Beslút fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân fan 31 augustus 2021, oangeande de fêststelling fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter

Geldend van 16-02-2023 t/m heden met terugwerkende kracht vanaf 13-02-2023

Intitulé

Beslút fan Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân fan 31 augustus 2021, oangeande de fêststelling fan de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter

Deputearre Steaten fan Fryslân,

mei it each op kêst 1.3, fjirde lid, fan de Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013;

oerwagende dat it yn it ramt fan it Taalplan Frysk-2030 winsklik is om de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis troch subsydzje fuort te sterkjen, sadat alle skoallen yn it Fryske taalgebiet de kearndoelen foar it Frysk uterlik yn 2030 oanbiede;

beslute:

de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter as neikomt fêst te stellen:

Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter

Haadstik 1 Algemiene bepalings

Kêst 1.1 Begrypsbepalings

Yn dizze regeling en de bepalings dy’t dêrop berêste, wurdt ferstien ûnder:

  • a.

    Asv: Algemiene subsydzjeferoardering provinsje Fryslân 2013;

  • b.

    Awb: Algemene wet bestuursrecht;

  • c.

    Fryske taal: it Frysk of in streektaal, dy’t yn Fryslân noch brûkt wurdt;

  • d.

    ferfangen: it ferfangen fan in learkrêft, dosint, ûnderwiisstiper of al as net pedagogysk meiwurker foarskoalske opfang dy’t in skoallingsaktiviteit of opliedingsaktiviteit rjochte op de Fryske taal en kultuer of meartaligedidaktyk folgje sil. Dat ferfangen bart troch it tydlik yn leantsjinst nimmen of ynhieren fan in ferfanger dy’t lykweardich is oan it te ferfangen personielslid sadat de wurksumheden net ûnderbrutsen wurde;

  • e.

    frijroasterjen: in personielslid fan in skoalle tiid jaan om op ien of oare wize it Frysk ûnderwiis te ferbetterjen, bygelyks troch it ûntwikkeljen fan materiaal, it ymplemintearjen fan it taalbeliedsplan, it dielnimmen oan kongressen, it ferfangen fan in learkrêft om in oplieding te folgjen, ensafuorthinne;

  • f.

    hardware: oanwêzige ynboel yn in skoalgebou, lykas tafels, stuollen, kofjekopkes, pinnen, kompjûters, digibuorden, tablets, ensafuorthinne;

  • g.

    kultueredukaasje: it yn groepsferbân doelbewust ûntdekken fan de Fryske taal, natuer, kultuer en skiednis yn of bûten skoalle;

  • h.

    meiwurker: persoan dy’t by de rjochtsfoarm fan de oanfreger detasjearre is as payroller of útstjoerkrêft op basis fan respektivelik in payrolloerienkomst of útstjoeroerienkomst, en dêr wurk docht;

  • i.

    opliedingsaktiviteit: it folgjen en mei in diploma ôfsluten fan in foltiidske of dieltiidske oplieding rjochte op Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk oan de NHL Stenden Hogeschool of de Rijksuniversiteit Groningen;

  • j.

    saakkundige: entiteit dy’t op grûn fan oplieding of ûnderfining kwalifisearre achte wurde moat om in skoallingsaktiviteit yn it ramt fan dizze regeling te fersoargjen. De saakkundige is ûnôfhinklik en stiet yn it hannelsregister ynskreaun;

  • k.

    sertifisearre foarskoalske opfanglokaasje: lokaasje foar organisearre opfang foar bern yn de âldens fan 0-4 jier dy’t by Stifting Frysktalige Berne Opfang op syn minst yn nivo 3 fan it sertifisearringstrajekt sitte om in twatalige opfang te wurden;

  • l.

    skoallingsaktiviteit: aktiviteit dy’t oanbean wurdt troch in saakkundige yn de foarm fan in training, seminar of kursus yn de Fryske taal of kultuer of meartalige didaktyk oars as de ûnder i. neamde opliedingsaktiviteit;

  • m.

    skoallingsbewiis: in diploma, sertifikaat of bewiis fan dielnimmen dat nei it dielnimmen oan in oplieding, training, seminar of kursus jûn wurdt;

  • n.

    ûnderwiisstiper: de wurknimmer dy’t taken útfiert, dy’t stypjend binne by de lessen en op it mêd fan learlingbegelieding, ûnder ferantwurdlikheid fan in learkrêft en dy’t de ûnderwiistarieding stipet;

  • o.

    wurknimmer: persoan dy’t op basis fan in fêste of tydlike arbeidsoerienkomst arbeid ferrjochtet by de rjochtsfoarm fan de oanfreger en dêr lean foar kriget.

Kêst 1.2 Doel

Mei dizze subsydzjeregeling wurdt it jaan en yntegrearjen fan de Fryske taal en kultuer yn de foarskoalske opfanglokaasjes en it ûnderwiis mei in folslein en kwalitatyf oanbod, wêrby’t it ûnderwiispersoniel it foech hat en betûft is om dat út te fieren, stimulearre.

