Permanente link
Naar de actuele versie van de regeling
http://lokaleregelgeving.overheid.nl/CVDR681949
Naar de door u bekeken versie
http://lokaleregelgeving.overheid.nl/CVDR681949/1
Reglemint provinsjale prizen en beneaming 2022
Geldend van 05-10-2022 t/m heden
Intitulé
Reglemint provinsjale prizen en beneaming 2022Deputearre Steaten fan Fryslân,
mei it each op
de Feroardering provinsjale prizen en beneaming 2022
yn har omgean littend dat
prizen takend wurde om kultuer, muzyk, literatuer, ûnderwiis en wittenskip te stimulearjen en it fakgebiet út te dragen,
in beneaming dien wurdt om Frysktalige poëzij te stimulearjen,
beslute
it Reglemint provinsjale prizen en beneaming 2022 as neikomt fêst te stellen:
Kêst 1 Beneaming advyskommisje
-
1. Foar alle prizen of de beneaming lykas bedoeld yn de Feroardering provinsjale prizen en beneaming 2022 wurdt in advyskommisje gearstald dy’t as taak hat om de wurken of fertsjinsten te beoardieljen en Deputearre Steaten te advisearjen oer it takennen fan de priis of oer de beneaming. Deputearre Steaten beneame en ûntslane de leden fan de advyskommisje. De advyskommisje is in kommisje as bedoeld yn kêst 82 fan de Provinciewet.
-
2. Deputearre Steaten beneame de leden fan de advyskommisje op foardracht fan:
- a.
Tresoar, de Fryske Akademy en it literêre fjild by de Gysbert Japicxpriis;
- b.
Tresoar en de Fryske Akademy by de dr. Obe Postmapriis en de Lytse Obe priis;
- c.
Tresoar en Campus Fryslân by de dr. Joast Halbertsmapriis;
- d.
Stichting Friesland Pop by de Bernlefpriis;
- e.
Keunstwurk by de Pyt van der Zeepriis, GERRIT BENNER priis, Vredeman de Vries priis foar Arsjitektuer, Vredeman de Vries priis foar Foarmjouwing en Design en Anita Andriesen priis;
- f.
Stichting Tûmba by de Els Veder-Smit priis;
- g.
Afûk by de Dichter fan Fryslân.
- a.
-
3. De leden fan de advyskommisje foarmje wat gearstalling en saakkundigens oanbelanget in goede ôfspegeling fan de dissipline, yn it gefal fan de Els Veder-Smit priis: saakkundigens van de Fryske polityk, en beskikke mei-inoar oer in brede kennis fan de dissipline of it netwurk fan de oanbelangjende priis of beneaming.
-
4. De gearstalling fan de advyskommisje wurdt yn ferskate gefallen spesifyk de priis of beneaming fêststeld yn it oanbelangjende kêst.
-
5. De advyskommisjeleden wurde beneamd foar de doer fan it tiidrek dêr’t in priis oer útrikt wurdt. De leden fan de advyskommisje kinne yn in perioade fan 8 jier foar ien kear op ‘en nij beneamd wurde.
-
6. By de beneaming fan in lid fan de advyskommisje sil dy frege wurde om tastimming te ferlienen foar it ferwurkjen en it brûken fan dy syn persoansgegevens, as en foar safier’t dat nedich is of folget út it wurk fan it advyskommisjelid. It hjir bedoelde gebrûk kin slaan op it bekend meitsjen fan namme en wenplak, it meitsjen of brûken fan foto’s en/of oare ôfbyldings fan it advyskommisjelid en it bekend meitsjen dêrfan, bygelyks yn it ramt fan in priisútrikking of it bekend meitsjen fan in list fan nominearren foar de priis. In ferliende tastimming as hjir bedoeld kin altyd wer ynlutsen wurde. Yn dat gefal sil besjoen wurde oft en as dat sa is hokker gefolgen dat foar it funksjonearjen fan it oanbelangjende advyskommisjelid hat.
-
7. In advyskommisje bestiet út in ûneven tal leden, op syn minst trije of op syn heechst fiif leden.
-
8. It lidmaatskip fan in advyskommisjelid einiget by:
- a.
It ynlûken of ferfallen fan it priis;
- b.
It nimmen fan ûntslach as lid;
- c.
It ferstjerren fan it lid;
- d.
In beslút foar dat doel fan Deputearre Steaten dat ûnder oare nommen wurde kin as de ûnpartidigens fan in lid nei it oardiel fan Deputearre Steaten oan ‘e oarder wêze kin.
