzyk)teaterproduksje yn in Fryske streektaal dy’t yn de iepen loft is yn de perioade maaie oant oktober fan in jier;

  • o.

    lesoere: de tydsienheid wêryn’t in beskaat fak ûnderwiisd wurdt;

  • p.

    media-,byldzjende keunst- en letterefestival: in festival mei as kearnaktiviteit presintaasjes op it mêd fan media, byldzjende keunst en letteren, mei dêryn begrepen it sprutsen wurd, of in mingfoarm dêrfan;

  • q.

    meartaligens: it brûken fan it Frysk en op syn minst ien oare taal;

  • r.

    novelle: in proazaferhaal fan beheinde omfang, mei in ienfâldige struktuer en in lyts tal personaazjes;

  • s.

    non-fiksje: literatuer wêryn’t de feiten beskreaun wurde. Dat kin yn de foarm fan in neislachwurk, in biografy of autobiografy of in wittenskiplik wurk;

  • t.

    personielskosten: kosten yn ferbân mei it ynhieren of it brûken fan betelle personiel, besteande út direkte en yndirekte leankosten of in oare jildlike fergoeding;

  • u.

    play-off wedstriden: wedstriden nei ôfrin fan de reguliere kompetysje fan de feriening, mei ien fan de neikommende doelen: útmeitsje wa’t of hokker team (fan it lân) kampioen wurdt; útmeitsje wa’t of hokker teams promovearje of degradearje; útmeitsje wa’t of hokker team talitten wurdt yn in ynternasjonale kompetysje;

  • v.

    poadiumkeunsten: artistike disiplines dy’t op in poadium beoefene wurde;

  • w.

    poadiumkeunstefestival: in festival mei as kearnaktiviteit útfierings op it mêd fan muzyk, dûns, teater, of in mingfoarm dêrfan;

  • x.

    PO profyl: profyl A o/m G lykas foar it primêr ûnderwiis fêstlein yn de beliedsregel foar it krijen fan ûntheffing foar it fak Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis;

  • y.

    profesjoneel: útfierenden binne toankeunstner en hâlde harren beropsmjittich dwaande mei de produksje fan poadiumkeunsten;

  • z.

    profesjonele redakteur: dejinge dy’t op basis fan in formele oanstelling mei de (ein)redaksje fan ûnder oare in boek belêste is;

  • aa.

    redigearje: it yn oarder meitsjen, opstellen fan in deiblêd, tydskrift ensfh;

  • bb.

    publikaasje: publisearre oarspronklik, literêr wurk yn papieren, digitale of auditive boekfoarm, of in senario fan in tv-searje, film of toanielstik dat útstjoerd of opfierd is;

  • cc.

    sekundêre literatuer: teksten dy’t ferwize nei of in synteze meitsje fan literêr of wittenskiplik wurk;

  • dd.

    sportevenemint: wedstriid, toernoai of oare beweechaktiviteiten op sportmêd, organisearre troch in sportferiening, stichting of oare organisaasje;

  • ee.

    topsport: sport op nasjonaal of ynternasjonaal prestaasjenivo of profesjonele sport;

  • ff.

    útjefte-oerienkomst: oerienkomst tusken auteur en útjouwerij oangeande de eksploitaasjerjochten op de publikaasje dêr’t op syn minst de bepalings oer it royaltypersintaazje en de lisinsje yn oerienkommen binne, sa’t dat bygelyks regele is yn it Modelcontract GAU/VvL foar de útjefte fan oarspronklik Nederlânsktalich literêr wurk;

  • gg.

    útjouwerij: rjochtspersoan dy’t op kontinu basis bedriuwsaktiviteiten út ‘e wei set foar de útjefte fan literêre wurken;

  • hh.

    útkeaporganisaasje: organisaasje dy’t it risiko fan programmearjen fan foarstellings nimt;

  • ii.

    VO: fuortset ûnderwijs, besteande út vmbo, havo en vwo.

  • jj.

    VO profyl: profyl A t/m D lykas foar it fuortset ûnderwiis fêstlein yn de beliedsregel foar it krijen fan ûntheffing foar it fak Frysk yn it primêr en fuortset ûnderwiis;

Haadstik 2 Fryske taal

Paragraaf 2.1 Frysktalige literatuer

Kêst 2.1.1 Doel

It subsydzje hat as doel om it skriuwen fan Frysktalige fiksje, non-fiksje en toanielstikken te befoarderjen.

Kêst 2.1.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar it skriuwen fan:

  • a.

    oarspronklike Frysktalige literatuer dy’t him rjochtet op bern of jongerein fan 6 oant en mei 16 jier;

  • b.

    de earste Frysktalige publikaasje fan in skriuwer of de earste Frysktalige publikaasje fan in skriuwer yn in foar dy skriuwer nij literêr sjenre;

  • c.

    oarspronklike Frysktalige sekundêre literatuer;

  • d.

    in yn de Nederlânske of bûtenlânske taal skreaun wittenskiplik wurk oer in ûnderwerp dat mei de frisistyk anneks is en dat ek yn de Fryske taal ferskynt;

  • e.

    in oarspronklik Frysktalich toanielstik.

Kêst 2.1.3 Doelgroep

  • 1 Subsydzje foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder a oant en mei d, wurdt inkeld en allinne oan natuerlike persoanen beskikber steld.

  • 2 Subsydzje foar de aktiviteit bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder e, wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan rjochtspersoanen mei folslein rjochtsfoech dy’t harren rjochtsje op it produsearjen of opfieren fan toaniel.

Kêst 2.1.4 Oanfraachperioade

  • 1 In oanfraach foar subsydzje kin ynstjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is.

  • 2 Subsydzje-oanfragen wurde wegere as dy ynkommen binne bûten in perioade dêr’t Deputearre Steaten in subsydzjeplafond foar fêststeld hawwe.

Kêst 2.1.5 Oanfraach

In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearrre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 2.1.6 Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt wegere as:

  • a.

    de aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.1.2 yn ‘e tiid fan ûntfangst fan de oanfraach al folslein klear is;

  • b.

    de aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.1.2 útsein ûnderdiel d, wurdt wegere as, yn it gefal fan in meartalige útjefte, de aktiviteit foarsjocht yn in skriuwen fan minder as 50% yn de Fryske taal;

  • c.

    de boektitel of it toanielstik al yn de oanbelangjende taal folslein oerset is;

  • d.

    de aktiviteit dy’t oanfrege is gjin subsidiabele aktiviteit is as bedoeld ûnder kêst 2.1.2 of de aktiviteit draacht net by oan it doel as bedoeld ûnder kêst 2.1.1;

  • e.

    net foldien wurdt oan de ûnder kêst 2.1.7 neamde hifkingskritearia;

  • f.

    de oanfreger earder al foar deselde aktiviteit subsydzje krige hat.

Kêst 2.1.7 Hifkingskriteria

  • 1 Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder a, jildt dat om foar subsydzje yn ’e beneaming te kommen, oan de neikommende kritearia foldien wurdt:

    • a.

      de oanfreger hat, wannear’t de oanfraach yntsjinne wurdt, op syn minst ien Frysktalich boek of publikaasje publisearre op grûn fan in útjefte-oerienkomst;

    • b.

      de oanfreger hat in oerienkomst of yntinsjeferklearring mei in útjouwer sletten foar útjefte fan it wurk dat mei de oanfraach ferbân hâldt, en

    • c.

      de publikaasje is by it fêststellen fan it subsydzje noch net ferskynd.

