Permanente link
Naar de actuele versie van de regeling
http://lokaleregelgeving.overheid.nl/CVDR646786
Naar de door u bekeken versie
http://lokaleregelgeving.overheid.nl/CVDR646786/1
Feroardering Frysk by Wetterskip Fryslân
Geldend van 27-11-2020 t/m heden
Intitulé
Feroardering Frysk by Wetterskip FryslânNei it lêzen fan it útstel fan it deistich bestjoer;
mei it each op artikel 5, kêst 1 Wet gebrûk Fryske taal;
beslút it algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân
om fêst te stellen de taalferoardering Frysk by Wetterskip Fryslân wêryn regele wurdt it brûken fan de Fryske taal sawol yn it skriftlik as it mûnling ferkear.
Artikel 1: Begrypsbepalingen
Yn dizze feroardering wurdt ferstien ûnder:
- a.
Bestjoersorganen: it algemien bestjoer, it deistich bestjoer, de dykgraaf en ek de persoanen dy’t ûnder harren ferantwurdlikens wurkje;
- b.
Twataligens: kar foar de Nederlânske of de Fryske taal;
Artikel 2: Taalkar
- 1.
Elkenien kin de Fryske of de Nederlânske taal brûke yn it mûnlinge en skriftlike ferkear mei bestjoersorganen.
- 2.
De bestjoersorganen kieze yn begjinsel foar twataligens.
- 3.
3 Yn in spesifike sitewaasjes kin it bestjoersorgaan by de taalkar rekken hâlde mei it stribjen om de posysje fan de Fryske taal yn it grutste part fan har wurkgebiet te fersterkjen.
Artikel 3: Skriftlik ferkear
- 1.
Of it moat wêze dat it gebrûk fan de Nederlânske of Fryske taal foarskreaun is, oars binne bestjoersorganen frij yn de kar oft hja in skriftlik stik opstelle yn de Fryske taal of de Nederlânske taal.
- 2.
De taalkar yn in troch bestjoersorganen ûntfongen stik is bepalend foar de taalkar fan, troch of út namme fan harren op te stellen korrespondinsje.
- 3.
Yn alle gefallen wurdt der rekken mei holden dat net yn it hiele wurkgebiet fan Wetterskip Fryslân de Fryske taal brûkt wurdt.
Artikel 4: Oersetregeling
- 1.
Yn gefal dat in skriftlik stik yn de Fryske taal opsteld is, jout it bestjoersorgaan op fersyk in oersetting yn de Nederlânske taal.
- 2.
De oersettingen wurde fergees levere.
- 3.
Yn it gefal fan ynterpretaasjeferskillen is de tekst yn it oarspronklike stik beskiedend.
Artikel 5: Mûnling ferkear
- 1.
By klantkontakten is de taalkar fan de klant liedend. Dit jildt yn it bysûnder foar klantkontakten fia de telefoan (algemien nûmmer) en oan de baly. De telefoan wurdt yn it Frysk opnommen. Dejinge dy’t skillet as oan de baly ferskynt hoecht him net te ferbrekken.
Artikel 6: Beliedsplan
- 1.
Yn it beliedsplan sa as dat foarskreaun wurdt yn de Wet gebrûk Fryske taal (art. 5 kêst 2) wurdt omskreaun hoe’t foldien wurdt oan de eask ta fersterkjen fan de posysje fan it Frysk (kêst 1 fan artikel 5 fan de Wet gebrûk Fryske taal.)
Artikel 7 Unreedlikensklausule
Yn bysûndere omstannichheden wêrby’t de tapassing fan dizze feroardering nei de miening fan in bestjoersorgaan ta ûnreedlikens laat, kin it bestjoersorgaan motivearre ôfwike fan it bepaalde yn ‘e feroardering.
Artikel 8: Slotbepalingen
- 1.
De Feroardering Frysk yn it skriftlik ferkear by Wetterskip Fryslân fan 23 maart 2010 wurdt ynlutsen
- 2.
Dizze feroardering giet yn op de dei nei't er bekend makke is.
- 3.
Dizze feroardering kin oanhelle wurde as Feroardering Frysk by Wetterskip Fryslân
Ondertekening
Sa fêststeld yn de gearkomste fan it Algemien bestjoer fan Wetterskip Fryslân op 6 oktober 2020
L.M.B.C. Kroon, dykgraaf
O. Bijlsma, sekretaris
Algemiene taljochting
Algemienetaljochting
Mei it ynfieren fan de Wet gebrûk Fryske taal binne de mooglikheden foar it brûken fan it Frysk yn it (formele) rjochtsferkear en it (formele) bestjoerlik ferkear fersterke. De wet bepaalt yn kêst 2 dat it Frysk en it Nederlânsk oanmurken wurde as de twa offisjele talen fan de provinsje Fryslân.
Frysk as minderheidstaal ynEuropeeskperspektyf
Yn ûnderskate ynternasjonale ferdraggen is de posysje fan de Friezen en it Frysk as offisjele taal erkend. Nederlân hat earst it Europeesk Hânfêst foar regionale talen of talen fan minderheden (Trb. 1993, 1 en 199; 1998, 20) oannommen. Mei dat hânfêst hat it Nederlânske regear him ferplichte om it Frysk as twadde offisjele taal yn de provinsje Fryslân te befoarderjen en yn stân te hâlden. Boppedat hat Nederlân op 16 febrewaris 2005 it Ramtferdrach oangeande de beskerming fan nasjonale minderheden (Trb. 1995, 73 en 197) ratifisearre. Dat ferdrach is foar ús lân yngien op 1 juny 2005. By it goedkarren fan it wetsútstel ta ratifikaasje fan dat ferdrach binne regear en parlemint oerienkommen dat it Ramtferdrach allinnich fan tapassing wêze sil op de Friezen yn Nederlân. De Wet gebrûk Fryske taal beheint him (dêrom) inkeld ta it Frysk en it Nederlânsk. De feroardering beheint him ek ta dy beide offisjele talen.
Feroardering en beliedsplan
De Wet gebrûk Fryske taal skriuwt foar dat de yn de provinsje Fryslân fêstige bestjoersorganen dy’t net ta de sintrale oerheid hearre, regels opstelle oer it brûken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken en yn it mûnling ferkear (meielkoar: ‘it bestjoerlik ferkear’). Yn dy regels moatte yn alle gefallen bepalingen stean dy’t rjochte binne op it fersterkjen fan de posysje fan de Fryske taal binnen it wurkgebiet fan it oanbelangjende bestjoersorgaan (kêst 5, earste lid, fan de wet). Foar bestjoersorganen lyk as it wetterskip wurdt dy regeling by feroardering fêststeld. Dêrnjonken moatte de bestjoersorganen in beliedsplan oer it brûken fan de Fryske taal opstelle (kêst 5, twadde lid, fan de wet). Ek dêryn is fersjoen.
Ziet u een fout in deze regeling?
Bent u van mening dat de inhoud niet juist is? Neem dan contact op met de organisatie die de regelgeving heeft gepubliceerd. Deze organisatie is namelijk zelf verantwoordelijk voor de inhoud van de regelgeving. De naam van de organisatie ziet u bovenaan de regelgeving. De contactgegevens van de organisatie kunt u hier opzoeken: organisaties.overheid.nl.
Werkt de website of een link niet goed? Stuur dan een e-mail naar regelgeving@overheid.nl