- a.
-
9. As it lidmaatskip fan ien advyskommisjelid einiget, lykas neamd yn it achtste lid ûnder b, c of d beneame Deputearre Steaten in nij advyskommisjelid.
-
10. De advyskommisjeleden dy’t ôfgien binne nimme in funksje waar, foar safier’t dat mooglik en winsklik is, oant yn de opfolging foarsjoen is.
Kêst 2 Taken en foegen advyskommisje
-
1. De advyskommisje kiest by de earste gearkomste út syn midden in foarsitter en in plakferfangend foarsitter.
-
2. De foarsitter treedt nei bûten op as wurdfierder fan de advyskommisje.
-
3. De advyskommisjeleden advisearje ûnôfhinklik en sûnder lêst of oerlis.
-
4. De advyskommisjeleden binne bekend en akkoart mei it reglemint.
-
5. Foar safier’t leden fan de advyskommisje by de útfiering fan harren taken de beskikking krije oer gegevens dêr’t sy it fertroulike karakter fan kenne of reedlikerwize witte kenne soene, binne sy ferplichte ta it geheim hâlden fan dy gegevens, of it moat wêze dat in wetlik foarskrift harren ta meidieling ferplichtet of dat de needsaak ta meidieling út harren taak folget.
-
6. De foarsitter en de oare leden fan de advyskommisje ûntfange in fergoeding foar harren wurk en reis- en ferbliuwskosten neffens kêst 2.4.1 fan it Rechtspositiebesluit decentrale politieke ambtsdragers en kêst 2.1 fan de Regeling rechtspositie decentrale politieke ambtsdragers.
Kêst 3 Gearkomsten advyskommisje
-
1. Gearkomsten wurde organisearre as tarieding fan it advisearjen fan Deputearre Steaten oer de ta te kennen prizen en beneaming.
-
2. De advyskommisje komt sa faak byinoar as de foarsitter fan de advyskommisje dat nedich fynt en komt yn de beneamingstermyn op syn minst ien kear byinoar. Dêrneist wurdt der ien gearkomste hâlden foar it opstellen en bepraten fan it advyskommisjerapport.
-
3. De gearkomsten fan de advyskommisje binne net iepenbier.
-
4. Elk lid fan de advyskommisje hat ien stim en in lid kin him yn in gearkomste net troch in oar fertsjintwurdigje litte.
-
5. De gearkomste wurdt net iepene as net op syn minst de helte fan it tal sitting hawwende leden fysyk of digitaal oanwêzich is.
-
6. Yn de gearkomste dêr’t it beslút nommen wurdt hokker gadingmakker de winner is, moatte alle leden fysyk of digitaal oanwêzich wêze. As sprake is fan oermacht kin de gearkomste ek trochgean by ôfwêzichheid fan ien advyskommisjelid.
Kêst 4 Advisearring
-
1. De advyskommisje advisearret by mearderheid fan stimmen. Fan in minderheidsstânpunt wurdt inkeld en allinnich yn it advys melding makke, as dy minderheid dêr om freget. Yn gefal yn in gearkomste ien lid fan de advyskommisje ôfwêzich is fanwegen oermacht en de stimmen stake dan beslút de foarsitter.
-
2. De advyskommisje kin op eigen inisjatyf ien earfolle fermelding de priis takenne.
-
3. De advyskommisje beoardielet de wurken of de fertsjinsten oan ‘e hân fan de beoardielingskritearia sa’t dy yn kêst 9 oant en mei 20 fan dit reglemint de priis of beneaming beskreaun binne. De advyskommisje kin op eigen inisjatyf ien beoardielingskritearium oan de beskreaune kritearia tafoegje.
-
4. De hichte fan de ta te kennen priis is fêstlein yn de Feroardering provinsjale prizen en beneaming 2022.
-
5. De advyskommisje leit de troch har folge proseduere en har mienskiplike befinings en oerwagings skriftlik yn in advyskommisjerapport fêst. De advyskommisje nimt yn har rapport mei hokker beoardielingskritearia se tapast hawwe.
-
6. It advyskommisjerapport wurdt oan Deputearre Steaten oanbean mei de motivearre oanrekommandaasje fan de nominearren en de priiswinner.
-
7. It advyskommisjerapport wurdt nei de priisútrikking op de webside fan de provinsje en de oanbelangjende eksterne organisaasje publisearre.