  • 2 Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder b, jildt dat om foar subsydzje yn ’e beneaming te kommen, oan de neikommende kritearia foldien wurdt:

    • a.

      wannear’t de oanfraach yntsjinne wurdt, hat de oanfreger op syn minst trije Frysktalige stikken, dy’t in ûnôfhinklike redaksje beoardiele hat, publisearre op in Frysk literêr platfoarm op ynternet of yn in tydskriftfoarm;

    • b.

      de oanfreger hat in oerienkomst of yntinsjeferklearring sletten mei in útjouwer foar de útjefte fan it wurk dêr’t de oanfraach mei ferbân hâldt, en

    • c.

      de publikaasje is by it fêststellen fan it subsydzje noch net ferskynd.

  • 3 Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder c en d jildt dat om foar subsydzje yn ’e beneaming te kommen, oan de neikommende kritearia foldien wurdt:

    • a.

      de oanfreger hat, wannear’t er de oanfraach yntsjinnet:

      • 1°.

        op syn minst ien Frysk- of Nederlânsktalich wurk yn it sjenre sekundêre literatuer op grûn fan in útjefte-oerienkomst of in oar sekundêr wurk oer de Fryske literatuer publisearre; of

      • 2°.

        op syn minst ien Frysk- of Nederlânsktalige dissertaasje publisearre oer in ûnderwerp dat mei de frisistyk ferbân hâldt; of

      • 3°.

        op syn minst trije Frysk- of Nederlânsktalige stikken publisearre yn in wittenskiplik medium.

    • b.

      de oanfreger hat in oerienkomst of yntinsjeferklearring sletten mei in útjouwer foar útjefte fan it wurk dat mei de oanfraach ferbân hâldt, en

    • c.

      de publikaasje is by it fêststellen fan it subsydzje noch net ferskynd.

  • 4 Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder e jildt dat om foar subsydzje yn ’e beneaming te kommen, de aktiviteit útfierd wurdt troch in auteur dy’t oanwiisbere ûnderfining hat op it mêd fan it skriuwen fan Frysktalige teksten.

Kêst 2.1.8 Hichte subsydzje

  • 1 Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder a, bedraacht it subsydzje € 7.500.

  • 2 Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder b, bedraacht it subsydzje € 5.000.

  • 3 Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder c en d, bedraacht it subsydzje € 10.000.

  • 4 Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder e, bedraacht it subsydzje € 2.000.

Kêst 2.1.9 Ferdielsystematyk aktiviteiten kêst 2.1.2, ûnder a oant en mei d

[vervallen]

Kêst 2.1.10 Ferdielsystematyk aktiviteiten kêst 2.1.2

  • a.

    Subsydzje foar aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.1.2, wurde ferparte yn folchoarder fan datum fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen. Dêrby jildt dat de datum fan ynkommen de datum is dat de oanfraach folslein is.

  • b.

    Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 2.1.11 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

  • 1 Oan de subsydzjefêststelling wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder a of b, yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it boek binnen twa jier nei de datum fan it fêststellen fan it subsydzje yn de hannel brocht is en it boek, al as net yn digitale foarm of as lûdsdrager, te krijen is by boekhannels, al as net fia harren webside, dy’t by de Koninklijke Boekverkopersbond oansletten binne.

  • 2 Oan de subsydzjefêststelling wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder c of d, yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it boek binnen fjouwer jier nei de datum fan it fêststellen fan it subsydzje yn de hannel brocht is en it boek, al as net yn digitale foarm of as lûdsdrager, te krijen is by boekhannels, al as net fia harren webside, dy’t by de Koninklijke Boekverkopersbond oansletten binne.

  • 3 As net oan de ferplichting foldien wurde kin, dy’t yn it earste lid neamd wurdt, kin de útfieringstermyn fan it projekt mei maksimaal 6 moannen ferlinge wurde, op betingst dat dêrta op syn minst ien moanne foar it ôfrinnen fan de termyn in deugdlik motivearre, skriftlikfersyk dien is.

  • 4. Oan de subsydjefêststelling wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder e, yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it toanielstik binnen twa jier nei de datum fan fêststellen fan it subsydzje troch in toanielferiening yn de provinsje Fryslân opfierd wurdt.

Kêst 2.1.12 Prestaasjeferantwurding

  • 1 It subsydzje wurdt fêststeld sûnder dat oan de beskikking ta subsydzjefêststelling in beskikking ta subsydzjeferliening foarôfgiet.

  • 2 De subsydzjeûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, sjen dat de aktiviteit dêr't subsydzje foar beskikber steld is, útfierd is en dat foldien is oan de ferplichtings dy’t oan de subsydzjefêststelling ferbûn binne.

  • 3 Yn it gefal fan de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.1.2, ûnder e, ferklearret de subsydzjeûntfanger yn oanfolling op it foargeande lid, nei in yn de beskikking neamde termyn, dat it toanielstik opfierd is.

Paragraaf 2.2 Oersetten en bewurkjen fan literatuer

Kêst 2.2.1 Doel

It subsydzje hat as doel om it oersetten fan Frysktalige fiksje, non-fiksje en toanielstikken te befoarderjen of it redigearjen of korrizjearjen fan Frysktalige fiksje en non-fiksje te befoarderjen.

Kêst 2.2.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:

  • a.

    it oersetten fan Frysktalige fiksje en non-fiksje yn in oare taal of nei Fryske streektaal;

  • b.

    it oersetten fan oarspronklik net-Frysktalige fiksje en non-fiksje yn it Frysk;

  • c.

    it oersetten fan in manuskript fan in noch net ferskynd boek nei it Frysk;

  • d.

    it oersetten en bewurkjen fan in toanielstik nei de Fryske taal;

  • e.

    it redigearjen of taalkundich korrizjearjen fan Frysktalige fiksje of non-fiksje.

Kêst 2.2.3 Doelgroep 

Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld:

  • a.

    foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 2.2.2. ûnder a, b, c of e: oan in erkende útjouwer of in organisaasje dy’t him foar it meastepart dwaande hâldt mei de Fryske taal of dy’t as erkende streektaalorganisaasje tsjinnet;

  • b.

    foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder d: oan in rjochtspersoan mei folslein rjochtsfoech fan wa’t de aktiviteiten meastepart op toaniel rjochte binne.

Kêst 2.2.4 Oanfraachperioade

  • 1 In oanfraach foar subsydzje kin yntsjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

  • 2 Subsydzje-oanfragen wurde wegere, as dy ynkommen binne bûten in perioade dêr’t Deputearre Steaten in subsydzjeplafond foar fêststeld hawwe.

Kêst 2.2.5 Oanfraach

In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 2.2.6 Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt wegere as:

  • a.

    de oanfreger net heart by de doelgroep lykas neamd yn kêst 2.2.3;

  • b.

    de boektitel of it toanielstik al yn de oanbelangjende taal folslein oerset is;

  • c.

    de aktiviteit dy’t oanfrege is gjin subsidiabele aktiviteit is as bedoeld ûnder kêst 2.2.2 of de aktiviteit draacht net by oan it doel as bedoeld ûnder kêst 2.2.1;

  • d.

    net foldien wurdt oan de ûnder kêst 2.2.7 neamde hifkingskritearia.

Kêst 2.2.7 Hifkingskritearia

  • 1. Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 2.2.2., ûnder a, b, c of e, jildt dat de yn kêst 2.2.3, ûnder a, bedoelde doelgroep minimaal twa boeken earder yn it Frysk útjûn hat.