Kêst 1.3 Oanfreger

  • 1. Subsydzje kin oanfrege wurde troch in foechhawwend persoan, lykas bepaald yn de Wet op it primêr ûnderwiis, Wet op it fuortset ûnderwiis en Wet op it heger en wittenskiplik ûnderwiis, dy’t ferbûn is oan in yn de provinsje Fryslân fêstige sertifisearre foarskoalske opfanglokaasje, of skoallen yn it basisûnderwiis, fuortset ûnderwiis, spesjaal basisûnderwiis en spesjaal ûnderwiis, praktykûnderwiis, middelber of heger beropsûnderwiis of yn it wittenskiplik ûnderwiis.

Kêst 1.4 Oanfraach

  • 1. In oanfraach foar in subsydzje wurdt binnen in troch Deputearre Steaten fêststelde oanfraachperioade ûntfongen.

  • 2. De oanfraach wurdt mei it troch Deputearre Steaten fêststelde oanfraachformulier en alle ferplichte taheakken yntsjinne.

  • 3. Deselde oanfreger kin foar in fêstigingslokaasje foar in oanfraachperioade, lykas neamd yn it earste lid, op syn heechst twa kear yn it ramt fan dizze regeling foar twa of mear aktiviteiten subsydzje oanfreegje.

Kêst 1.5 Ferdielsystematyk

  • 1. As in subsydzje-oanfraach noch net folslein is, jildt foar it fêststellen fan de ûnderlinge oardering foar de ferdieling fan it subsydzje de dei dat de subsydzje-oanfraach folslein is as datum fan ynkommen.

  • 2. Driget op in dei dat der oer it subsydzjeplafond hinne gien wurdt, dan kriget de oardering fan de op dy dei ynkommen folsleine subsydzje-oanfragen troch lotsjen syn beslach.

Kêst 1.6 Wegeringsgrûnen

In subsydzje wurdt yn alle gefallen wegere as:

  • a.

    de oanfreger net yn de doelgroep fan de regeling falt;

  • b.

    de oanfreger yn deselde oanfraachperioade, lykas yn kêst 1.4, earste lid neamd, al twa oanfragen yntsjinne hat, lykas neamd yn kêst 1.4, tredde lid;

  • c.

    de aktiviteit net foldocht oan ien of mear fan de hifkingskritearia dy’t beskreaun steane yn kêst 2.2, 3.2 en 4.2;

  • d.

    der terjochte reden bestiet dat de aktiviteit yn finansjele, organisatoaryske of technyske sin net te heljen is;

  • e.

    foar deselde aktiviteit dêr’t subsydzje foar oanfrege is, al earder in subsydzje troch de provinsje Fryslân of in oare ynstânsje beskikber steld is;

  • f.

    in oanfraach bûten de oanfraachperioade, lykas neamd yn kêst 1.4, earste lid, ûntfongen wurdt;

  • g.

    as de aktiviteit nei it oardiel fan Deputearre Steaten net genôch op it befoarderjen fan it oanbod Fryske taal en kultuer rjochte is.

Haadstik 2: Foarskoalske sektor

Kêst 2.1 Subsidiabele aktiviteiten

Deputearre Steaten kinne op oanfraach in kostesubsydzje foar ien of mear fan de neikommende aktiviteiten fan de oanfreger beskikber stelle:

  • a.

    it troch ien of mear pedagogysk meiwurkers of pedagogysk wurknimmers dielnimmen oan in skoallings- of opliedingsaktiviteit op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk mei it each op it fuortsterkjen of fergrutsjen fan de posysje fan it Frysk op de foarskoalske lokaasje;

  • b.

    it oanskaffen fan Frysktalige fysike of digitale lêsboeken, lesmetoaden of oar ûnderwiismateriaal, as dat nedich is om it Frysk in yntegraal plak te jaan yn it aktiviteite-oanbod;

  • c.

    it dielnimmen yn organisearre groepsferbân oan in aktiviteit mei as eachmerk kultueredukaasje;

  • d.

    It ferfangen fan in wurknimmer of meiwurker om dizze persoan by steat te stellen in kursus of oplieding folgje te litten op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk mei it each op it fuortsterkjen of fergrutsjen fan de posysje fan it Frysk op de foarskoalske lokaasje.

Kêst 2.2 Hifkingskritearia

  • 1. Om foar in kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in skoallings- of opliedingsaktiviteit lykas fêststeld yn kêst 2.1, ûnder a, wurdt foldien oan de neikommende kritearia:

    • a.

      de skoallings- of opliedingsaktiviteit wurdt inkeld en allinne folge troch ien of meardere by de oanfreger wurkjende pedagogysk meiwurkers of pedagogysk wurknimmers;

    • b.

      de oanfreger toant goedernôch oan dat der ferlet is fan it folgjen fan de skoallings- of opliedingsaktiviteit foar it ferbetterjen fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer of de meartalige didaktyk;

    • c.

      de skoallings- of opliedingsaktiviteit wurdt troch in dêrta kwalifisearre saakkundige fersoarge;

    • d.

      De skoallings- of opliedingsaktiviteit wurdt ôfsletten mei in skoallingsbewiis, diploma of sertifikaat.