-
8. Yn útsûnderlike gefallen kin de advyskommisje advisearje in priis oan mear as ien dielnimmer ta te kennen. As der sprake is fan in jildpriis advisearret de advyskommisje oer in evenredige ferdieling dêrfan ûnder de priiswinners.
-
9. As de beoardiele wurken of fertsjinsten net it easke nivo hawwe, kin de advyskommisje advisearje om gjin priis út te rikken.
-
10. It advyskommisjerapport wurdt op syn minst fjouwer wike foar it útrikken fan de priis oan Deputearre Steaten oanbean.
-
11. Alle kosten ferbûn oan de tarieding, de advisearring, de takenning en it útrikken fan in priis of beneaming komme foar rekken fan de provinsje. Oer de kosten sil yn ’t foar oerlis wêze.
Kêst 5 Sekretariaat
-
1. De provinsje Fryslân foarsjocht yn it sekretariaat fan de advyskommisje troch it jaan fan in opdracht oan in oanbelangjende eksterne organisaasje of troch it ynsetten fan syn eigen amtlike tsjinst.
-
2. It sekretariaat hat yn alle gefallen de neikommende taken:
- a.
De administrative tarieding fan de gearkomste, it reservearjen fan de gearkomsteromte en it fersoargjen fan de útnûgings foar de gearkomsten;
- b.
It yn oerlis mei de foarsitter fersoargjen fan de tarieding fan de gearkomsten en it proses yn ‘e gaten te hâlden;
- c.
It op ‘e tiid ferstjoeren fan de gearkomstestikken;
- d.
De ferslachlizzing fan de gearkomsten;
- e.
It stypjen fan de advyskommisjeleden by it opstellen fan it advyskommisjerapport;
- f.
Belutsen wêze by de tarieding en organisaasje fan de priisútrikking.
- a.
Kêst 6 Promoasje- en ûntwikkelbudzjet
-
1. Yn de feroardering is yn kêst 1 lid 3 fêstlein oft in promoasje- en ûntwikkelbudzjet oan de winner takend wurde kin.
-
2. Dit budzjet is frij te besteegjen foar de winner fan de priis as it bydraacht oan it doel lykas omskreaun yn it kêst fan de oanbelangjende priis.
-
3. Dêrneist moat it promoasje- en ûntwikkelbudzjet binnen twa jier bestege wurde en is it ferplichte om twa kommunikaasjemominten te hâlden.
Kêst 7 Priisútrikking
-
1. De priisútrikking wurdt taret, kommunisearre en organisearre troch de provinsje yn gearspraak mei de oanbelangjende eksterne organisaasje.
-
2. Nei it beslút fan Deputearre Steaten oer de takenning fan de priis of de beneaming krije alle dielnimmers of nominearren skriftlik ynformaasje oer dat beslút en de mooglike ferfolchproseduere.
-
3. Nei it beslút fan Deputearre Steaten wurdt de winner troch de deputearre op ‘e hichte brocht, oftewol by de priisútrikking of op foarhân.
-
4. As troch bûtengewoane omstannichheden in nominearre net by de priisútrikking oanwêzich wêze kin, kin hy of sy him troch in oar fertsjintwurdigje litte. Dat wurdt yn ’t foar oan it sekretariaat meld.
-
5. As de winner de priis net yn ûntfangst nimme wol, wurdt de oanbelangjende priis net útrikt.
-
6. Nei alle priisútrikkings of beneamings wurdt it hiele proses troch de provinsje mei de oanbelangjende eksterne organisaasje en de advyskommisje evaluearre. Mooglike ferbetterings of oanpassing sille as dat needsaaklik is yn dit reglemint oanpast wurde.
Kêst 8 It dielnimmen
-
1. Om foar in priis of beneaming yn oanmerking te kommen, is yn de kêsten 9 oant en mei 20 fêstlein op hokker wize oan in priis of beneaming dielnommen wurde kin.
-
2. De kosten foar it dielnimmen komme, as dat oan ‘e oarder is, foar rekken fan de dielnimmer.
-
3. Utsletten fan dielnimmen binne advyskommisjeleden, leden fan it bestjoer fan de oanbelangjende organisaasje(s) of fan de provinsje Fryslân en persoanen dy’t mei neamde leden in nauwe saaklike of famyljerelaasje of dêrmei ferlykbere relaasje hawwe of koartlyn hân hawwe.