  • 2. Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder a, b en c jildt dat de oersetting útfierd wurdt troch in by it Nederlands Genootschap van Tolken en Vertalers of by de Auteursbond oansletten oersetter of troch in oersetter dy’t al ien selsstannige oersetting makke hat neffens it modelkontrakt fan de Groep Algemene Uitgevers en de Auteursbond.

  • 3. Yn ôfwiking fan it twadde lid, kin de oanfreger by syn oanfraach oantoane dat de oersetting útfierd wurdt troch immen dy’t oanwiisbere ûnderfining hat op it mêd fan it oersetten fan Frysktalige teksten.

  • 4. Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder d, jildt dat de oersetting útfierd wurdt troch immen dy’t oanwiisbere ûnderfining hat op it mêd fan it oersetten fan Frysktalige teksten.

  • 5. Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder e, jildt dat it redigearjen of taalkundich korrizjearjen troch in profesjonele redakteur of korrektor útfierd wurdt.

Kêst 2.2.8 Hichte subsydzje

  • 1 Foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder a oant en mei c, bedraacht it subsydzje € 0,10 it wurd, mei in maksimum fan € 7.500.

  • 2 Foar de aktiviteit, as bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder d, bedraacht it subsydzje € 0,08 it wurd, mei in maksimum fan € 1.500.

  • 3. Foar de aktiviteit, as bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder e, bedraacht it subsydzje € 0,02 it wurd, mei in maksimum fan € 2.000.

Kêst 2.2.9 Ferdielsystematyk 

  • 1 Subsydzje wurdt ferparte yn folchoarder fan datum fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen.

  • 2 Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 2.2.10 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

  • 1 Oan de subsydzjefêststelling wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder a oant en mei c en e, yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it boek binnen in jier nei de datum fan if fêststellen fan it subsydzje yn de hannel brocht is en it boek, al as net yn digitale foarm of as lûdsdrager, te krijen is by boekhannels, al as net fia harren webside, dy't by de Koninklijke Boekverkopersbond oansletten binne.

  • 2 As net oan de ferplichting foldien wurde kin, dy’t yn it earste lid neamd wurdt, kin de útfieringstermyn fan it projekt mei maksimaal 6 moannen ferlinge wurde, op betingst dat dêrta op syn minst ien moanne foar it ôfrinnen fan de termyn in deugdlik motivearre, skriftlike fersyk dien is.

  • 3. Oan de subsydjefêststelling wurdt foar de aktiviteiten as bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder d, yn alle gefallen de ferplichting ferbûn dat it toanielstik binnen twa jier nei de datum fan fêststellen fan it subsydzje troch in toanielferiening yn de provinsje Fryslân opfierd wurdt;

Kêst 2.2.11 Prestaasjeferantwurding

  • 1 It subsydzje wurdt fêststeld sûnder dat oan de beskikking ta subsydzjefêststelling in beskikking ta subsydzjeferliening foarôfgiet.

  • 2 De subsydzjeûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, sjen dat de aktiviteit dêr't subsydzje beskikber foar steld is, útfierd is en dat foldien is oan de ferplichtings dy’t oan de subsydzjefêststelling ferbûn binne.

  • 3 Yn it gefal fan de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.2.2, ûnder d, ferklearret de subsydzjeûntfanger yn oanfolling op it foargeande lid, nei in yn de beskikking neamde termyn, dat it toanielstik opfierd is.

Paragraaf 2.3 Frysk mediafûns

[ferfalle]

Paragraaf 2.4 Promoasje Frysktalige boeken

Kêst 2.4.1 Doel

It subsydzje hat te’n doel om de promoasje fan Frysktalige fiksje en non-fiksje te befoarderjen.

Kêst 2.4.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:

  • a.

    aktiviteiten foar de promoasje fan it Fryske boek op in lokaasje yn Europa;

  • b.

    aktiviteiten foar de promoasje fan it Fryske boek op in lokaasje bûten Europa.

Kêst 2.4.3 Doelgroep

Subsydzje wurdt oan natuerlike persoanen en rjochtspersoanen beskikber steld.

Kêst 2.4.4 Oanfraachperioade

  • 1 In oanfraach foar subsydzje kin yntsjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is.

  • 2 Subsydzje-oanfragen wurde wegere as dy ynkommen binne bûten in perioade dêr’t Deputearre Steaten in subsydzjeplafond foar fêststeld hawwe.

Kêst 2.4.5 Oanfraach

In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 2.4.6 Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt wegere as:

  • a.

    de hichte fan de frege subsydzje net yn ferhâlding stiet ta de beëage resultaten fan it projekt;

  • b.

    it projekt nei it oardiel fan Deputearre Steaten yn organisatoaryske, finansjele of technyske sin net helber is.

Kêst 2.4.7 Hifkingskritearium

Om foar subsydzje yn ‘e beneaming te kommen, is de aktiviteit nei it oardiel fan Deputearre Steaten sadanich opset dat ridlikerwiis ferwachte wurde mei dat de te subsidiearjen aktiviteiten realistysk útfierd wurde sille en de yn kêst 2.4.1 omskreaune doelstelling helle wurde sil.

Kêst 2.4.8 Subsidiabele kosten

[ferfalle]

Kêst 2.4.9 (net)subsidiabele kosten

Foarsafier needsaaklik en gaadlik komme alle kosten foar subsydzje yn ’e beneaming útsein de neikommende kosten:

  • a.

    Ferbliuwskosten

  • b.

    Kosten dy’t ferbân hâlde mei de útjefte fan in boek.

Kêst 2.4.10 Hichte subsydzje

  • 1. Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.4.2, ûnder a, bedraacht it subsydzje de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 2.250.

  • 2. Foar de aktiviteit, bedoeld yn kêst 2.4.2, ûnder b, bedraacht it subsydzje de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 3.000.

Kêst 2.4.11 Ferdielsystematyk

  • 1 Subsydzje wurdt ferparte yn folchoarder fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen. Inkeld en allinne foar it fêststellen fan de oardering jildt dat de datum fan ynkommen de datum is dat de oanfraach folslein is.

  • 2 Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar folsleine oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 2.4.12 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

Oan de subsydzjeûntfanger wurdt foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 2.4.2, ûnder a, de ferplichting ferbûn dat de skriftlike kommunikaasjemiddels, rjochte op it publyk, yn alle gefallen yn de Fryske taal steld wurde.

Kêst 2.4.13 Prestaasjeferantwurding

  • 1 It subsydzje wurdt fêststeld sûnder dat oan de beskikking ta subsydzjefêststelling in beskikking ta subsydzjeferliening foarôfgiet.

  • 2 De subsydzjeûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, sjen dat de aktiviteit dêr't subsydzje beskikber foar steld is, útfierd is en dat foldien is oan de ferplichtings dy’t oan de subsydzjefêststelling ferbûn binne.

Paragraaf 2.5 Frysk taalgebrûk

[vervallen]

Paragraaf 2.6 Útjaan Frysktalige literatuer

Kêst 2.6.1 Doel

It subsydzje hat as doel om it útjaan fan Frysktalige fiksje en non-fiksje te befoarderjen.

Kêst 2.6.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:

  • a.

    it útjaan fan in papieren boek yn de Fryske taal oangeande:

    • fiksje of non-fiksje yn boekfoarm mei al as net byhearrende yllustraasje en redaksje;

    • in dichtbondel;

    • in novelle;

  • b.

    it útjaan fan in audityf of digitaal boek yn de Fryske taal.

Kêst 2.6.3 Doelgroep

Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan in erkende útjouwer of in organisaasje dy’t him foar it meastepart dwaande hâldt mei de Fryske taal of dy’t as streektaalorganisaasje tsjinnet.