  • 2. Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.1, ûnder b, wurdt oan it neikommende kritearium foldien:

    de oan te skaffen nije lesmetoaden, lêsboeken of oar ûnderwiismateriaal binne oantoanber nedich foar it fersoargjen fan de ûnderwiistaak yn, of oer it Frysk en binne noch net of noch net genôch oanwêzich;

  • 3. Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.1, ûnder c, wurdt oan it neikommende kritearium foldien:

    der is sprake fan in organisearre aktiviteit kultueredukaasje yn groepsferbân.

  • 4. Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.1, ûnder d, wurdt oan it neikommende kritearium foldien:

    De pedagogysk meiwurker of wurknimmer fan de foarskoalske lokaasje wurdt lykweardich ferfongen om in skoalling of oplieding folgje te kinnen op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk mei it each op it fuortsterkjen of fergrutsjen fan de posysje fan it Frysk op de foarskoalske lokaasje, sadat de wurksumheden fan de pedagogysk meiwurker of wurknimmer net ûnderbrutsen wurde.

Kêst 2.3 Subsidiabele kosten

  • 1. Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.1, ûnder a, komme foar subsydzje yn oanmerking, de kosten fan it dielnimmen oan in oplieding, training, seminar of kursus troch wurknimmers of meiwurkers fan de rjochtsfoarm fan de oanfreger.

  • 2. Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.1, ûnder b, komme foar subsydzje yn oanmerking de kosten fan it oanskaffen fan fysike of digitale ûnderwiismetoaden, lêsboeken of oar ûnderwiismateriaal.

  • 3. Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.1, ûnder c, komme foar subsydzje yn oanmerking de streekrjochte kosten, en de wurklik makke en betelle reiskosten foar maksimaal 50% dy’t makke wurde yn it oantoanber dielnimmen oan in aktiviteit rjochte op kultueredukaasje yn of oer de Fryske taal en kultuer.

  • 4. Foar kosten lykas neamd yn it earste, twadde of tredde lid dêr’t ferplichtings foar oangien binne foar it ûntfangen fan de oanfraach, op syn heechst trije moannen foarôfgeand oan de iepenstelling lykas neamd yn kêst 1.4, earste lid, kin yn ôfwiking fan itjinge dat fêststeld is yn kêst 1.10, earste lid, oanhef en ûnderdiel h, fan de Algemene subsidieverordening 2013, subsydzje ferliend wurde.

  • 5. Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.1, ûnder d, komme foar subsydzje yn oanmerking it tal oeren dat de pedagogysk meiwurker of wurknimmer ferfongen wurde moat om in skoallings- of opliedingsaktiviteit folgje te kinnen.

Kêst 2.4 Net-subsidiabele kosten

Unfermindere wat yn kêst 1.10 fan de Asv 2013 fêststeld is, komme de neikommende kosten net foar subsydzje yn oanmerking:

  • a.

    salariskosten fan regulier ûnderwiispersoniel;

  • b.

    reistiid;

  • c.

    de oanskaf fan direkt of yndirekt ûnderwiismateriaal of hardware dat net foar it befoarderjen fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer brûkt wurde kin;

  • d.

    de kosten dy’t ferbân hâlde mei festiviteiten, mar net daliks as doel hawwe de Fryske taal en kultuer te befoarderjen;

  • e.

    omsetbelesting is allinne mar subsidiabel foar safier’t it troch de oanfreger net ferrekkene wurde kin.

Kêst 2.5 Maksimale subsydzje en persintaazjes

  • 1. It subsydzje bedraacht as neikomt:

    • a.

      foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 2.1, ûnder a, 100% fan de subsidiabele kosten;

    • b.

      foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 2.1, ûnder b, 100% fan de subsidiabele kosten;

    • c.

      foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 2.1, ûnder c, 100% fan de subsidiabele kosten en 50% fan de wurklik makke en betelle reiskosten;

    • d.

      foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 2.1, ûnder d, € 20,- it oere.

  • 2. It totaal neffens it earste lid beskikber te stellen subsydzjebedrach bedraacht op syn heechst € 5.000,- de oanfraach.

Kêst 2.6 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

Unfermindere de ferplichtings dy’t út de Awb en de kêsten 2.13 en 2.14 fan de Asv 2013 folgje, is de subsydzjeûntfanger ferplichte om:

  • a.

    it projekt binnen in termyn fan tolve moanne fan de datum fan de beskikking ta fêststelling ôf te realisearjen;

  • b.

    as net foldien wurde kin oan de ûnder a neamde ferplichting kin de útfieringstermyn fan it projekt mei maksimaal seis moanne, of yn gefal fan opliedingsaktiviteit fjouwer jier, ferlinge wurde as dêrta in skriftlik en ûnderboud fersyk yntsjinne wurdt op syn minst ien moanne foarôfgeand oan it ôfrinnen fan de termyn;

  • c.

    kosten fan de subsidiearre aktiviteit sels te meitsjen en te beteljen;

  • d.

    de kosten fan de útfiering fan it projekt op in dúdlike wize yn de administraasje fan de subsydzjeûntfanger wer te jaan, te ûnderskieden nei de ferskate, yn de beskikking ta subsydzjefêststelling ûnderskate subsidiabele kosten;

  • e.

    as dêr om frege wurdt, nei it ferstriken fan de eindatum fan de subsidiearre aktiviteit of nei it realisearjen fan de subsidiearre aktiviteit, oan te toanen dat de aktiviteit neffens de oanfraach syn beslach krige hat en dat oan de subsydzjefêststelling ferbûne ferplichtings foldien is.

