Regeling vervalt per 01-07-2026

Iepenstellingsbeslút Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2025

Geldend van 13-06-2025 t/m 30-06-2026

Intitulé

Iepenstellingsbeslút Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2025

Deputearre Steaten fan Fryslân,

mei it each op kêst 1.3, tredde lid, fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2022, en kêst 5 fan de fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2025,

BESLUTE:

It Iepenstellingsbeslút Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2025 as folget fêst te stellen:

Kêst 1 Subsydzjeplafonds

  • a.

    It subsydzjeplafond foar de yn kêst 3, ûnderdiel a fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2025 neamde subsidiabele aktiviteiten bedraacht € 80.000,-.

  • b.

    De dielplafonds foar de yn kêst 3, ûnderdiel b fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal neamde subsidiabele aktiviteiten binne fêststeld op:

  • Gemeente

    Deelplafonds

    Achtkarspelen

    €27.451,-

    Dantumadiel

    €25.351,-

    Eaststellingwerf

    €26.851,-

    De Fryske Marren

    €33.154,-

    Harns

    €24.601,-

    Hearrenfean

    €33.154,-

    Ljouwert

    €51.613,-

    Noardeast-Fryslân

    €31.653,-

    Opsterlân

    €27.902,-

    Smellingerlân

    €34.355,-

    Súdwest-Fryslân

    €42.459,-

    Tytsjerksteradiel

    €28.502,-

    Waadhoeke

    €31.954,-

    Totaal

    €419.000,-

  • c.

    It subsydzjeplafond foar de yn kêst 3, ûnderdiel c fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2025 neamde subsidiabele aktiviteiten bedraacht € 60.000,-.

Kêst 2 Aanvraagperiode en verdeelsystematiek Oanfraachperioade en ferdielsystematyk

  • a.

    It yn kêst 1 neamde subsydzjeplafonds jilden foar oanfragen dy’t ûntfongen binne yn de iepenstellingsperioade fan 23 juni 2025 oant en mei 10 desimber 2025.

  • b.

    De ferdieling fan de middels bart neffens kêst 7 fan de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2025.

  • c.

    Deputearre Steaten meie, nei it sluten fan de iepenstellingsperioade, de dielplafonds feroarje.

Kêst 3 Yngean

Dit beslút wurdt fan krêft mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal blad, dêr’t it yn pleatst is.

Kêst 4 Wurkingsdoer en oergongsrjocht

  • a.

    Dit beslút ta iepenstelling ferfalt op 1 july 2026.

  • b.

    Dit beslút ta iepenstelling bliuwt, fan de yn it earste lid neamde ferfaldatum ôf, fan krêft oangeande subsydzje-oanfragen dy’t ûntfongen binne yn de iepenstellingsperioade lykas neamd yn kêst 2 fan dizze regeling.

Kêst 5 Siteartitel

Dizze regeling wurdt oanhelle as Iepenstellingsbeslút Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal 2025.

Ondertekening

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 3 juni 2025.

Drs. A.A.M. Brok, foarsitter

Drs. ing. J. Algra, sekretaris