Kêst 2.6.4 Oanfraachperioade

  • 1 In oanfraach foar subsydzje kin yntsjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is.

  • 2 Subsydzje-oanfragen wurde wegere as dy ynkommen binne bûten in perioade dêr’t Deputearre Steaten in subsydzjeplafond foar fêststeld hawwe.

Kêst 2.6.5 Oanfraach

In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 2.6.6 Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt wegere as:

  • a.

    oanfreger net ta de doelgroep heart lykas neamd yn kêst 2.6.3;

  • b.

    de aktiviteit dy’t oanfrege is gjin subsidiabele aktiviteit as bedoeld ûnder kêst 2.6.2 of de aktiviteit net bydraacht oan it doel as bedoeld ûnder kêst 2.6.1;

  • c.

    net foldien wurdt oan de ûnder kêst 2.6.7 neamde hifkingskritearia;

  • d.

    de oanfreger foar in aktiviteit, as bedoeld yn kêst 2.6.2, yn it rinnende kalinderjier al foar tolve boektitels subsydzje krigen hat.

Kêst 2.6.7 Hifkingskritearia

Om foar subsydzje yn de beneaming te kommen, wurdt foldien oan de neikommende kritearia:

  • 1.

    Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 2.6.2, jildt dat de yn kêst 2.6.3 bedoelde doelgroep op syn minst earder twa boeken yn it Frysk útjûn hat;

  • 2.

    De boektitel is net earder yn de foarm, papieren of audityf of digitaal, der‘t subsydzje foar frege wurdt, útjûn.

  • 3.

    As de oanfraach in papieren útjefte oanbelanget, wurdt allinne mar subsydzje jûn as de útjefte in minimumoplage hat fan:

    • a.

      250 eksimplaren foar fiksje of non-fiksje;

    • b.

      100 eksimplaren foar dichtbondels of novelles.

  • 4.

    As de oanfraach in papieren útjefte yn in streektaal oanbelanget, wurdt allinne mar subsydzje jûn as de útjefte in minimumoplage hat fan:

    • a.

      125 eksimplaren foar fiksje of non-fiksje;

    • b.

      50 eksimplaren foar dichtbondels of novelles.

Kêst 2.6.8 Hichte subsydzje

  • 1. It subsydzje bedraacht foar de publikaasje:

    • a.

      fan fiksje en non-fiksje yn boekfoarm: € 2.500,-;

    • b.

      fan in audityf of digitaal boek: € 1.000,-;

    • c.

      fan in dichtbondel: € 1.000,-; of

    • d.

      fan in novelle: € 1.000,-.

  • 2. De oanfraach kinne op syn heechst foar seis fan de yn it earste lid neamde publikaasjes subsydzje jûn wurde.

Kêst 2.6.9 Ferdielsystematyk

  • 1 Subsydzje wurdt ferparte yn folchoarder fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen. Inkeld en allinne foar it fêststellen fan de oardering jildt dat de datum fan ynkommen de datum is dat de oanfraach folslein is.

  • 2 Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar folsleine oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 2.6.10 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

  • a.

    It boek binnen in jier nei de datum fan de subsydzjefêststelling yn de hannel brocht is en it boek, al as net yn digitale foarm of as lûdsdrager, te krijen is by boekhannels, al as net fia harren webside, dy't by de Koninklijke Boekverkopersbond oansletten binne;

  • b.

    as net oan de ferplichting foldien wurde kin, dy’t yn ûnderdiel a neamd wurdt, kin de útfieringstermyn fan it projekt mei maksimaal 6 moannen ferlinge wurde, op betingst dat dêrta op syn minst ien moanne foar it ôfrinnen fan de termyn in deugdlik motivearre, skriftlike fersyk dien is.

  • c.

    as dêrom frege wurdt, wurdt binnen fjouwer jier nei datum fan de subsydzjefêststelling op 31 desimber fan dat jier oan de provinsje ferslach útbrocht oer hoefolle publikaasjes úteinlik ferkocht binne.

Kêst 2.6.11 Prestaasjeferantwurding

  • 1 In subsydje dy’t beskikber steld wurdt op grûn fan dizze regeling wurdt fêststeld neidat in beskikking ta subsydzjeferliening foarôf giet.

  • 2 De subsydzjeûntfanger jout nei ôfrin fan de realisaasjetermyn fan de subsidiearre aktiviteit, as dêrom frege wurdt, oan dat de subsidiearre aktiviteit útfierd is neffens it beslút ta subsydzjeferliening en dat oan de ferplichtings dy’t oan de subsydzjeferliening ferbûn binne foldien is.

  • 3. [ferfalle]

Paragraaf 2.7 Iepen programma Lân fan Taal

[ferfalle]

Haadstik 3 Kultuer

Paragraaf 3.1 Brûsfûns

[ferfalle]

Paragraaf 3.2 Leechdrompelige kulturele aktiviteiten, ûnderdiel ynternasjonale kontakten

Kêst 3.2.1 Doel

It subsydzje hat as doel om ynternasjonale kontakten oangeande taal en kultuer tusken jonge Friezen en oare Europeeske taalregio’s finansjeel mooglik te meitsjen. Doel fan dizze subsydzje is om it Frysk mei help fan ynternasjonale útwikseling del te setten as ien fan de Europeeske talen.

Kêst 3.2.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar útwikselings en kulturele aktiviteiten dy’t organisearre wurde tusken jonge Frysktaligen en Europeeske minderheidstaalgroepen.

Kêst 3.2.3 Doelgroep

  • 1. Subsydzje wurdt beskikber steld oan rjochtspersoanen mar ek oan net-rjochtspersoanen sûnder kommersjele ynstek. De doelgroep bestiet út skoallen (fuortset ûnderwiis, mbû, hbû) , jonge teätermakkers, jonge skriuwers, jonge sjoernalisten, jonge filmmakkers, jonge dichters en jonge muzikanten,

  • 2. Der wurdt gjin subsydzje oan rjochtspersoanen dy’t in boekjier subsydzje krije beskikber steld.

Kêst 3.2.4 Oanfraach

  • 1. In oanfraach foar subsydzje kin yntsjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is.

  • 2. Subsydzje-oanfragen wurde wegere as dy bûten in perioade, dêr’t Deputearre Steaten in subsydzjeplafond foar fêststeld hawwe, ynkommen binne.

  • 3. In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 3.2.5 Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt wegere as:

  • a.

    de aktiviteit rekkene wurde kin ta de gewoane bedriuwsfiering of taak fan de oanfreger;

  • b.

    de aktiviteit ek sûnder subsydzje útfierd wurde kin;

  • c.

    de hichte fan it frege subsydzje net yn ferhâlding stiet ta de beëage resultaten fan it projekt;

  • d.

    der in grûndearre reden is dat de aktiviteit yn organisatoaryske, technyske, finansjele of ekonomyske sin net helber is;

  • e.

    net foldien wurdt oan de ûnder 3.2.6 neamde hifkingskritearia.

Kêst 3.2.6 Hifkingskritearia

Om foar subsydzje yn ‘e beneaming te kommen wurdt oan de neikommende kritearia foldien:

  • a.

    de aktiviteit wurdt foar it grutste part útfierd troch de oanfregers sels;

  • b.

    de by de útwikseling behelle Fryske jongerein is by foarkar foar it grutske part net âlder as 30 jier;

  • c.

    by de op te setten útwikselingsaktiviteit is yn it programma omtinken foar it hawwen fan in eigen taal, taalrjochten (it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden (1998) en/of it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan Nasjonale Minderheden (2005);

  • d.

    yn de Europeeske regio fan útwikseling is lykas yn de Fryske kontekst ek in oarspronklike 2e (of meardere) taal;

  • e.

    by de útwikseling sil by in part fan it op te setten programma direkt kontakt wêze mei sprekkers fan dizze taal.