Kêst 2.7 Fêststelling en ferantwurding

  • 1. In kostesubsydzje dy’t beskikber steld wurdt op grûn fan dizze paragraaf wurdt daliks fêststeld.

  • 2. Yn gefal fan in fersyk as fêststeld yn kêst 2.6 oanhef en ûnder f, jout de subsydzjeûntfanger alle troch Deputearre Steaten opfrege ynformaasje, mei dêrûnder yn alle gefallen:

    • a.

      kopyen fan faktueren en betelbewizen oangeande de makke en betelle kosten fan de subsidiearre aktiviteit;

    • b.

      as subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.1, ûnder a:

      kopyen fan de beskikber stelde skoallingsbewizen dy’t oan wurknimmers of meiwurkers fan de foarskoalske opfang útrikt binne;

    • c.

      as subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 2.1, ûnder d: bewiis fan dielnimmen oan in skoalling of oplieding as ferantwurding fan de ferfanging en kopyen fan de arbeidsoerienkomst en leanbriefkes fan de tydlik yn tsjinst nommen wurknimmer of de ynhieroerienkomst, faktueren of betelbewizen fan de ynhierde meiwurker.

  • 3. It net foldwaan oan it twadde lid fan dit kêst, liedt yn alle gefallen ta it ynlûken fan de subsydzjefêststelling en ta it weromfoarderjen fan it fêststelde subsydzjebedrach by de subsydzjeûntfanger.

Haadstik 3: Primêr, fuortset, spesjaal basis, spesjaal en praktyk ûnderwiis

Kêst 3.1 Subsidiabele aktiviteiten

Deputearre Steaten kinne op oanfraach in kostesubsydzje foar ien of mear fan de neikommende aktiviteiten fan de oanfreger beskikber stelle:

  • a.

    it troch ien of mear meiwurkers of wurknimmers dielnimmen oan in skoallings- of opliedingsaktiviteit op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk mei it each op it fuortsterkjen of fergrutsjen fan de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis;

  • b.

    it oanskaffen fan fysike of digitale lêsboeken, lesmetoaden of oar ûnderwiismateriaal yn of oer de Fryske taal of kultuer dy’t nedich binne om it Frysk ûnderwiis oanbiede te kinnen;

  • c.

    it dielnimmen yn organisearre groepsferbân oan in aktiviteit mei as eachmerk kultueredukaasje;

  • d.

    It frijroasterjen fan in wurknimmer of meiwurker om it Frysk yn it ûnderwiis te ferbetterjen.

Kêst 3.2 Hifkingskritearia

  • 1. Om foar in kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in skoallings- of opliedingsaktiviteit lykas fêststeld yn kêst 3.1, ûnder a, wurdt foldien oan de neikommende kritearia:

    • a.

      de skoallings- of opliedingsaktiviteit wurdt inkeld en allinne folge troch ien of mear learkrêften, dosinten of ûnderwiisstipers fan in skoalle yn it, al as net spesjaal, basisûnderwiis of al as net spesjaal, fuortset ûnderwiis of yn it praktykûnderwiis;

    • b.

      de oanfreger toant goedernôch oan dat der ferlet is fan it folgjen fan de skoallings- of opliedingsaktiviteit foar it ferbetterjen fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer of de meartalige didaktyk;

    • c.

      de skoallings- of opliedingsaktiviteit wurdt troch in dêrta kwalifisearre saakkundige fersoarge;

    • d.

      De skoallings- of opliedingsaktiviteit wurdt ôfsletten mei in skoallingsbewiis, diploma of sertifikaat.

  • 2. Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 3.1, ûnder b, wurdt oan it neikommende kritearium foldien:

    de oan te skaffen nije lesmetoaden, lêsboeken of oar ûnderwiismateriaal binne oantoanber nedich foar it fersoargjen fan de ûnderwiistaak yn, of oer it Frysk en binne noch net of noch net genôch oanwêzich.

  • 3. Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 3.1, ûnder c, wurdt oan it neikommende kritearium foldien:

    der is sprake fan in organisearre aktiviteit kultueredukaasje yn groepsferbân.

  • 4. Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar it frijroasterjen fan in wurknimmer of meiwurker lykas fêststeld yn kêst 3.1, ûnder d, wurdt oan it neikommende kritearia foldien:

    De wurksumheden dy’t yn de frijroastere tiid dien wurde sille, hawwe as doel it ferbetterjen fan it Frysk yn it ûnderwiis.

Kêst 3.3 Subsidiabele kosten

  • 1. Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 3.1, ûnder a, komme foar subsydzje yn oanmerking, de kosten fan it dielnimmen oan in oplieding, training, seminar of kursus troch wurknimmers fan de rjochtsfoarm fan de oanfreger.

  • 2. Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 3.1, ûnder b, komme foar subsydzje yn oanmerking de kosten fan it oanskaffen fan fysike of digitale ûnderwiismetoaden, lêsboeken of oar ûnderwiismateriaal yn de Fryske taal of oer de Fryske kultuer.