Kêst 9 Gysbert Japicxpriis
-
1. Foar de foardracht fan in lid fan it literêre fjild foar de advyskommisje sa as bedoeld yn kêst 1 dogge Deputearre Steaten in algemiene útnûging oan it literêre fjild om kandidaten oan te melden. Allinnich natuerlike persoanen mei ûnderfining yn it skriuwen fan proaza of poëzij kinne oanmeld wurde.
-
2. Yn de advyskommisje hawwe de leden mei-inoar foldwaande kennis oer de literatuerwittenskip, taalkundige ekspertize, kennis en kunde fan de Fryske literatuer en it literêre fjild.
-
3. Deputearre Steaten beneame op basis fan de foardrachten/oanmeldings út it literêre fjild in lid fan de advyskommisje mei dy kunde sadat de hiele advyskommisje foldocht oan it bepaald yn lid 2 fan dit kêst. De beneaming is bynend.
-
4. Alle skriuwers of dichters kinne foar de Gysbert Japicxpriis yn oanmerking komme as oan de neikommende betingsten foldien wurdt:
- a.
It giet om Frysktalige wurken;
- b.
It giet om publisearre wurken oant uterlik fjouwer folle kalinderjierren foar de earstkommende útrikking fan de priis (as it om in oeuvrepriis giet, ferfalt dizze betingst);
- c.
De priis wurdt om bar oan proaza of oan poëzij takend;
- d.
It kin om sawol jongerein-, as folwoeksenenproaza of -poëzij gean.
- a.
-
5. It wurk wurdt beoardiele mei help fan de neikommende beoardielingskritearia:
- a.
Konsept en idee;
- b.
Skriuwstyl;
- c.
Literêre kwaliteit;
- d.
Gearhing tusken foargeande kritearia.
- a.
-
6. In oeuvre wurdt beoardiele mei help fan de neikommende beoardielingskritearia:
- a.
Kwaliteit fan de wurken;
- b.
Untjouwing fan de dichter/skriuwer;
- c.
Ympakt fan de wurken;
- d.
Ferskaat fan de werken.
- a.
-
7. Neist it prizejild ûntfangt de winner in promoasje- en ûntwikkelbudzjet fan op syn meast 5000 euro foar it befoarderjen of stimulearjen fan (it skriuwen/lêzen/belibjen fan) Frysktalige (jongerein)literatuer yn de provinsje. Dat budzjet is foar de winner frij te besteegjen as it bydraacht oan dat doel.
-
8. De oanbelangjende eksterne organisaasje fan de Gysbert Japicxpriis is Tresoar.
Kêst 10 Dr. Obe Postmaprijs
-
1. Alle oersetters kin foar de Dr. Obe Postmapriis yn oanmerking komme as oan de neikommende betingsten foldien wurdt:
- a.
It giet om publisearre wurken oant uterlik fjouwer folle kalinderjierren foar de earstkommende útrikking fan de priis;
- b.
It giet om wurken dy’t út it Frysk wei of nei it Frysk ta oerset binne.
- a.
-
2. It wurk wurdt beoardiele mei help fan de neikommende beoardielingskritearia:
- a.
Lêsberens;
- b.
Styl;
- c.
Behâld fan oarspronklikheid;
- d.
Oansluting by de doelgroep.
- a.
-
3. De oanbelangjende eksterne organisaasje fan de dr. Obe Postmapriis is Tresoar.
Kêst 11 Lytse Obe
-
1. Alle oersetters kin foar de Lytse Obe yn oanmerking komme as oan de neikommende betingsten foldien wurdt:
- a.
It giet om publisearre wurken oant uterlik fjouwer folle kalinderjierren foar de earstkommende útrikking fan de priis;
- b.
It giet om wurken dy’t út it Frysk wei of nei it Frysk ta oerset binne;
- c.
It giet spesifyk om oersette berne- en jongereinliteratuer.
- a.
-
2. It wurk wurdt beoardiele mei help fan de neikommende beoardielingskritearia:
- a.
Lêsberens;
- b.
Styl;
- c.
Behâld fan oarspronklikheid;
- d.
Oansluting by de doelgroep.
- a.
-
3. De oanbelangjende eksterne organisaasje fan de Lytse Obe is Tresoar.
Kêst 11 Bernlefpriis
-
1. Alle muzikanten, komponisten, bands, arranzjeurs of liettekstskriuwers kinne foar de Bernlefpriis yn oanmerking komme as oan de neikommende betingsten foldien wurdt:
- a.
It giet om in of mear Frysktali(ch)(ge) foka(a)l(e) popnûmer(s);
- b.
It giet om publisearre nûmers oant uterlik twa folle kalinderjierren foar de earstkommende útrikking fan de priis.