  • f.

    de ynstek fan de op te setten útwikseling is om ek op langere termyn in bân mei oanbelangjende taalregio te ûnderhâlden;

  • g.

    de aktiviteit moat nei it oardiel fan Deputearre Steaten bydrage oan it fersterkjen fan de Fryske taal as ien fan de Europeeske talen.

Kêst 3.2.7 (Net) subsidiabele kosten.

  • 1. Utsein it fêststelde yn kêst 1.10 fan de ASV en de kosten sa’t dy yn it twadde lid neamd binne, komme de neikommende kosten, foar safier needsaaklik en adekwaat, foar subsydzje yn ‘e beneaming;

    • a.

      Reiskosten foar learlingen, dosinten, muzikanten, dichters, skriuwers, teätermakkers foar maksimaal € 450 de persoan, mei in maksimum fan € 4.500 de oanfraach;

    • b.

      Ferbliuwskosten foar yn ‘e taalregio foar maksimaal € 70 de nacht de persoan, mei in maksimum fan fjouwer nachten de persoan, mei in maksimum fan € 2.800;

    • c.

      Kosten foar it organisearjen fan kulturele aktiviteiten mei fokus op Fryske taal as ien fan de Europeeske talen foar maksimaal € 1.500 de oanfraach.

  • 2. Leankosten en advyskosten komme net foar subsydzje yn ‘e beneaming.

Kêst 3.2.8 Hichte subsydzje

De hichte fan it subsydzje bedraacht 100% fan de totale subsidiabele kosten oant in maksimum fan:

  • a.

    € 4.500 foar de reiskosten;

  • b.

    € 2.800 foar de ferbliuwskosten yn de oanbelangjende taalregio;

  • c.

    € 1.500 foar it organisearjen fan kulturele aktiviteiten mei fokus op Fryske taal as ien fan de Europeeske talen.

Kêst 3.2.9 Ferdielsystematyk

  • 1. Subsydzje wurdt ferparte yn folchoarder fan datum fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen.

  • 2. Foar it fêststellen van de folchoarder jildt dat de datum dat de oanfraach folslein is, jildt as datum fan ynkommen.

  • 3. Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar folsleine oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, oer it subsydzjeplafond hinnegien wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 3.2.10 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

  • 1. Oan de subsydzjeûntfanger wurdt yn alle gefallen de ferplichting oplein dat de aktiviteit binnen ien jier nei datum fan de subsydzjeferliening útfierd wurdt.

  • 2. As net oan de ferplichting foldien wurde kin, dy’t yn it earste lid neamd wurdt, kin deputearre staten beslute de útfieringstermyn fan it projekt mei maksimaal 12 moannen ferlinge wurde, op betingst dat dêrta op syn minst ien moanne foar it ôfrinnen fan de termyn in deugdlik motivearre, skriftlike fersyk dien is.

Kêst 3.2.11 Prestaasjeferantwurding

  • 1. It subsydzje wurdt fêststeld sûnder dat oan de beskikking ta subsydzjefêststelling in beskikking ta subsydzjeferliening foarôfgiet.

  • 2. De subsydzjeûntfanger lit, as him dêrom frege wurdt, nei in yn de beskikking neamde termyn, sjen dat de aktiviteit dêr’t subsydzje beskikber foar steld is, útfierd is en hoe’t oan de ferplichtings foldien is dy’t mei it fêststellen fan it subsydzje anneks binne.

Paragraaf 3.3 Produksje profesjonele poadiumkeunsten en muzykkomposysjes

[ferfalle]

Paragraaf 3.4 Iepenloftspullen

Kêst 3.4.1 Doel

It subsydzje hat te’n doel om de kultuerpartisipaasje yn in lokale mienskip fuort te sterkjen.

Kêst 3.4.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar de produksje en de útfiering fan in iepenloftspul.

Kêst 3.4.3 Doelgroep

  • 1 Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan stichtings of ferienings dy’t op it momint fan oanfreegjen ien of mear iepenloftspullen produsearre hawwe.

  • 2 Der wurdt gjin subsydzje beskikber steld oan rjochtspersoanen dy’t in boekjiersubsydzje fan de provinsje krije, of it moat wêze dat hja as projektpartner diel útmeitsje fan in gearwurkingsferbân dêr’t hja net it grutste finansjele oanpart yn de projektkosten hawwe en net de haadoanfreger binne.

Kêst 3.4.4 Oanfraachperioade

  • 1 In oanfraach kin yntsjinne wurde yn de oanfraachperioade dy’t Deputearre Steaten dêrfoar fêststeld hawwe.

  • 2 Subsydzje-oanfragen wurde wegere as dy ynkommen binne bûten in perioade dêr’t Deputearre Steaten in subsydzjeplafond foar fêststeld hawwe.

Kêst 3.4.5 Oanfraach

In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 3.4.6 Wegeringsgrûnen

In subsydzje kin wegere wurde as:

  • a.

    de aktiviteit bedoeld is foar it ta stân bringen fan in byld- of lûdregistraasje;

  • b.

    de hichte fan it subsydzje dêr’t om frege is net yn ferhâlding stiet ta de beëage resultaten fan it projekt;

  • c.

    der nei it oardiel fan Deputearre Steaten in grûndearre reden is dat de aktiviteit yn organisatoaryske, technyske, finansjele of ekonomyske sin net te ferwêzentlikjen is.

Kêst 3.4.7 Hifkingskritearia

Om foar subsydzje yn ‘e beneaming te kommen, moat oan de neikommende kritearia foldien wurde:

  • a.

    it iepenloftspul wurdt út de lokale mienskip wei ta stân brocht;

  • b.

    professionals, dy’t op grûn fan harren oplieding of wurkûnderfining oanwiisber de feardichheden en it ynsjoch hawwe om kwalitatyf heechsteand wurk te leverjen, coache en begeliede de útfierende persoanen;

  • c.

    de produksje wurdt opfierd yn de simmermoannen en slút oan op de datum fan de subsydzjeferliening;

  • d.

    de produksje wurdt yn de lokale mienskip opfierd;

  • e.

    taskôgers wurdt om yntreejild frege.

Kêst 3.4.8 Subsidiabele kosten

  • 1 Foar safier’t it needsaaklik en adekwaat is yn relaasje ta it doel fan it subsydzje komme de neikommende kosten foar subsydzje yn oanmerking:

    • a.

      kosten foar it brûken fan de lokaasje;

    • b.

      tariedingskosten;

    • c.

      produksjekosten.

  • 2 Foarsafier’t leankosten foar subsydzje yn ‘e beneaming komme, wurde de kosten berekkene op grûn fan it brutolean neffens de leansteat fan de oanbelangjende meiwurker, ferhege mei de opslaggen dy’t wetlik fêstlein binne of dy’t, op grûn fan in cao, foar sosjale lesten betelle wurde moatte, sa bedoeld dat útgien wurdt fan 1.650 produktive oeren jiers by in wurkwike fan 40 oere.

Kêst 3.4.9 Net-subsidiabele kosten

Unfermindere wat yn kêst 1.10 ASV stiet komme net foar subsydzje yn oanmerking:

  • a.

    reis- en ferbliuwskosten;

  • b.

    ynvestearrings.