  • 3. Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 3.1, ûnder c, komme foar subsydzje yn oanmerking de streekrjochte kosten, en de wurklik makke en betelle reiskosten foar maksimaal 50%, dy’t makke wurde yn it oantoanber dielnimmen oan in aktiviteit rjochte op kultueredukaasje yn of oer de Fryske taal en kultuer.

  • 4. Foar kosten lykas neamd yn it earste, twadde of tredde lid dêr't ferplichtings foar oangien binne foar it ûntfangen fan de oanfraach, op syn heechst trije moannen foarôfgeand oan de iepenstelling lykas neamd yn kêst 1.4, earste lid, kin yn ôfwiking fan itjinge dat fêststeld is yn kêst 1.10, earste lid, oanhef en ûnderdiel h, fan de Algemene subsidieverordening 2013, subsydzje ferliend wurde.

  • 5. Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 3.1, ûnder d, komme foar subsydzje yn oanmerking, it tal oeren fan it frij te roasterjen personielslid dat brûkt wurde sil om it Frysk yn it ûnderwiis te ferbetterjen.

Kêst 3.4 Net-subsidiabele kosten

Unfermindere wat yn kêst 1.10 fan de Asv 2013 fêststeld is, komme de neikommende kosten net foar subsydzje yn oanmerking:

  • a.

    salariskosten fan regulier ûnderwiispersoniel;

  • b.

    reguliere wurksumheden fan it ûnderwiispersoniel;

  • c.

    reiskosten en reistiid;

  • d.

    de oanskaf fan direkt of yndirekt ûnderwiismateriaal of hardware dat net foar it befoarderjen fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer brûkt wurde kin;

  • e.

    de kosten dy’t ferbân hâlde mei festiviteiten, mar net daliks as doel hawwe de Fryske taal en kultuer te befoarderjen;

  • f.

    omsetbelesting is allinne mar subsidiabel foar safier’t it troch de oanfreger net ferrekkene wurde kin.

Kêst 3.5 Maksimale subsydzje en persintaazjes

De subsydzje bedraacht as neikomt:

  • a.

    foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 3.1, ûnder a, 100% fan de subsidiabele kosten;

  • b.

    foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 3.1, ûnder b, 100% fan de subsidiabele kosten;

  • c.

    foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 3.1, ûnder c, 100% fan de subsidiabele kosten en 50% fan de wurklik makke en betelle reiskosten;

  • d.

    foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 2.1, ûnder d, € 40,- it oere.

  • 2.

    It totaal neffens it earste lid beskikber te stellen subsydzjebedrach bedraacht op syn heechst € 15.000,- de oanfraach.

Kêst 3.6 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

Unfermindere de ferplichtings dy’t út de Awb en de kêsten 2.13 en 2.14 fan de Asv 2013 folgje, is de subsydzjeûntfanger ferplichte om:

  • a.

    it projekt binnen in termyn fan tolve moanne fan de datum fan de beskikking ta fêststelling ôf te realisearjen;

  • b.

    as net foldien wurde kin oan de ûnder a neamde ferplichting kin de útfieringstermyn fan it projekt mei maksimaal seis moanne, of yn gefal fan opliedingsaktiviteit fjouwer jier, ferlinge wurde as dêrta in skriftlik en ûnderboud fersyk yntsjinne wurdt op syn minst ien moanne foarôfgeand oan it ôfrinnen fan de termyn;

  • c.

    kosten fan de subsidiearre aktiviteit sels te meitsjen en te beteljen;

  • d.

    de kosten fan de útfiering fan it projekt op in dúdlike wize yn de administraasje fan de subsydzjeûntfanger wer te jaan, te ûnderskieden nei de ferskate, yn de beskikking ta subsydzjefêststelling ûnderskate subsidiabele kosten;

  • e.

    as dêr om frege wurdt, nei it ferstriken fan de eindatum fan de subsidiearre aktiviteit of nei it realisearjen fan de subsidiearre aktiviteit, oan te toanen dat de aktiviteit neffens de oanfraach syn beslach krige hat en dat oan de subsydzjefêststelling ferbûne ferplichtings foldien is.

Kêst 3.7 Fêststelling en ferantwurding

  • 1. In kostesubsydzje dy’t beskikber steld wurdt op grûn fan dizze paragraaf wurdt daliks fêststeld.

  • 2. Yn gefal fan in fersyk as fêststeld yn kêst 3.6 oanhef en ûnder f, jout de subsydzjeûntfanger alle troch Deputearre Steaten opfrege ynformaasje, mei dêrûnder yn alle gefallen:

    • a.

      kopyen fan faktueren en betelbewizen oangeande de makke en betelle kosten fan de subsidiearre aktiviteit;

    • b.

      as subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 3.1, ûnder a:

      kopyen fan de beskikber stelde skoallingsbewizen dy’t oan wurknimmers fan de skoalle útrikt binne;

    • c.

      as subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 3.1, ûnder d: ferantwurding fan de frijroastere oeren of kopyen fan de arbeidsoerienkomst en leanbriefkes fan de tydlik yn tsjinst nommen wurknimmer of de ynhieroerienkomst, faktueren of betelbewizen fan de ynhierde meiwurker yn it gefal de wurknimmer of meiwurker ferfongen wurden is.

