Permanente link
Naar de actuele versie van de regeling
http://lokaleregelgeving.overheid.nl/CVDR31720
Naar de door u bekeken versie
http://lokaleregelgeving.overheid.nl/CVDR31720/1
Regeling vervallen per 01-01-2020
Oardering oer it brûken fan de Fryske taal yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Littenseradiel
Geldend van 01-10-2001 t/m 31-12-2019
Intitulé
Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente LittenseradielDe rie fan de gemeente Littenseradiel;
lêzen it útstel fan boargemaster en wethâlders fan 14 augustus 2001;
heard it advys fan de kommisje Bestjoer & Finânsjes d.d 27 augustus 2001;
yn omtinken nimmende dat it brûken fan de Fryske taal yn it offisjele ferkear stipe wurdt troch de gemeente;
omtinken jaande oan artikel 147 lid 1 fan de Gemeentewet;
omtinken jaande oan ôfdieling 2.2 en yn it bysûnder artikel 2:9 lid 1 fan de
Algemene wet bestuursrecht;
b e s l ú t :
om de neikommende oardering oer it brûken fan de Fryske taal yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Littenseradiel fêst te stellen.
Artikel 1: definysjes
Yn dizze oardering wurdt ferstien ûnder:
- ·
twataligens: kar foar de Nederlânske of de Fryske taal;
- ·
bestjoersorganen: gemeenterie, it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, en de boargemaster.
Artikel 2: berik fan de oardering
Dizze oardering regelet it brûken fan de Fryske taal yn skriftlike stikken fan de gemeente Littenseradiel.
Artikel 3: rjocht fan taalkar
De bestjoersorganen hawwe it rjocht om te kiezen foar it brûken fan de Fryske taal, foarsafier’t dat rjocht net beheind wurdt troch wetlike bepalings.
Artikel 4: taalkar
De bestjoersorganen kieze foar it begjinsel fan twataligens.
Artikel 5: kritearia taalkar
By de taalkar wurdt yn alle gefallen rekken hâlden mei:
- a.
de taalkarkritearia sa’t dy dellein binne yn artikel 2:10 fan de Algemene wet bestuursrecht;
- b.
it belang om deselde taal te brûken as dêr’t it bestjoersorgaan yn oanskreaun is (folgjend taalbelied);
- c.
de kontinuiteit fan de taalkar;
- d.
de bestimming fan de dokuminten;
- e.
de konsiderâns fan ôfdieling 2.2 fan de Algemene wet bestuursrecht: “groter gewicht toe te kennen aan de beginselen van gelijke behandeling en gelijkwaardigheid van de Friese taal in de provincie Friesland.”
Artikel 6: oersetregeling
-
1. Is in dokumint yn de Fryske taal steld, dan jout it bestjoersorgaan op fersyk in Nederlânsktalige oersetting.
-
2. By in wiermerkte Nederlânske oersetting fan stikken dy’t allinnich yn de Fryske taal steld binne, jout de oarspronklike Fryske tekst by ynterpretaasjeferskillen de trochslach.
-
3. Foar in oersetting as bedoeld yn it earste lid kin in fergoeding frege wurde.
-
4. It bedrach fan de fergoeding wurdt berekkene op grûn fan bepalings út de leezjesoardering, mar mei net mear wêze as de kosten.
-
5. In oersetting, as bedoeld yn it earste lid, wurdt fergees jûn as it giet om:
- a.
de notulen fan de gearkomste fan in fertsjintwurdigjend orgaan, en it belang fan de fersiker streekrjocht belutsen is by wat notulearre is, of de notulen fan in fertsjintwurdigjend orgaan, as yn dy notulen algemien ferbinende foarskriften of beliedsregels fêststeld binne;
- b.
in beslút of oare hanneling dêr’t de fersiker belanghawwende by is.
- a.
Artikel 7: ridlikheidsklausule
Yn bysûndere omstannichheden, dêr’t de tapassing fan dizze oardering nei de miening fan in bestjoersorgaan ta ûnridlikens laat, kin it bestjoersorgaan motivearre ôfwike fan it bepaalde yn ’e oardering.
Artikel 8: slotbepalings
-
1. Dizze oardering giet yn op 1 oktober 2001.
-
2. Dizze oardering kin oanhelle wurde as “Oardering Frysk yn it skriftlik ferkear fan de gemeente Littenseradiel”.
Ondertekening
Wommels, 10 septimber 2001
De ried niisneamd,
,foarsitter
,siktaris
Ziet u een fout in deze regeling?
Bent u van mening dat de inhoud niet juist is? Neem dan contact op met de organisatie die de regelgeving heeft gepubliceerd. Deze organisatie is namelijk zelf verantwoordelijk voor de inhoud van de regelgeving. De naam van de organisatie ziet u bovenaan de regelgeving. De contactgegevens van de organisatie kunt u hier opzoeken: organisaties.overheid.nl.
Werkt de website of een link niet goed? Stuur dan een e-mail naar regelgeving@overheid.nl