Kêst 3.4.10 Hichte subsydzje

It subsydzje bedraacht op syn meast 50% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 10.000.

Kêst 3.4.11 Ferdielsystematyk

  • 1 Deputearre Steaten oarderje de oanfragen dy’t foar subsydzjeferliening yn ‘e beneaming komme sadanich dat in oanfraach heger oardere wurdt neigeraden dat dy mear foldocht oan de oanbelangjende hifkingskritearia yn ferhâlding ta de oare oanfragen.

  • 2 Oanfragen wurde op grûn fan de neikommende kritearia hifke:

    • a.

      it nivo fan artistike kwaliteit fan it plan, mei it each op:

      • 1°.

        yn hoefier’t it oarspronklik is: de eigenens en de dúdlik waar te nimmen artistike sinjatuer fan de produksje;

      • 2°.

        yn hoefier’t it sizzenskrêft hat, yn hoefier’t de aktiviteit it publyk oansprekt en it de makkers slagget om it publyk te reitsjen, te prikeljen of te ferrassen.

  • 3 Foar de oardering hifkje de neamde kritearia like swier.

  • 4 De advyskommisje Kultuer dy’t Deputearre Steaten ynsteld hawwe, advisearret oer de oardering fan de oanfragen.

  • 5 Deputearre Steaten stelle foar de advyskommisje in reglemint fêst.

  • 6 Deputearre Steaten ferpartsje it beskikbere bedrach yn de folchoarder fan de oardering. Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar oanfragen, dy’t like heech oardere binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

  • 7 It komt net ta in oardering fan oanfragen as it maksimaal beskikber te stellen subsydzjebedrach leger is as it subsydzjeplafond.

Kêst 3.4.12 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

Oan de subsydzjeûntfanger wurdt yn alle gefallen de ferplichting oplein dat:

  • a.

    de kommunikaasjemiddels, ornearre foar it berikken fan it publyk, yn alle gefallen yn de Fryske taal steld wurde;

Kêst 3.4.13 Prestaasjeferantwurding

  • 1 It subsydzje wurdt fêststeld sûnder dat oan de beskikking ta subsydzjefêststelling in beskikking ta subsydzjeferliening foarôfgiet.

  • 2 De subsydzjeûntfanger toant as dêrom frege wurdt oan, dat de aktiviteit, dêr’t subsydzje beskikber foar steld is, útfierd is en op hokker wize oan de oan it subsydzje ferbûne ferplichtings foldien is.

Paragraaf 3.5 Utkeap teater en muzyk

[ferfalle]

Paragraaf 3.6 Festivals

[ferfalle]

Paragraaf 3.7 Kulturele fernijing

[ferfalle]

Haadstik 4 Underwiis

Paragraaf 4.1 Frysk en meartaligens yn it ûnderwiis

[ferfalle]

Paragraaf 4.2 Lesoeren Frysk yn it ûnderwiis

Kêst 4.2.1 Doel

It subsydzje hat ta doel om Frysk yn in trochgeande line oan te bieden om it tal minsken dat Frysk ferstean, prate, lêze en skriuwe kin tanimme te litten en it stimulearjen fan it tanimmen fan it oantal lesoeren yn it MBU en fuortset ûnderwiis yn bysûnder foar in fakdosint Frysk foar de learjierren fan ôf it twadde learjier oant en mei it eksamenjier.

Kêst 4.2.2 Subsidiabele aktiviteiten 

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:

  • a.

    lesoeren dy’t ferbân hâlde mei it oanbieden fan it fak Frysk, mei yngong fan it twadde learjier yn it VO oant en mei it eksamenjier;

  • b.

    lesoeren dy’t ferbân hâlde mei it oanbieden fan it Frysk yn in op it berop ôfstimde kontekst yn it middelber beropsûnderwiis;

  • c.

    lesoeren dy’t ferbân hâlde mei it oanbieden fan it Frysk, tematysk of praktysk oanbean op it mêd fan skiednis, taal en kultuer, yn it fuortset ûnderwiis foar it skoaltype praktykûnderwiis;

  • d.

    lesoeren dy’t ferbân hâlde mei it oanbieden fan it Frysk, tematysk of praktysk oanbean op it mêd fan skiednis, taal en kultuer, yn it spesjaal ûnderwiis fan it fuortset ûnderwiis dy’t ûnder de Wet op de Expertise Centra falle.

Kêst 4.2.3 Doelgroep

Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan skoallen yn Fryslân yn it fuortset ûnderwiis en middelber beropsûnderwiis, dêrûnder ek yn it middelber beropsûnderwiis de regionale opliedingssintra of de agraryske opliedingssintra en yn it fuortset ûnderwiis it skoaltype praktykûnderwiis of it spesjaal ûnderwiis dy’t under de Wet op de Expertise Centra falt.

Kêst 4.2.4 Oanfraachperioade

  • 1 In oanfraach foar subsydzje kin ynstjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is, foarôfgeand oan it skoaljier dêr’t it subsydzje foar frege wurdt.

  • 2 In oanfraach foar subsydzje wurdt wegere as dy ynkommen is bûten in perioade dêr’t Deputearre Steaten in subsydzjeplafond foar fêststeld hawwe.

Kêst 4.2.5 Oanfraach

In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 4.2.5 a Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt wegere as:

  • a.

    oanfreger net by de doelgroep heart lykas neamd yn kêst 4.2.3;

  • b.

    de aktiviteit dy’t oanfrege is gjin subsidiabele aktiviteit as bedoeld ûnder kêst 4.2.2 is of de aktiviteit net bydraacht oan it doel as bedoeld ûnder kêst 4.2.1;

  • c.

    net foldien wurdt oan de ûnder kêst 4.2.6 neamde hifkingskritearia.

Kêst 4.2.6 Hifkingskritearia

  • 1 Om foar in aktiviteit as bedoeld yn kêst 4.2.2, ûnder a, foar subsydzje yn ’e beneaming te kommen, wurdt oan de neikommende kritearia foldien:

    • a.

      de oanfraach hâldt inkeld en allinne ferbân mei ien of mear fan de neikommende learjierren:

      • 1°.

        learjier 2, 3 en 4 vmbo;

      • 2°.

        learjier 2, 3, 4 en 5 havo;

      • 3°.

        learjier 2, 3, 4, 5 en 6 vwo.

    • b.

      de oanfreger biedt alle learlingen fan it earste learjier it fak Frysk oan;

    • c.

      de lessen Frysk wurde fersoarge troch in fakdosint;

    • d.

      [fervalle]

  • 2 Om foar in aktiviteit as bedoeld yn kêst 4.2.2, ûnder b en c, foar subsydzje yn ’e beneaming te kommen moat mei útsûndering fan it spesjaal ûnderwiis de groepsgrutte op syn minst tsien learlingen wêze, besteande út:

    • a.

      learlingen út deselde learrûte en fan itselde lear- of ferbliuwsjier en nivo;

    • b.

      learlingen út ferskate learrûtes, mar út itselde learjier, ferbliuwsjier of nivo; of

    • c.

      learlingen fan twa opinoar folgjende lear- of ferbliuwsjierren of nivo’s.

Kêst 4.2.7 Ferdielsystematyk

  • 1 Subsydzje wurdt ferparte yn folchoarder fan datum fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen. De datum dat de oanfraach folslein is, jildt dêrby as datum fan ynkommen.

  • 2 Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar folsleine oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 4.2.8 Subsidiabele kosten

  • 1 Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld foar op syn meast twa lesoeren yn ‘e wike foar ien learjier.