- a.
-
2. It wurk wurdt beoardiele mei help fan de neikommende beoardielingskritearia:
- a.
Tagonklikheid;
- b.
Autentisiteit en unisiteit;
- c.
Ferbining of gearwurking mei oar dissiplinen, sjenres en/of plakken.
- a.
-
3. Neist it prizejild ûntfangt de winner in promoasje- en ûntwikkelbudzjet fan op syn meast 5000 euro foar it befoarderjen of stimulearjen fan de popkultuer yn ‘e provinsje. Dat budzjet is foar de winner frij te besteegjen as it bydraacht oan dat doel.
-
4. De oanbelangjende eksterne organisaasje fan de Bernlefpriis is Stichting Friesland Pop.
Kêst 12 Pyt van der Zeepriis
-
1. Alle regisseurs, produsinten, adviseurs, kostúmûntwerpers, foarstellingen, toanielspilers, toanielselskippen, toanielbewurkers, toanieloersetters of toanielskriuwers kinne foar de Pyt van der Zeepriis yn oanmerking komme as oan de neikommende betingsten foldien wurdt:
- a.
It giet om in útsûnderlike prestaasje fan in persoan/groep of de persoan/groep is hieltyd wer fan tafoege wearde yn it amateurteäter yn Fryslân.
- a.
-
2. De prestaasje wurdt beoardiele mei help fan de neikommende beoardielingskritearia:
- a.
Tafoeging yn de dynamyk fan it amateurteäter;
- b.
Fuortsterking fan de spankrêft fan it amateurteäter;
- c.
Autentisiteit / eigenheid;
- d.
Artistike sizzenskip yn it amateurteäter;
- e.
Fuortsterking fan de mienskip troch it amateurteäter.
- a.
-
3. De oanbelangjende eksterne organisaasje fan de Pyt van der Zeepriis is Keunstwurk.
Kêst 13 dr. Joast Halbertsmapriis
-
1. Alle wittenskippers kinne foar de dr. Joast Halbertsmapriis yn oanmerking komme as oan de neikommende betingsten foldien wurdt:
- a.
It giet om wurken op it mêd fan histoaryske wittenskippen, taalwittenskip, literatuerwittenskip en sosjale wittenskip;
- b.
It giet om wittenskippers wêrby’t it ûndersyksmêd in dúdlike relaasje mei de provinsje Fryslân hat;
- c.
It giet om wurken dy’t oant uterlik fjouwer folle kalinderjierren foar de earstkommende ynskriuwing fan de priis realisearre binne.
- a.
-
2. It dielnimmen is troch ynskriuwing of op foardracht, dy’t troch de oanbelangjende eksterne organisaasje organisearre wurdt.
-
3. De ynskriuwer of de foardroegen wittenskipper moat it wurk yn trijefâld oanleverje.
-
4. It tal ynstjoerings of foardrachten de wittenskipper is ta twa beheind.
-
5. Der is gjin maksimum foar it tal nominearren dy’t troch de sjuery oanwiisd wurde.
-
6. De priis wurdt yn de tsjerke yn Grou útrikt.
-
7. It wurk wurdt beoardiele mei help fan de neikommende beoardielingskritearia:
- a.
Kwaliteit fan it wurk;
- b.
It moat fernijend wêze yn oanpak of ynhâldlike nije ynsichten;
- c.
Yn hoefier’t it fan provinsjaal en nasjonaal belang is.
- a.
-
8. In oeuvre wurdt beoardiele mei help fan de neikommende beoardielingskritearia:
- a.
Kwaliteit fan de wurken;
- b.
Untjouwing fan de wittenskipper;
- c.
Ympakt fan de wurken.
- a.
-
9. De oanbelangjende eksterne organisaasje fan de dr. Joast Halbertsmapriis is Tresoar.
Kêst 14 GERRIT BENNER priis
-
1. Alle byldzjende keunstners fan alle dissiplinen kinne foar de GERRIT BENNER priis yn oanmerking komme as oan de neikommende betingsten foldien wurdt:
- a.
It giet om keunstners dy’t yn ‘e provinsje Fryslân wurkje;
- b.
It giet om keunstners dy’t yn ‘e provinsje Fryslân wenje (as it om in oeuvrepriis giet, ferfalt dizze betingst);
- c.
It giet om wurken dy’t oant uterlik twa folle kalinderjierren foar de earstkommende ynskriuwing fan de priis realisearre binne (as it om in oeuvrepriis giet, ferfalt dizze betingst);
- d.