  • 3. It net foldwaan oan it twadde lid fan dit kêst, liedt yn alle gefallen ta it ynlûken fan de subsydzjefêststelling en ta it werom foarderjen fan it fêststelde subsydzjebedrach by de subsydzjeûntfanger.

Haadstik 4: mbû, hbû, wû, RUG

Kêst 4.1 Subsidiabele aktiviteiten

Deputearre Steaten kinne op oanfraach in kostesubsydzje foar ien of mear fan de neikommende aktiviteiten fan de oanfreger beskikber stelle:

  • a.

    it troch ien of mear meiwurkers of wurknimmers dielnimmen oan in skoallings- of opliedingsaktiviteit op it mêd fan de Fryske taal en kultuer of meartalige didaktyk mei it each op it fuortsterkjen of fergrutsjen fan de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis;

  • b.

    it oanskaffen fan fysike of digitale lêsboeken, lesmetoaden of oar ûnderwiismateriaal yn of oer de Fryske taal of kultuer dy’t nedich binne om it Frysk ûnderwiis oanbiede te kinnen;

  • c.

    it dielnimmen yn organisearre groepsferbân oan in aktiviteit mei as eachmerk kultueredukaasje;

  • d.

    It frijroasterjen fan in wurknimmer of meiwurker om it Frysk yn it ûnderwiis te ferbetterjen.

Kêst 4.2 Hifkingskritearia

  • 1. Om foar in kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in skoallings- of opliedingsaktiviteit lykas fêststeld yn kêst 4.1, ûnder a, wurdt foldien oan de neikommende kritearia:

    • a.

      de skoallings- of opliedingsaktiviteit wurdt inkeld en allinne folge troch ien of mear learkrêften, dosinten of ûnderwiisstipers yn it middelber beropsûnderwiis, it heger beropsûnderwiis of it wittenskiplik beropsûnderwiis;

    • b.

      de oanfreger toant goedernôch oan dat der ferlet is fan it folgjen fan de skoallings- of opliedingsaktiviteit foar it ferbetterjen fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer of de meartalige didaktyk;

    • c.

      de skoallings- of opliedingsaktiviteit wurdt troch in dêrta kwalifisearre saakkundige fersoarge;

    • d.

      De skoallings- of opliedingsaktiviteit wurdt ôfsletten mei in skoallingsbewiis, diploma of sertifikaat.

  • 2. Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 4.1, ûnder b, wurdt oan it neikommende kritearium foldien:

    de oan te skaffen nije lesmetoaden, lêsboeken of oar ûnderwiismateriaal yn it Frysk binne oantoanber nedich foar it fersoargjen fan de ûnderwiistaak yn, of oer it Frysk en binne noch net of noch net genôch oanwêzich.

  • 3. Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 4.1, ûnder c, wurdt oan it neikommende kritearium foldien:

    der is sprake fan in organisearre aktiviteit kultueredukaasje yn groepsferbân.

  • 4. Om foar kostesubsydzje yn oanmerking te kommen foar it frijroasterjen fan in wurknimmer of meiwurker lykas fêststeld yn kêst 3.1, ûnder d, wurdt oan it neikommende kritearium foldien:

    De wurksumheden dy’t yn de frijroastere tiid dien wurde sille, hawwe as doel it ferbetterjen fan it Frysk yn it ûnderwiis.

Kêst 4.3 Subsidiabele kosten

  • 1. Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 4.1, ûnder a, komme foar subsydzje yn oanmerking, de kosten fan it dielnimmen oan in oplieding, training, seminar of kursus troch wurknimmers of meiwurkers fan de rjochtsfoarm fan de oanfreger.

  • 2. Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 4.1, ûnder b, komme foar subsydzje yn oanmerking de kosten fan it oanskaffen fan fysike of digitale ûnderwiismetoaden, lêsboeken of oar ûnderwiismateriaal yn of oer de Fryske taal en kultuer.

  • 3. Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 4.1, ûnder c, komme foar subsydzje yn oanmerking de en de wurklik makke en betelle reiskosten foar maksimaal 50%, dy’t makke wurde yn it oantoanber dielnimmen oan in aktiviteit rjochte op kultueredukaasje yn of oer de Fryske taal en kultuer.

  • 4. Foar kosten lykas neamd yn it earste, twadde of tredde lid dêr't ferplichtings foar oangien binne foar it ûntfangen fan de oanfraach, op syn heechst trije moannen foarôfgeand oan de iepenstelling lykas neamd yn kêst 1.4, earste lid, kin yn ôfwiking fan itjinge dat fêststeld is yn kêst 1.10, earste lid, oanhef en ûnderdiel h, fan de Algemene subsidieverordening 2013, subsydzje ferliend wurde.

  • 5. Foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 4.1, ûnder d, komme foar subsydzje yn oanmerking, it oantal oeren fan it frij te roasterjen personielslid dat brûkt wurde sil om it Frysk yn it ûnderwiis te ferbetterjen.