  • 2 Oars as yn it earste lid oanjûn is, wurdt foar de learjierren 3 en 4 vmbo, 4 en 5 havo en 4, 5 en 6 vwo subsydzje beskikber steld foar it tal lesoeren yn ’e wike mei-inoar dat yn it ramt fan it eksamenprogramma fan it fak Frysk jûn wurdt.

  • 3 As de aktiviteit as bedoeld yn kêst 4.2.2, ûnder b, minder as 12 wike foar in ôfsûnderlike groep fan learlingen útfierd wurdt, wurdt oars as yn it earste lid oanjûn is, op syn meast ien lesoere yn ’e wike foar in ôfsûnderlike groep fan learlingen subsidiearre.

Kêst 4.2.9 Hichte subsydzje

  • 1 De hichte fan it subsydzje foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 4.2.2, ûnder a, bedraacht € 1.500 foar in ôfsûnderlik learjier by lesoeren fan 50 minuten.

  • 2 De hichte fan it subsydzje foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 4.2.2, ûnder b of d, bedraacht € 1.300 foar in ôfsûnderlik ûnderwiisblok by lesoeren fan 50 minuten.

  • 3 De hichte fan it subsydzje as bedoeld yn it earste en twadde lid wurdt nei evenredigens oanpast, as de oanfreger lesoeren draait dy’t koarter of langer as 50 minuten binne.

  • 4 De hichte fan it subsydzje foar de aktiviteit as bedoeld yn kêst 4.2.2, ûnderdiel c, bedraacht € 1.000 it lesoere.

Kêst 4.2.10 Ferplichtings

  • 1 Deputearre Steaten lizze by de subsydzjeferliening foar in aktiviteit as bedoeld yn kêst 4.2.2, ûnder a, as ferplichting op dat it fak Frysk yn it learjier, dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt, foar de doer fan in folslein skoaljier ûnderwiisd wurdt.

  • 2 [ferfalle]

  • 3 [ferfalle]

Paragraaf 4.3 Materiële ynstânhâlding Frysk

[ferfalle]

Haadstik 5 Sport

Paragraaf 5.1 Grutskalige sporteveneminten

Kêst 5.1.1 Doel

It subsydzje hat te’n doel om de organisaasje fan grutskalige sporteveneminten te befoarderjen, soks om de sportpartisipaasje yn Fryslân te fergrutsjen.

Kêst 5.1.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin beskikber steld wurde foar:

  • a.

    in ynternasjonaal sportevenemint;

  • b.

    in topsportevenemint;

  • c.

    in breedtesportevenemint.

Kêst 5.1.3 Doelgroep

Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan in rjochtspersoan mei folslein rjochtsfoech.

Kêst 5.1.4 Oanfraach

  • 1. In oanfraach foar subsydzje kin yntsjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is.

  • 2. In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 5.1.5 Oanfraach

[ferfalle]

Kêst 5.1.6 Wegeringsgrûnen

In subsydzje kin wegere wurde as:

  • a.

    de aktiviteit ferbân hâldt mei in útwikselingsprogramma, de reguliere kompetysje fan de feriening, al as net yn ynternasjonaal ferbân of play-offwedstriden;

  • b.

    de hichte fan it frege subsydzje net yn ferhâlding stiet ta de beëage resultaten fan it projekt;

  • c.

    der in grûndearre reden is dat de aktiviteit yn organisatoaryske, technyske, finansjele of ekonomyske sin net helber is;

  • d.

    de oanfreger binnen ien oanfraachperioade al in subsydzje ûntfongen hat;

  • e.

    de oanfraach bûten de oanfraachperioade, dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is, ûntfongen is.

Kêst 5.1.7 Hifkingskritearia

Om foar subsydzje yn ‘e beneaming te kommen, wurdt oan de neikommende kritearia foldien:

  • 1.

    Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 5.1.2, earste lid:

    • a.

      de aktiviteit wurdt yn de provinsje Fryslân útfierd;

    • b.

      de aktiviteit is foar it publyk tagonklik;

    • c.

      by de aktiviteit giet it om in erkende sport;

    • d.

      der binne op syn minst 100 dielnimmers;

    • e.

      op syn minst 25% fan de dielnimmers komt út it bûtenlân;

    • f.

      by it evenemint binne op syn minst seis lannen fertsjintwurdige;

  • 2.

    Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 5.1.2, twadde lid:

    • a.

      de aktiviteit wurdt yn de provinsje Fryslân útfierd;

    • b.

      de aktiviteit is foar it publyk tagonklik;

    • c.

      by de aktiviteit giet it om in erkende sport;

    • d.

      der binne op syn minst 100 dielnimmers;

    • e.

      op syn minst 50% fan de dielnimmers wennet net yn Fryslân;

  • 3.

    Foar de aktiviteiten, bedoeld yn kêst 5.1.2, tredde lid:

    • a.

      de aktiviteit wurdt yn de provinsje Fryslân útfierd;

    • b.

      de aktiviteit is foar it publyk tagonklik;

    • c.

      by de aktiviteit giet it om in erkende sport;

    • d.

      der binne op syn minst 1.500 dielnimmers;

Kêst 5.1.7a Iepenstelling en subsydzjeplafond

  • 1. Deputearre Steaten stelle ien kear yn ‘t jier in iepenstellingsbeslút fêst.

  • 2. In iepenstellingsbeslút befettet op syn minst in oanfraachperioade en in subsydzjeplafond

Kêst 5.1.8 Ferdielsystematyk

  • 1 Subsydzje wurdt ferparte yn folchoarder fan datum fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen. De datum dat de oanfraach folslein is, jildt dêrby as datum fan ynkommen.

  • 2 Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar folsleine oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 5.1.9 Net subsidiabele kosten

De neikommende kosten komme net foar subsydzje yn ’e beneaming:

  • a.

    reis- en ferbliuwskosten, útsein reis- en ferbliuwskosten foar sjueryleden en skiedsrjochters;

  • b.

    kosten makke foar it yntsjinjen fan de oanfraach;

  • c.

    ynvestearrings;

  • d.

    kosten foar catering, lunches of diners, útsein de cateringkosten foar de frijwilligers, sjueryleden en skiedsrjochters by it evenemint;

  • e.

    kosten foar muzyk- en feestaktiviteiten;

  • f.

    personielskosten, útsein in fergoeding foar sjueryleden en skiedsrjochters en it ynhieren fan fakminsken foar ûnderdielen dy’t net troch frijwilligers útfierd wurde kinne;

  • g.

    oankeap fan shirts foar dielnimmers is net subsidiabel, of it moat wêze dat dizze oankeap foar frijwilligers, skiedsrjochters of sjueryleden is.

Kêst 5.1.10 Subsidiabele kosten

  • 1. Mei behâld fan wat yn kêst 1.10 fan de ASV en kêst 5.1.9 stiet, komme alle kosten foar subsydzje yn oanmerking, mids dy needsaaklik binne en yn relaasje ta it doel fan it subsydzje steane.

  • 2. As in subsydzjeûntfanger net as ûndernimmer foar de omsetbelesting oanmurken is, wurdt yn ôfwiking op kêst 1.10 lid 1, ûnderdiel d fan de ASV 2013 subsydzje foar de net te ferrekkenjen omsetbelesting jûn.

Kêst 5.1.11 Hichte subsydzje

  • 1 De hichte fan it subsydzje bedraacht op syn meast 25% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 5.000;

  • 2 De hichte fan it subsydzje bedraacht maksimaal 25% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 10.000, as de subsidiabele aktiviteit op syn minst seis dagen duorret, ferspraat oer in perioade fan maksimaal fjirtjin dagen efterinoar en in oantoanbere lokale ekonomyske ympuls teweibringt.