De priis wurdt om bar foar in resint(e) (searje fan) wurk(en) of in oeuvre útkeard.
- a.
-
2. It dielnimmen is troch ynskriuwing, dy’t troch de oanbelangjende eksterne organisaasje organisearre wurdt.
-
3. De foarsitter fan de advyskommisje is in keunsthistoarikus.
-
4. It (De) resinte (searje fan) wurk(en) wurdt mei help fan de neikommende beoardielingskritearia beoardiele:
- a.
Byldzjend fermogen
- b.
Orizjinaliteit fan it wurk
- c.
Feardigens
- d.
Sizzenskrêft fan it wurk
- e.
Gearhing tusken boppeneamde eigenskippen.
- a.
-
5. In oeuvre wurdt beoardiele mei help fan de neikommende beoardielingskritearia:
- a.
De neamde beoardielingskritearia ûnder 14.4;
- b.
Yn hoefier’t lange tiid op kwalitatyf nivo wurke is;
- c.
(Ynter)nasjonale útstrieling
- a.
-
6. Neist it prizejild ûntfangt de winner in promoasje- en ûntwikkelbudzjet fan op syn meast 5000 euro foar it befoarderjen of stimulearjen fan de byldzjende keunst yn de provinsje. Dat budzjet is troch de winner frij te besteegjen as it oan dat doel bydraacht.
-
7. Under ferantwurdlikheid fan it Fries Museum wurdt in presintaasje út it wurk fan de winnende keunstner gearstald. Dy presintaasje wurdt yn kombinaasje mei de priisútrikking iepene.
-
8. De oanbelangjende eksterne organisaasje fan de GERRIT BENNER priis is Keunstwurk.
Kêst 15 Vredeman de Vries priis foar Arsjitektuer
-
1. Alle kombinaasjes fan opdrachtjouwer en arsjitekt, arsjitekteteam of arsjitekteburo kinne foar de Vredeman de Vries priis foar Arsjitektuer yn oanmerking komme as oan de neikommende betingsten foldien wurdt:
- a.
It arsjitektoanysk bouwurk moat binnen de termyn fan twa jier foar de earstkommende ynskriuwing realisearre wêze;
- b.
It eigendomsrjocht fan it arsjitektoanysk bouwurk moat by (ien fan de leden fan) de dielnimmende kombinaasje berêste;
- c.
It arsjitektoanysk bouwurk moat yn de provinsje Fryslân realisearre wêze.
- a.
-
2. It dielnimmen is troch ynskriuwing, dy’t troch de oanbelangjende eksterne organisaasje organisearre wurdt.
-
3. It tal ynstjoerings de ûntwerper of opdrachtjouwer is ta twa beheind.
-
4. It wurk wurdt mei help fan de neikommende beoardielingskritearia beoardiele:
- a.
Artistisiteit;
- b.
Maatskiplike en ekonomyske relevânsje;
- c.
Untwerpproses;
- d.
Konsept en idee;
- e.
Kwaliteit;
- f.
Duorsumens;
- g.
Gearhing tusken boppesteande eigenskippen;
- h.
Gearwurking tusken opdrachtjouwer en opdrachtnimmer.
- a.
-
5. Der kinne op syn meast 6 nominearren troch de sjuery oanwiisd wurde.
-
6. Neist it prizejild ûntfangt de winner in promoasje- of ûntwikkelbudzjet fan op syn meast 5000 euro om de belangstelling foar arsjitektuer en de beboude omjouwing yn de Fryske kontekst by in breed publyk te stimulearjen en te fergrutsjen. It budzjet is foar de winner frij te besteegjen as it oan dat doel bydraacht.
-
7. De oanbelangjende eksterne organisaasje fan de Vredeman de Vries priis foar Arsjitektuer is Keunstwurk.
Kêst 16 Vredeman de Vries priis foar Foarmjouwing en Design
-
1. Alle selsstannige sels-produsearjende foarmjouwers of kombinaasjes fan opdrachtjouwer en ûntwerper kinne foar de Vredeman de Vries priis foar Foarmjouwing en Design yn oanmerking komme as oan de neikommende betingsten foldien wurdt:
- a.
It wurk moat binnen de termyn fan twa jier foar de earstkommende ynskriuwing realisearre wêze;
- b.
It eigendomsrjocht fan it wurk moat by de sels-produsearjende foarmjouwer of by (ien fan de leden fan) de dielnimmende kombinaasje berêste;
- c.