Kêst 4.4 Net-subsidiabele kosten

Unfermindere wat yn kêst 1.10 fan de Asv 2013 fêststeld is, komme de neikommende kosten net foar subsydzje yn oanmerking:

  • a.

    salariskosten fan regulier ûnderwiispersoniel;

  • b.

    reguliere wurksumheden fan it ûnderwiispersoniel;

  • c.

    reiskosten en reistiid;

  • d.

    de oanskaf fan direkt of yndirekt ûnderwiismateriaal of hardware dat net foar it befoarderjen fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en kultuer brûkt wurde kin;

  • e.

    de kosten dy’t ferbân hâlde mei festiviteiten, mar net daliks as doel hawwe de Fryske taal en kultuer te befoarderjen;

  • f.

    omsetbelesting is allinne mar subsidiabel foar safier’t it troch de oanfreger net ferrekkene wurde kin.

Kêst 4.5 Maksimale subsydzje en persintaazjes

  • 3. De subsydzje bedraacht as neikomt:

    • a.

      foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 4.1, ûnder a, 100% fan de subsidiabele kosten;

    • b.

      foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 4.1, ûnder b, 100% fan de subsidiabele kosten;

    • c.

      foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 4.1, ûnder c, 100% fan de subsidiabele kosten en 50% fan de wurklik makke en betelle reiskosten;

    • d.

      foar in aktiviteit, as fêststeld yn kêst 2.1, ûnder d, € 50,- it oere.

  • 4. It totaal neffens it earste lid beskikber te stellen subsydzjebedrach bedraacht op syn heechst € 20.000,- de oanfraach.

Kêst 4.6 Ferplichtings fan de subsydzjeûntfanger

Unfermindere de ferplichtings dy’t út de Awb en de kêsten 2.13 en 2.14 fan de Asv 2013 folgje, is de subsydzjeûntfanger ferplichte om:

  • a.

    it projekt binnen in termyn fan achttjin moanne fan de datum fan de beskikking ta fêststelling ôf te realisearjen;

  • b.

    as net foldien wurde kin oan de ûnder a neamde ferplichting kin de útfieringstermyn fan it projekt mei maksimaal seis moanne, of yn gefal fan opliedingsaktiviteit fjouwer jier, ferlinge wurde as dêrta in skriftlik en ûnderboud fersyk yntsjinne wurdt op syn minst ien moanne foarôfgeand oan it ôfrinnen fan de termyn;

  • c.

    kosten fan de subsidiearre aktiviteit sels te meitsjen en te beteljen;

  • d.

    de kosten fan de útfiering fan it projekt op in dúdlike wize yn de administraasje fan de subsydzjeûntfanger wer te jaan, te ûnderskieden nei de ferskate, yn de beskikking ta subsydzjefêststelling ûnderskate subsidiabele kosten;

  • e.

    as dêr om frege wurdt, nei it ferstriken fan de eindatum fan de subsidiearre aktiviteit of nei it realisearjen fan de subsidiearre aktiviteit, oan te toanen dat de aktiviteit neffens de oanfraach syn beslach krige hat en dat oan de subsydzjefêststelling ferbûne ferplichtings foldien is.

Kêst 4.7 Fêststelling en ferantwurding

  • 1. In kostesubsydzje dy’t beskikber steld wurdt op grûn fan dizze paragraaf wurdt daliks fêststeld.

  • 2. Yn gefal fan in fersyk as fêststeld yn kêst 4.6 oanhef en ûnder f, jout de subsydzjeûntfanger alle troch Deputearre Steaten opfrege ynformaasje, mei dêrûnder yn alle gefallen:

    • a.

      kopyen fan faktueren en betelbewizen oangeande de makke en betelle kosten fan de subsidiearre aktiviteit;

    • b.

      as subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 4.1, ûnder a:

      kopyen fan de beskikber stelde skoallingsbewizen dy’t oan wurknimmers fan de skoalle útrikt binne;

    • c.

      as subsydzje beskikber steld is foar in aktiviteit as fêststeld yn kêst 4.1, ûnder d: ferantwurding fan de frijroastere oeren of kopyen fan de arbeidsoerienkomst en leanbriefkes fan de tydlik yn tsjinst nommen wurknimmer of de ynhieroerienkomst, faktueren of betelbewizen fan de ynhierde meiwurker yn it gefal de wurknimmer of meiwurker ferfongen wurden is.

  • 3. It net foldwaan oan it twadde lid fan dit kêst, liedt yn alle gefallen ta it ynlûken fan de subsydzjefêststelling en ta it werom foarderjen fan it fêststelde subsydzjebedrach by de subsydzjeûntfanger.

Haadstik 5 Slotbepalings

Kêst 5.1 Oergongsrjocht

  • 1. De Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter 2021-2024 fan foargeande iepenstelling wurdt ynlutsen.

  • 2. Subsydzjes út de foargeande iepenstelling wurde ôfrekkene neffens de bepalings út de subsydzjeregeling wêrûnder’t sy beskikber steld binne.

Kêst 5.2 It yngean

Dizze regeling giet yn mei yngong fan de dei nei de datum fan útjefte fan it Provinciaal Blad dêr’t sy yn pleatst wurdt.

Kêst 5.3 Siteartitel

Dizze regeling wurdt oanhelle as: Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter.

