Subsidieregeling Flexpool versnelling voorfase woningbouw provincie Fryslân

Geldend van 22-10-2021 t/m heden

Intitulé

Subsidieregeling Flexpool versnelling voorfase woningbouw provincie Fryslân

Deputearre Steaten fan Fryslân,

Sjoen de ‘Subsidieregeling Flexpool versnelling voorfase woningbouw provincie Fryslân’,

Beslute as neikommend:

Kêst 1 Subsydzjeplafond en iepenstelling

  • a. It subsydzjeplafond is € 250.000, jildt fan 25 oktober 2021 oant en mei 31 desimber 2022.

  • b. Oanfragen kinne fan 25 oktober 2021 oant en mei 31 desimber 2022 yntsjinne wurde.

  • c. Oanfragen wurde yntsjinne mei it troch Deputearre Steaten fêststelde oanfraachformulier.

Kêst 2 Hoe wurde de finansjele middels ferdield?

De middels, lykas bepaald yn kêst 1, earste lid, wurde ferdield neffens itjinge dat bepaald is yn kêst 13 fan de Subsidieregeling Flexpool voorfase woningbouw provincie Fryslân.

Kêst 3 Slotbepalingen

Dit beslút wordt oanhelle as Subsydzjeplafond en Iepenstelling Versnelling voorfase 2021 en wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn set is.

Ondertekening

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 12 oktober 2021.

Foarsitter drs. A.A.M. Brok

Sekretaris R.E. Bouius - Riemersma, MBA MCM