De sels-produsearjende foarmjouwer of (ien fan de leden fan) de dielnimmende kombinaasje moat yn Fryslân fêstige wêze en/of it wurk moat yn Fryslân realisearre wêze.
- a.
-
2. It dielnimmen is troch ynskriuwing dy’t troch de oanbelangjende eksterne organisaasje organisearre wurdt.
-
3. It tal ynstjoerings de ûntwerper of opdrachtjouwer is ta twa beheind.
-
4. It wurk wurdt mei help fan de neikommende beoardielingskritearia beoardiele:
- a.
Artistike kwaliteit;
- b.
Maatskiplike en ekonomyske relevânsje;
- c.
Brûkberens;
- d.
Untwerpproses;
- e.
Konsept en idee;
- f.
Duorsumens (fan konsept oant materiaalgebrûk);
- g.
De gearhing tusken boppeneamde eigenskippen.
- a.
-
5. Der kinne op syn meast 6 nominearren troch de sjuery oanwiisd wurde.
-
6. Neist it prizejild ûntfangt de winner in promoasje- of ûntwikkelbudzjet fan op syn meast 5000 euro foar it stimulearjen fan it foarmjouwersklimaat yn de provinsje. It budzjet is foar de winner frij te besteegjen as it oan dat doel bydraacht.
-
7. De oanbelangjende eksterne organisaasje fan de Vredeman de Vries priis foar Foarmjouwing en Design is Keunstwurk.
Kêst 17 Anita Andriesen priis
-
1. Alle kombinaasjes fan opdrachtjouwer en opdrachtnimmer kinne foar de Anita Andriesen priis yn oanmerking komme as oan de neikommende betingsten foldien wurdt:
- a.
It wurk moat binnen de termyn fan fjouwer jier foar de earstkommende ynskriuwing realisearre wêze;
- b.
It wurk hat laat ta in konkreet resultaat en/of posityf effekt op de romtlike kwaliteit yn Fryslân;
- c.
It wurk slút oan by it tema. It tema wurdt by de oprop om diel te nimmen troch de provinsje/eksterne organisaasje bekend makke.
- d.
It yntellektuele eigendomsrjocht fan de ynstjoering moat by (ien fan) de dielnimmers berêste.
- a.
-
2. It dielnimmen is troch ynskriuwing dy’t troch de oanbelangjende eksterne organisaasje organisearre wurdt.
-
3. De advyskommisje foar de Anita Andriesen priis stelt foarôfgeand oan de ynskriuwing in tema fêst, dêr’t de ynskriuwings oan beoardiele wurde sille.
-
4. It tal ynstjoerings de kombinaasje is ta twa beheind.
-
5. It wurk wurdt mei help fan de neikommende beoardielingskritearia beoardiele:
- a.
Yn hoefier’t it wurk oanslút op it tema dat troch de sjuery jûn is;
- b.
De bydrage fan it wurk oan de romtlike kwaliteit, rekken hâldend mei duorsume ûntwikkelingsdoelen, de Global Goals for Sustainable Development;
- c.
De wize wêrop’t it wurk foarmjûn en realisearre is;
- d.
De wize wêrop’t en yn hoefier’t bewenners, brûkers en/of oare direkt belanghawwenden by de foarmjouwing en/of realisaasje behelle binne;
- e.
Of en yn hoefier’t der sprake is fan signifikante eigenskippen of aspekten, of fan in tafoege wearde dy’t boppe alles út giet, wêrtroch’t in projekt him útdruklik fan oare ynstjoerings ûnderskiedt.
- a.
-
6. Underdiel fan de beoardieling is in fjildbesite.
-
7. Der kinne op syn meast 5 nominearren troch de sjuery oanwiisd wurde.
-
8. It prizejild, mei in hichte fan 10.000 euro, moat ynset wurde foar in publyksevenemint wêrmei’t de ynwenners fan Fryslân yn ‘e kunde komme kinne mei romtlike kwaliteit troch it perspektyf fan de winner.
-
9. De oanbelangjende eksterne organisaasje fan de Anita Andriesen priis is Keunstwurk.
Kêst 18 Els Veder-Smit priis
-
1. Alle persoanen kinne foar de Els Veder-Smit priis yn oanmerking komme as oan de neikommende betingsten foldien wurdt:
- a.
Se hawwe harren fertsjinstlik makke om de posysje en rol fan froulju yn de polityk yn Fryslân te ferbetterjen;
- b.