Ondertekening

Sa fêststeld yn de gearkomste fan Deputearre Steaten fan Fryslân fan 31 augustus 2021

drs. A.A.M. Brok, foarsitter

R.E. Bouius – Riemersma, MBA MCM, sekretaris

Taljochting op de Subsydzjeregeling Frysk foar no en letter

Dizze regeling fasilitearret it ûnderwiisfjild yn de rânebetingsten om goed Frysk ûnderwiis jaan te kinnen. Under Frysk fersteane wy de Fryske taal, of in aktyf brûkte streektaal yn Fryslân. Dêrby kin tocht wurde oan it oanskaffen fan kwalitatyf goed ûnderwiismateriaal, it profesjonalisearjen fan de learkrêften of it frijroasterjen fan in taalkoördinator om it Frysk yn it taalbeliedsplan op te nimmen en te ymplemintearjen.

Oanfreger

De Wpû, Wfû en Whwû, bepale dat de direkteur it foech hat te hanneljen út namme fan de skoalle foar û.o. Managementtaken. Wy sjogge dy ynfolling ek tapasber op it foech om subsydzje út ûnderlizzende regeling oan te freegjen, sjoen it feit dat dat ûnderdiel útmakket fan it stal jaan fan it fak Frysk yn it ûnderwiis.

Oanfraachformulier

Lês foar it ynfoljen fan it formulier de regeling goed troch. Krús de aktiviteiten oan dêr’t jo subsydzje foar oanfreegje wolle. Folje alle fragen yn dy’t mei dy aktiviteiten te krijen hawwe en jou yn de taheakke dúdlik oan wêrom’t dy aktiviteiten it Frysk op in heger nivo bringe of hâlde kinne.

As jo subsydzje oanfreegje foar materiaal of foar kulturele aktiviteiten dan fersykje wy jo in offerte of de faktuer by it oanfraachformulier ta te heakjen. Op dy wize is it dúdlik wat de kosten krekt binne en kin jo subsydzje dêrop basearre wurde.

Meartaligens

Ek foar meartaligens kin subsydzje oanfrege wurde as it Frysk dêr in ûnderdiel fan is, bygelyks trije-talige materialen. Jou yn de taheakke dúdlik oan dat it om meartaligens giet en op hokker wize dat it Frysk ûnderwiis stipet.

Materiaal

Under de subsidiabele aktiviteit ‘materiaal’ kin, neist les- en lêsmateriaal, ek tocht wurde oan faktydskriften of oar materiaal wêrmei’t it personiel it hanneljen ferbetterje kin oangeande it Frysk ûnderwiis.

It materiaal mei ek brûkt wurde om oare fakken yn it Frysk oanbiede te kinnen.

Kulturele aktiviteiten

’By kulturele aktiviteiten kin ek tocht wurde oan erfgoed, histoarje of natuer. As de link mei Fryslân of de Fryske taal en kultuer mar dúdlik makke wurde kin. Jou dat yn de taljochting oan.’ tafoege: ’Foar safier't der sprake is fan it bekostigjen fan groepsferfier, falle dy kosten net ûnder net-subsidiabele kosten, lykas bepaald ûnder artikel 2.4, oanhef en ûnder b. Dêrby jildt dat allinnich werklike en betelle kosten subsidiabel steld wurde.

Ferfange

De subsidiabele aktiviteit ferfange, lykas beneamd yn kêst 2.1 ûnder d, hat as doel personiel by steat te stellen in skoalling of oplieding ûnder wurktiid te folgjen. Mei it subsydzje kin dan foar in part in lykweardige ferfanger ynhierd wurde.

Frijroasterjen

Yn de haadstikken 3 en 4 is der gjin aparte aktiviteit foar it ferfangen, mar kin dat oanfrege wurde ûnder de aktiviteit frijroasterje. Dy aktiviteit is net allinnich bedoeld om in personielslid te ferfangen yn it gefal dat in skoalling of oplieding ûnder wurktiid falt, mar om in personielslid tiid te jaan om it Frysk ûnderwiis te ferbetterjen op allegear ferskate wizen.

Der kin tocht wurde oan it opstellen en ymplemintearjen fan it taalbeliedsplan, it bywenjen fan kongressen, it ûntwikkeljen fan lesmateriaal, it organisearjen fan aktiviteiten foar bygelyks lêsbefoardering, it netwurkjen mei oare skoallen mar ek tiid om as gastsprekker oer it Frysk ûnderwiis wat te fertellen, ensafuorthinne. Yn de taheakke by it oanfraachformulier moat dúdlik oanjûn wurde wat der yn de frijroastere tiid dien wurde sil, hoefolle oeren dêr krekt foar nedich binne en hoe’t dit it Frysk ferbetteret.

De berekkening fan it bedrach it oere is basearre op it gemiddeld oerelean. Der is sjoen nei de CAO fan de sektor, de funksje en de skaal dy't fan tapassing is by in learkrêft, dosint, of pedagogysk meiwurker. Op basis hjirfan is in gemiddeld bedrach berekkene.

Help by it yntsjinjen fan in oanfraach

Hawwe jo fragen oer it yntsjinjen fan in oanfraach? Binne jo bygelyks net wis oft de plannen dy’t jim hawwe al as net subsidiabel binne? Nim dan kontakt op mei it klante kontakt sintrum fan de provinsje Fryslân fia 058 – 292 59 25 of stjoer in e-mail nei provincie@fryslan.frl.