Feroardering fan de ried fan Achtkarspelen oer it gebruk fan de Fryske taal 2017

Geldend van 01-05-2017 t/m heden

Intitulé

Feroardering fan de ried fan Achtkarspelen oer it gebruk fan de Fryske taal 2017

De gemeenteried fan de gemeente Achtkarspelen;

nei it lêzen fan it útstel fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan 17 maart 2017;

mei it each op artikel 5, earste lid, fan de Wet gebrûk Fryske taal;

beslút om fêst te stellen de

Taalferoardering Fryskgemeente Achtkarspelen 2017

Artikel 1 Begrypsbepalingen

Yn dizze feroardering wurdt ferstien ûnder:

  • 1.

    bestjoersorganen: de ried, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders en de boargemaster, en ek de persoanen dy’t ûnder harren ferantwurdlikens wurkje;

  • 2.

    twataligens: kar foar de Nederlânske óf de Fryske taal.

Artikel 2 Taalkar

  • 1. Elkenien kin de Fryske of de Nederlânske taal brûke yn it mûnlinge en skriftlike ferkear mei bestjoersorganen.

  • 2. De bestjoersorganen kieze yn begjinsel foar twataligens.

  • 3. By de taalkar yn in spesifike situaasje hâlde de bestjoersorganen rekken mei it stribjen om de posysje fan de Fryske taal yn harren wurkgebiet te fersterkjen.

Artikel 3 Skriftlik ferkear

  • 1. Of it moat wêze dat it gebrûk fan de Nederlânske of Fryske taal foarskreaun is, oars binne bestjoersorganen frij yn de kar oft hja in skriftlik stik opstelle yn de Fryske taal of de Nederlânske taal.

  • 2. De taalkar yn in troch bestjoersorganen ûntfongen stik is bepalend foar de taalkar fan, troch of út namme fan harren op te stellen korrespondinsje.

  • 3. Oars as yn it earste lid brûke bestjoersorganen de Fryske taal by it opstellen fan korrespondinsje mei oerheden dêr’t de gemeente in yntinsjeferklearring oangeande it brûken fan it Frysk yn it skriftlik ferkear mei sletten hat.

Artikel 4 Oersetregeling

  • 1. Yn it gefal dat in skriftlik stik yn de Fryske taal opsteld is, jout it bestjoersorgaan op fersyk in oersetting yn de Nederlânske taal.

  • 2. De oersettingen wurde fergees levere.

  • 3. Yn it gefal fan ynterpretaasjeferskillen jout de tekst yn it oarspronklike stik de trochslach.

Artikel 5 Mûnling ferkear

By klantekontakten is de taalkar fan de klant liedend. Dat jildt yn it bysûnder foar klantekontakten fia de telefoan of oan de baly. De telefoan wurdt yn it Frysk opnommen. Klanten hoege har net te ferbrekken.

Artikel 6 Hurdheidsklausule

Yn bysûndere omstannichheden wêrby’t de tapassing fan dizze feroardering nei de miening fan in bestjoersorgaan ta ûnridlikens laat, kin it bestjoersorgaan motivearre ôfwike fan it bepaalde yn ‘e feroardering.

Artikel 7 Slotbepalingen

Artikel 7 Slotbepalingen

  • 1.

    Dizze feroardering giet yn op 1 maaie 2017.

  • 2.

    De ‘Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Achtkarspelen’ fan 23 septimber 2010 wurdt ynlutsen.

  • 3.

    Dizze feroardering kin oanhelle wurde as 'Taalferoardering Frysk gemeente Achtkarspelen 2017’.

Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 6 april 2017.

mefr. J. van Hoppe MPM G. Gerbrandy

griffier foarsitter