Se moatte fan ûnbesprutsen gedrach wêze.
- a.
-
2. It dielnimmen is op foardracht dy’t troch de oanbelangjende eksterne organisaasje organisearre wurdt.
-
3. Elkenien mei op syn minst twa persoanen foar de priis foardrage.
-
4. Ien fan de advyskommisjeleden is in famyljelid fan Els Veder-Smit.
-
5. De winner fan de Els Veder-Smit priis wurdt yn de gelegenheid steld om ien kear in sit yn de advyskommisje fan de earstkommende priis te nimmen. Yn ôfwiking fan kêst 1, lid 7 bestiet de advyskommisje dan út in even tal leden. As de stimmen stake jout de stim fan de foarsitter de trochslach.
-
6. De fertsjinsten wurde mei help fan de neikommende beoardielingskritearia beoardiele:
- a.
Boechbyld of rolmodel;
- b.
Ympakt en wapenfeiten;
- c.
Polityk aktyf;
- d.
Tal foardrachten en ûnderbouwing fan de foardracht.
- a.
-
7. De oanbelangjende eksterne organisaasje fan de Els Veder-Smit priis is Stichting Tûmba.
Kêst 19 Grutte Pier priis
Reservearre
Kêst 20 Dichter fan Fryslân
-
1. Alle skriuwers en dichters kinne ta Dichter fan Fryslân beneamd wurde as oan de neikommende betingsten foldien wurdt:
- a.
De persoan hat net earder Dichter fan Fryslân west;
- b.
De skriuwer of dichter hat in dúdlike relaasje mei Fryslân.
- a.
-
2. De advyskommisje basearret syn kar foar beneaming mei help fan de neikommende beoardielingskritearia:
-
3. Kwaliteit;
- a.
Eigensinnigens en orizjinaliteit;
- b.
Meartaligens;
- c.
Performance;
- d.
Ferskaat en ynklusiviteit;
- e.
Affiniteit mei de byldzjende keunsten of oare keunstfoarmen.
- a.
-
4. Nei beneaming kriget de Dichter fan Fryslân it fersyk om in offerte te skriuwen. Underdiel fan dy offerte binne yn alle gefallen de jierlikse bydrage fan € 2.500,- en alle jierren op syn minst seis en op syn meast tsien Frysktalige gedichten fan € 250,- it stik en alle jierren op syn minst twa en op syn meast tsien optredens fan € 265,- it optreden as Dichter fan Fryslân. Oare aktiviteiten yn dy offerte binne troch de Dichter fan Fryslân yn oerlis mei de provinsje Fryslân frij yn te foljen, mar drage by oan de rol fan poëtysk ambassadeur yn de provinsje.
-
5. De oanbelangjende eksterne organisaasje fan de Dichter fan Fryslân is Afûk.
Kêst 21 Einbepalingen
-
1. Oer de ynstjoerings, foardrachten, nominearren, de foardroegen advyskommisje, it rapport fan de advyskommisje en it beslút fan Deputearre Steaten kin net korrespondearre wurde.
-
2. Dit reglemint kin oanhelle wurde as ‘Reglemint provinsjale prizen en beneaming, provinsje Fryslân 2022’.
-
3. Dit reglemint giet yn op de earste dei nei it bekend meitsjen yn it Provinciaal Blad.
-
4. Mei yngong fan deselde datum wurde it Reglemint GERRIT BENNER priis foar Byldzjende Keunst, Reglemint Dichter fan Fryslân, Reglemint foar dielnimmen Anita Andriesenpriis, Reglemint Vredeman de Vriespriis foar Foarmjouwing, it Reglemint Vredeman de Vriespriis foar Arsjitektuer en it Reglemint Els Veder-Smit priis ynlutsen.
-
5. Yn situaasjes dêr’t dit reglemint net yn foarsjocht, beslute Deputearre Steaten.
Ondertekening
Ljouwert, 20 septimber 2022
Foarsitter, drs. A.A.M. Brok
Sekretaris, A. Schepers
Ziet u een fout in deze regeling?
Bent u van mening dat de inhoud niet juist is? Neem dan contact op met de organisatie die de regelgeving heeft gepubliceerd. Deze organisatie is namelijk zelf verantwoordelijk voor de inhoud van de regelgeving. De naam van de organisatie ziet u bovenaan de regelgeving. De contactgegevens van de organisatie kunt u hier opzoeken: organisaties.overheid.nl.
Werkt de website of een link niet goed? Stuur dan een e-mail naar regelgeving@overheid.nl