Kêst 5.1.12 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

  • 1. De aktiviteiten wurde útfierd yn it kalinderjier wêryn’t de subsydzje-oanfraach yntsjinne is.

  • 2. Nei in foar dat doel motivearre en skriftlik fersyk, kin de termyn, neamd yn lid 1, foar ien kear foar de doer fan op syn heechst 12 moanne ferlinge wurde.

Kêst 5.1.13 Steatsstipe

  • 1. As der sprake is fan steatsstipe, wurdt it subsydzje allinne mei tapassing fan de de-minimisferoardering jûn.

  • 2. De oanfreger follet yn dat gefal in de-minimisferklearring yn om fêst te stellen of it subsydzje mei tapassing fan de de-minimisstipe jûn wurde kin.

Paragraaf 5.2 Fryske sporten

Kêst 5.2.1 Doel

It subsydzje hat as doel om de organisaasje fan eveneminten op it mêd fan de Fryske sporten te befoarderjen, soks om de partisipaasje oan de Fryske sporten te fergrutsjen.

Kêst 5.2.2 Subsidiabele aktiviteiten

Subsydzje kin jûn wurde foar in sportevenemint dat in bydrage leveret oan de promoasje fan en it stimulearjen fan it dielnimmen oan de Fryske sporten.

Kêst 5.2.3 Doelgroep

Subsydzje wurdt inkeld en allinne beskikber steld oan in rjochtspersoan mei folslein rjochtsfoech.

Kêst 5.2.4 Oanfraach

  • 1. In oanfraach foar subsydzje kin yntsjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is.

  • 2. In oanfraach foar subsydzje wurdt yntsjinne troch de wei fan in oanfraachformulier dat Deputearre Steaten fêststeld hawwe.

Kêst 5.2.5 Oanfraach

[ferfalle]

Kêst 5.2.6 Wegeringsgrûnen

In subsydzje kin wegere wurde as:

  • a.

    de aktiviteit ferbân hâldt mei in útwikselingsprogramma, de reguliere kompetysje fan de feriening, al as net yn ynternasjonaal ferbân of play-offwedstriden;

  • b.

    de hichte fan it frege subsydzje net yn ferhâlding stiet ta de beëage resultaten fan it projekt;

  • c.

    der in grûndearre reden is dat de aktiviteit yn organisatoaryske, technyske, finansjele of ekonomyske sin net helber is;

  • d.

    de oanfreger binnen ien oanfraachperioade al in subsydzje ûntfongen hat;

  • e.

    de oanfraach bûten de oanfraachperioade, dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is, ûntfongen is.

Kêst 5.2.7 Hifkingskritearia

Om foar subsydzje yn ‘e beneaming te kommen wurdt oan de neikommende kritearia foldien:

  • a.

    de aktiviteit wurdt yn de provinsje Fryslân útfierd;

  • b.

    de aktiviteit is foar it publyk tagonklik;

  • c.

    oan de aktiviteit dogge op syn minst 100 dielnimmers mei út op syn minst seis doarpen of stêden.

  • d.

    de aktiviteit wurdt opnommen yn de wedstriidaginda fan in Fryske Sportbûn.

Kêst 5.2.7a Iepenstelling en subsydzjeplafond

  • 1. Deputearre Steaten stelle ien kear yn ‘t jier in iepenstellingsbeslút fêst.

  • 2. In oanfraach foar subsydzje kin yntsjinne wurde yn in oanfraachperioade dy’t troch Deputearre Steaten fêststeld is.

  • 3. In iepenstellingsbeslút befettet op syn minst in oanfraachperioade en in subsydzjeplafond.

Kêst 5.2.8 Ferdielsystematyk

  • 1 Subsydzje wurdt ferparte yn folchoarder fan datum fan ynkommen fan de subsydzje-oanfragen. De datum dat de oanfraach folslein is, jildt dêrby as datum fan ynkommen.

  • 2 Foarsafier’t troch it beskikber stellen fan subsydzje foar folsleine oanfragen, dy’t op deselde dei ynkommen binne, it subsydzjeplafond trochbrutsen wurdt, wurdt de ûnderlinge oardering fan dy oanfragen troch lotsjen fêststeld.

Kêst 5.2.9 Niet subsidiabele kosten

De neikommende kosten komme net foar subsydzje yn ’e beneaming:

  • a.

    reis- en ferbliuwskosten, útsein reis- en ferbliuwskosten foar sjueryleden en skiedsrjochters;

  • b.

    kosten makke foar it yntsjinjen fan de oanfraach;

  • c.

    ynvestearrings;

  • d.

    kosten foar catering, lunches of diners, útsein de cateringkosten foar de frijwilligers, sjueryleden en skiedsrjochters by it evenemint;

  • e.

    kosten foar muzyk- en feestaktiviteiten;

  • f.

    personielskosten, útsein in fergoeding foar sjueryleden en skiedsrjochters en it ynhieren fan fakminsken foar ûnderdielen dy’t net troch frijwilligers útfierd wurde kinne;

  • g.

    oankeap fan shirts foar dielnimmers is net subsidiabel, of it moat wêze dat dizze oankeap foar frijwilligers, skiedsrjochters of sjueryleden is.

Kêst 5.2.10 Subsidiabele kosten

  • 1. Mei behâld fan wat yn kêst 1.10 fan de ASV en kêst 5.2.9 stiet komme alle kosten foar subsydzje yn oanmerking, mits dy needsaaklik binne en yn relaasje ta it doel fan it subsydzje steane.

  • 2. As in subsydzjeûntfanger net as ûndernimmer foar de omsetbelesting oanmurken is, wurdt yn ôfwiking op kêst 1.10 lid 1, ûnderdiel d fan de Asv 2013 subsydzje foar net te ferrekkenjen omsetbelesting jûn.

Kêst 5.2.11 Hichte subsydzje

  • 1 De hichte fan it subsydzje bedraacht op syn meast 35% fan de subsidiabele kosten, mei in maksimum fan € 5.000,-.

  • 2 By in oanfraach fan op syn minst seis sporteveneminten bedraacht it subsydzje, oars as wat yn it earste lid oanjûn stiet, op syn meast 35% fan de subsidiabele kosten mei in maksimum fan € 15.000,-.

Kêst 5.2.12 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

  • 1. De aktiviteiten wurde útfierd yn it kalinderjier wêryn’t de subsydzje-oanfraach yntsjinne is.

  • 2. Nei in foar dat doel motivearre en skriftlik fersyk, kin de termyn neamt yn lid 1 foar ien kear foar de doer fan op syn heechst 12 moanne ferlinge wurde.

  • 3. De aktiviteit wurdt yn de provinsje Fryslân útfierd;

  • 4. De aktiviteit is foar it publyk tagonklik;

  • 5. Oan de aktiviteit dogge op syn minst 100 dielnimmers mei út op syn minst seis doarpen of stêden.

Hoofdstuk 6

Gereserveerd.

Hoofdstuk 7 Slotbepalingen

Artikel 7.1 Inwerkingtreding

Deze regeling treedt in werking met ingang van de dag na de datum van uitgifte van het provinciaal blad waarin zij wordt geplaatst.

Artikel 7.2 Citeertitel

Deze regeling wordt aangehaald als: Subsidieregeling kultuer en mienskip Fryslân.

Ondertekening

Leeuwarden, 1 juli 2014
Voorzitter J.A. Jorritsma
Secretaris A.J. van den Berg